De Tsjerne. Jaargang 3
(1948)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd
[pagina 216]
| |
D.A. Tamminga:
| |
[pagina 217]
| |
hoecht net fier socht to wurden. Yn pleats fan it foar de leek foarmlike en bistjurre tsjerkelatyn wie it ommers de eigene folks-tael dy't - yn Frankryk, yn Hollân - mei tongen as fan fjûr it hert fan 'e leauwige protestant biroerde. Allinne yn Fryslân, dat âlde Kalvinistysk bolwurk, hat de reformearre tsjerke de tael fan it folk doe gjin acht slein. Dat mei faeks histoarysk of psychologysk forklearber wêze, it bliuwt lykswol foar it Fryske folk fan nou in like drôvich as ûndaeiber feit. Under dit aspekt hat Fedde Schurer's nije psalmbiriming dan ek it karakter fan in protestantsk korrektyf: d.w.s. hja is in died fan protest. Net dat dit psalmboek, fan âlds in spring-ier fan godsbitrouwen en kristlik offensyf, ornearre wêze soe foar politici-to-fjilde om by ‘ús folk’ de sypsaed fan 'e politike hertstochten oan it buoljen to bringen. Mar hja giet, troch har forskining allinne al, yn it forset tsjin in misse tradysje dy't him hjir 400 jier lyn al foarme hat en dy't de Fries yn it godstsjinstige en tsjerklike syn eigen lânstael ûntkeart. Hja hawwe in oanklacht yn, dizze psalmen; hja hâlde de tsjerken fan 'e Reformaesje yn Fryslân in dûbele spegel foer: sjoch, sa hie it earen moatten! en: sa moat it tonei! Hwant dit Boek fan 'e Psalmen, wurk fan hûnderten moedsume ûren, is net ûntstien om't der nou ris in dichter wie dy't forlegen wie mei tiid en ynspiraesje en der nou mar nocht oan krige dichtproeven to leverjen dy't tafalligerwize ôfstimd wiene op 'e nationale hymnen fan Ald-Israël. Efter it forskinen fan dit earbiedwurdige boek fan foech 400 bledsiden sit dúdlikernôch in doel, ditte: in bydrage ta de forfrysking fan 'e tsjerke yn Fryslân. Foar de trêdde kear - yn 1755, yn 1923 en nou wer - falt dy tsjerke de folsleine Fryske biriming fan alle psalmen yn 'e hannen, sûnderdat der fan har kant opdracht of oantrún ta jown is. Hwat sil hja der diskear mei dwaen? De tekens wize tonearsten net gunstich. Salang't it absintisme fan Fryske predikanten by uzes oanhâldt, salang't de dominy dy't him weaget oan de Fryske preek in - excusez du mot - swart skiep bliuwt, salang't de Fryske doarpspastorijen de fredige stúdzjeparadizen lykje to wêzen fan jonge Hollânske theologen, yn 'e skrep foar akademyske titels, salang sil it foarse lûd fan dizze psalmen wol forklinke moatte yn in ile romte. Mei dat al, de dichter hat dit drege stik wurk net út partikuliere leafhabberij ta in ein brocht. Dit psalmboek is ornearre foar tsjerklik gebrûk. Dat docht daliks al bliken oan 'e muzyk-notaesje boppe de wurden fan elke foarste psalmstrofe. Dy meldijen yn hiele en heale noaten binne in trouwe kopij fan 'e | |
[pagina 218]
| |
notaesje, lyk as dy foarkomt yn 'e s.n. nije bundel, dy't de Nederlânsk Herfoarme Tsjerke yn 1938 útjown hat. De bidoeling is dus dizze psalmen rhythmysk to sjongen neffens de oarspronklike setting fan 'e sjongwizen fan Louis Bourgeois en Maistre Pierre út it 16e ieuske psalmboek fan Genève. Dat bitsjut, forgelike by Wybenga's biriming, net allinne aesthetysk in winstpunt, mar is teffens in forantwurde oansluting by de tsjintwurdige liturgyske praktyk yn 'e Greate Tsjerke. Dat Fedde Schurer ek yn dizzen net sûnder liturgysk bigryp to wurk gien is, stiet him to priizgjen. Hy hat syn birimingen safolle mooglik oanflijd tsjin de meldij. Dat er it net altyd en tsjin elke priis dien hat, is syn goed rjocht as dichter. Hwant, alhoewol in fremdling yn it Jeruzalem fan 'e musicology, doar ik dochs dit úthâlde: by in psalm komt de tekst earst. De funksje fan 'e meldij is, de tekst bigeliede en sjongber meitsje. In psalmbiriming is dêrom it wurk fan in dichter, net fan in musicoloog. Giet men oarsom to wurk, lit men de meldij prevalearje en leit men sa to sizzen de tekst al passend en mjittend ûnder de sjongwize, dan wurdt it tige gefaerlik dat de wurden it floeibere en praegnante komme to missen. De psalm as gedicht, as godstsjinstige hymne wurdt dan sa maklik forhaspele (hast hie ik skreaun: forhaspere) ta in soarte fan taelmozayk. It psalmfers, yn pleats fan yn strofe op strofe in ienheit to wêzen, kriget dan eat fan in fornimstige lizpuzzle, dy't yn syn swiere en lichte aksinten aerdich ôfstimd wêze mei op 'e meldij, mar dy't ek bod jowt oan alderhanne stoplapen en sabeare-dichterlike bablegûchjes. It wurdt gefaerlik, dat der fan sa'n psalmtekst ien elemintair ding forlem giet: de toan. En krekt dy toan is by Schurer yn allen prachtich. It hat syn foarmgefoelich fakmanskip, yn 'e mande mei dichterlike forbylding en exegetysk bigryp, barre meijen om yn dreech trochsetten en forduldich arbeidzjen dit psalmboek oan Fryslân to jaen. In mânsk stik wurk is dêrmei foar him ôfsletten. Hwant wól hie Schurer de ûnbirime tekst fan it Fryske bibelproaza ta syn foldwaen, wól koe er hjir en dêr nau oanslute by de Hollânske biriming fan 1773, dochs moast er earst en meast, altyd binnen it kader fan it talitbere, it forsteanbere en it smaekfolle, syn eigen wegen sykje. Hy hat dy wegen foun. It biwiis leit nou foar ús. Litte de tsjerken yn dit Boek fan 'e Psalmen in nije - en miskien lêste - fingerwizing sjen, om de eigen tael by de gemeentegearkomste en de Wurdforkundiging net oan syn nuodlik lot oer to litten. |
|