De Tsjerne. Jaargang 3(1948)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 219] [p. 219] Poetysk presint Anne Wadman: Treastfers fan in konfrater In lokwinsk is in ûndernimmen, nuodlik as in gedicht, in speech, in blomryk wurd. Lit in man swije en smoke, njuet en guodlik, prûmkje byneed, en stoarje yn 'e hurd. De dichters dream foel úttard fan syn stokje. It fol healpoun waerd ta hwat eintsjegrús. De dichters klomje gear om 't lêste slokje en sitte yn komités, of snoarkje thús. Hawar, hwat let it, - fyftich, sechtich, mear.... Foar swijend stoarjen bliuwt altyd wol tiid oer. En hat it libben net de glâns mear fan alear, - wy bliuwe trou, mei 'n blink fan 't âlde striidfjûr. En komt yn 't lêst ús Maet, wy fûstkje ôf en huffe elkoar foar 't alderlêst op 't skouder. Lead om âld iisder: rotsjend op it hôf, - of skurve gloarje op 'e rommelsouder. Vorige Volgende