| |
| |
| |
Anne Wadman:
Fedde Schurer
Lofsjonger fan it dûbeld Paradys
It is bytiden in flau en kâld kunstke om allerhande artystenaesje yn swierwichtige skôgingen yn twa polaire helten útelkoar to ropjen en de beide einen mei in triomfantlik ‘Sa hat it sitten’ wer yn elkoar to triuwen by wize fan synthese. Flau en guodkeap, hwant by eintsjebislút komt it der op del dat men halsbrekkende maneuvels útheeft mei in polaire tsjinstelling dy't men mutatis mutandis yn elke krintewager weromfine kin, al sil men se dêrre djipper opdolle moatte en blike se by einsluten simpelder en ûnkomplisearder as by de ‘artyst’. By de kunstner is de polaire libbenshâlding makliker to ûntdekken en bleat to lizzen, omt hy ta ‘maetskiplike’ funksje hat se yn himsels kamp leverje to litten, omt hy him yn dat gefjocht traine moat, mar oan 'e oare kant is de krekte lizzing fan de poalen en harren presize bineaming foar it bleate each minder waernimber as by syn saneamde ‘tsjinfuotter’, de boarger. De minske, dichter of boarger, kin net oars libje as yn in ûntmoedigjend dualisme. Hy libbet foar de helte (lit ús it gunstichste gefal oannimme) mei de geast en foar de helte mei it fleis, syn corpus. Geast wurdt yn abslute sin automatysk ‘himel’, fleis like automatysk: ‘ierde’. Ek de winkelman libbet tusken dizze poalen, tagelyk ierdsk en himelsk (hoe't dat ierdske en himelske har dan ek by him oponearje of.... hwat yn wêzen itselde is, kamouflearje meije), mar by him wurdt it net ta ‘konflikt’, en is it gefaer foar koartslutingen tige biheind. Hy lit syn ierdske en syn himelske sillichheit freedsum neist elkoar trochweidzje, hy manoeuvrearret ûnbiwust om it konflikt hinne, hy sjocht amper of net dat der mooglikheden ta in konflikt lizze. Komselden komt it by him ta koartsluting, noch seldener ta in explosy, dy't namsto ûntsettender (foar hìm) is omt hy gjin
útwei fynt op it forduldich papier, dat ommers alles nimt. Hjir leit it punt fan mislearre winkelmannen, mar ek fan mislearre dichters! Hwant likegoed as de explodearre winkelman kunstner wêze kin yn potinsje, wurdt de mislearre dichter (d.w.s. de kunstner dy't himsels in konflikt ynskúnd hat en duorjend explosys forwekket dy't njonkelytsen de útwurking krije fan opblaesde sûkerpûden) ta in winkelman, en faeks mear as allinnich yn potinsje.
| |
| |
Prinsipiëel is it dus net de polariteit op himsels dy't de dichter garandearret. Miskien sels net allinnich it konflikt, de explosy. Hwant dy kinne op in hiel oar punt losbrekke as dêr't it dichterskip him uteret. Hy hinget earder ôf fan de lytse nuansearringen yn syn polariteit, fan mooglike krusingen mei oare, minder yn 't each springende polariteiten, dy't wol yn wêzen op de ierdsk-himelske delkomme, mar der dochs in spesiale nuance fan foarmje. Dêrom is it ek ryklik oerstallich om Fedde Schurer to skôgjen ûnder it simpel aspect heidensk-ierdsk en kristlik-himelsk. Op 't lêst is ek it Walhalla, brûkt as symboal fan it heidensk-ierdske, in himelkonsepsje, al is 't dan gjin kristliken-ien. It giet om de wize hwerop Schurer syn himelsk en ierdsk aspect forwêzenliket èn om de wearde dy't beide aspecten foar de dichter hawwe en de middels dêr't er se mei útdrukt. De polariteit yn strange foarm bliuwt mar in helpmiddel, in wurkhypothese. Ek in formule ‘Fan twa wâllen’ wol en kin net oars wêze as dat, - bileaven gjin poëtysk dilemma, gjin poëtysk credo. Men kin jin hûndert fan-twa-wâllen-fretters tinke, dy't mei Fedde Schurer allinnich it rymkjen mien hawwe. It komt der op oan hoe 't de dichter libbet mei syn beide helten, hoe 't er him der trochskuort of him der ôfmakket, hoe't er skipperet op dit ierdske en him tarist foar it takommende, en binammen hoe 't er se dichterlik uteret.
En dêrby is in dominante trek de eigenaerdige foarm fan geastlike dynamyk, dêr't ek tagelyk in sterk statysk elemint yn opnomd is. Yn Fedde Schurer kin men in frjemde mingeling waernimme fan ‘opportuniteit’ en tradysjonalisme. Dat kin him bygelyks uterje yn it ‘protest tsjin it protest’, yn apodiktyske oardielen en formules, dy't gjin ivige wierheit hawwe, by útstek foar de situaesje jilde mar foar de folgjende net mear, en dus forlitten wurde en allinnich yn anekdoatyske foarm trochlibje. It kin him ek uterje yn it feit dat dizze dichter, dy't fan Kristlik skoalmaster lâns de wei fan pacifistysk strider waerd ta (sit venia verbo) soasjalistysk journalist, dy't him thúsfielt tusken de huzeklibers fan Amsterdam-West en op gearkomsten fan Fryskebiwegings-smoute-praters, immen dy't de streamingen fan de kultuer net allinne folge mar ek absorbearre hat, dochs troch alles hinne fêstsitten bliuwt oan in stik Jongfryske romantyk. Mar miskien sit hjir tofolle it oardiel fan anekdoatyske en persoanlike feiten yn bimongen om it as in litterair oardiel to jaen. Wis is dit: Schurer bliuwt deselde en is dochs iderkear in oar. En dizze dynamyk, dit algedurigen oerslaen fan it iene yn syn komplemint-it-oare, sûnder dat men
| |
| |
in algemiene forklaei- of bikearpartij to oanskôgjen kriget, mei wol de kenmerkende wize hjitte hwerop as Schurer oanpielt mei syn ierdske en himelske aspekt, hwerop as er syn rol spilet, hwerop as er himsels útspilet ek. Nammers, hoe moat men, as men ‘idealist’ is mar sûnder forblining, sûnder forbittering, sûnder al to greate forplichtingen, - as men de himel bistribbet, mar de ierde gjin wjerstân biede kin? As men de dogmatyk biwarret foar moarn of foar de âlde dei? Schurer is der algedurigen op út, liket my sa ta, it iene tsjin it oare en it oare tsjin it iene to fordigenjen. Dêrom is it miskien ek dat er as feguer, as frisse en charmearjende forskining, as Fryske troubadour, as slachfeardich apodikticus, soms mear slagge liket dan as dichter op himsels. Hwant Schurer syn dichterskip, losmakke fan syn forskining, fortoant in selde soart fan dynamyk dy't to útsprutsen is om him as dichter ûnder de greaten to setten en to sjen as de exponint fan in tiidrek, fan in streaming, fan in idé. Hy is as dichter gjin doelbiwust strateech, gjin mitselder oan in monumint, gjin siker nei nije wegen en ûnbigiene pampa's. Schurer lêze sûnder syn habitus yn it libben to kennen, of op syn minst sûnder syn markante kop foar jins geasteseach to hawwen, is in sinleaze died. Binammen foar in dichter as him jildt it dat men net in suver litterair oardiel útbringe kin, mar wurkje moat mei de omballingen fan anekdoatyk ensfh. Pas dêrmei sjocht men him ek as dichterlike feguer, as lofsjonger fan it ierdsk en it himelsk Paradys skerper ôftekene. Men kin Schurer net sjen sûnder de eftergroun fan in espeltsje freonen, in gearkomste, in massa-meeting, in décor. Dy't hjir efter sykje wol dat ik Schurer in ‘akteur’ ha wol, hat yndie foar de helte gelyk, as er mar biseft dat Schurer syn eigen rol spilet as
akteur, en net dy fan in oar lykas de ‘akteur’ plichtet. Hwat by Schurer pose en pathos is, is yn 'e groun de earnst fan de spiler, dy't oertsjûge is dat it akteurs-elemint ien fan de grounslaggen is fan it minsklik gearlibjen, en net it hol geblaes fan in dichterke dat himsels wichtiger meitsje wol as er is. Dêrfandinne ek de dûbelhertige pathetyk fan syn Fryske striidfersen. Men kriget soms de yndruk dat Schurer it biwust weaget mei kliché's, diels út maklikens, diels ek omt de akteur yn him forlet hat fan kliché's en ienfâldich pathos. De akteur, binammen dy foar in great publyk, kin net sûnder dy dingen, moat toseilgean op primitive oantsjuttings dy't greate, mar groubonkige suggestys jowe.
De dichterlike feguer fan Fedde Schurer set ús foar de frage nei de funksje fan it dichterskip yn 'e maetskippij, of lit ús
| |
| |
leaver sizze: foar de mienskip. En ek hjirre treft jin dyselde dynamyk. Yn syn hiele litteraire libbenshâlding (en men sil meistimme moatte dat Schurer syn ‘libbenshâlding’ by útstek ‘litterair’ is) sit hwat fan dy dynamyk, dy't nea ta ûnwierhaftigens en opportunisme yn vulgaire sin wurdt, mar oeral ûntsprút oan de akteurskapasiteit dy't him ynstelt op it auditorium, it décor. As foar de akteur it auditorium wikselet, wikselet ek de poëzij. Schurer syn pleit foar de Litteratuer, foar in autonome dichtkunst, dy't bg. de morael net jilde litte wol as criterium by litteraire bioardieling, - tsjin de lju dy't bg. yn it tydskrift ‘Podium’ op it fuotspoar fan ‘Forum’ de yntelliginsje fan de skriuwer stelle boppe de autonome werjefte fan syn litteraire oanstriden, soe eins yn striid wêze moatte mei syn eigen wurk. Hwat binne syn Fryske striidfersen oars as yn dichterlike algemienens klaeide morael, hoe tige komt in great part fan syn wurk fuort út in boppe de suvere litteratuer steande idé en is it skreaun mei in doel (men hoecht net oan ‘Frans Vergonet’ ta to gean om it to biwizen). Ek foar dizze man, hy mei dan de auctor intellectualis wêze fan de formule ‘In dichter is in keardel dy't fersen skriuwe kin, en de plicht hat dy to skriuwen as syn folk der forlet fan hat’, in formule dy't hwat it earste trefwurd ‘keardel’ oanbilanget gâns weihat fan Ter Braak syn ‘vent’!, - ek dizze man moat it auteurskip in gnap problematyske saek foar wêze. Lykas nammers dizze hiele formule sels problematysk is of leaver dynamysk. Fansels is de ynhâld derfan wier. De dichter is in ‘keardel’, tominsten as ‘er’ gjin ‘frommes’ is. Hy skriuwt fersen as der forlet fan is. Mar hy skriuwt se ek as der gjin forlet fan is. En as
men de morael net as litterair criterium akseptearret, hoecht de dichter ek gjin ‘keardel’ to wêzen (men sjocht: ek hjir pylket de ‘akteur’ troch de formule!). De dichter, keardel of net, leveret net op bifel of op 'e smeekbeaën fan ‘syn folk’. Hwa is ‘syn folk’, en hoe uteret it syn forlet fan poëzij?
Mar sjoch, de praktyk ûntkomt yn 'e dynamyk fan it dichterlik akteurskip altyd oan 'e twang fan de formule. Hwant dizze dichter, dy't sa apodiktysk de dichter stelt as de hofleverânsier fan Syn Majesteit it Folk, dy't yn dy funksje fersen skriuwt fan in barnend pathos (dy't jin as dichterlike produkten greatdiels kâld litte en dy't men dochs net falle litte kin), balladen út 'e rûge ûnbiwosken geast fan ‘it folk’ wei, charmante lietsjes dêr't it folk en syn iensume útrinders, de swalkers en ûnwennigen, ta triennen ta yn ideälisearre en forgulde wurde, dyselde dichter is in virtuoas yn it oersetten fan nimmen minder as de Ingelske
| |
| |
Renaissance-dichter Donne en leveret like masterlike oersettingen fan in Heine, dyselde dichter skriuwt de ‘Simson’ en gedichten forfolle fan in barnende âldtestamintyske gloede, dyselde dichter ek skriuwt sublime leafdesfersen en peilt djip it minsklik tokoart dêr't elke dichter elke dei wer mei oan sit.
De driuwfear fan elk dichterskip is it protest. En Schurer syn protest leit yn syn dynamyk. Nou is de dynamyk as protest in probaet middel tsjin geastlike arrivéëns en de bistjurring dy't dêrmei anneks giet. Mar it gefaer is net tinkbyldich, ek by Schurer net, dat de dynamyk syn protestfunksje forliest, en dat ek de arrivéëns en de bistjurring dus, yn de dynamyk opnomd wurde. Minder swierwichtich sein: dat de dichter degradearret ta in wynwiisder dy't ‘op alle winen’ ja seit, mar dy't ek ûnforwrigber oan it hûs forboun sit dêr't er op stiet. De taek fan 'e dichter ommers as wynwiisder is, de wyn oan to wizen hoe't er waeije moat, - dat wist Multatuli al fan de gewoane wynwiisder. En dat dit gefaer yndie by Schurer bistiet, docht bliken út syn lêste kwatrinen, publisearre yn it Tsjernenûmer fan Septimber 1947, en noch mear út it feit dat in dichter 50 of 100 kwatrinen ‘tasizze’ kin, yn it fêst bitrouwen dat se der komme. En dochs lizze noch yn dy kwatrinen, foar safier't se skreaun binne, ek tagelyk de kimen fan in prolongearre protest. It protest as dichterlike forsetshâlding, - it protest as habitude, dêrtusken is it dat Schurer syn dichterskip wifket. De tsjintwurdige dichter hat allinnich in kar tusken ‘moralist’ (yn syn meast algemiene sin) en ‘aestheet’ (yn 'e ingste sin fan fabrikant fan moaijichheden).
En al is in great part fan Schurer syn wurk (binammen de striidfersen, mar ek de lettere kwatrinen) rjochte op it moralisme, iderkear wer, net it minst yn theoretyske útspraken, is der in sterke driuw nei aestheticisme, dat der op út is in autonome litteratuer to foarmjen los fan de minske as oan 'e ierde boun phenomeen. Hoe licht wurdt sadwaende God in symboal, dat net allinnich de pylk is dy't rjochting jowt, mar ek in deus ex machina, dy't oeral út 'e loft delfallen komt hwer't de minske forlet hat fan eat dat er net bineame kin, in symboal dat tafalligerwize allerhande ivichheden op 'e brede rêch to tôgjen kriget. Binammen yn typysk aesthetyske litteratuer wurdt God maklik litteratuer mei. Yn Schurer syn earste bondel, ‘Fersen’, fine wy dan ek de wjerslach fan syn Jongfryske tiid en tagelyk syn gefjocht mei God. In gefjocht, dat lykwols, trochdat de minsklike kant fan 'e saek sa swak bliuwt, nearne in gerjocht wurdt, mar in skynproses. Yn ‘Fersen’, kin men sizze, wurdt
| |
| |
de minske by forstek foroardiele, omt er net oanwêzich is, alteast net yn fleislik-konkrete foarm. Dizze earste poëzij fan Schurer hat de swierliddige, mei alliterearjende krêftpatserij en oare sonnettyske kwalen oanhelle swakkens fan suver alle Jongfryske poëzij, dy't it mei de minske op in sêft sin sette en alles smite woe op in abstrakte Skientme. It treft jin iderkear wer, oft men nou de fersen fan Douwe Kalma lêst, it proaza fan Marten Baersma of dizze earste gedichten fan Fedde Schurer, hoe lyts as it suver minsklik apport fan dit wurk is. In lyryk dy't fynsinnich de natûr bi-impressionearret, mar dy't de konflikten siket yn 'e makrokosmos en dêrtroch de mikrokosmos oerslacht, dy't sadwaende forslacht yn 'e loftlege romte dy't men mei in tige ûnbifredigjende formule ‘l'art pour l'art’ neamt.
It sterke religieus-tradysjonele elemint dat de jonge Schurer yn him hawn hawwe moat, wie it konkrete punt yn dit dizenich gehiel, dat frege om útfochten to wurden. Mar op dizze wize wie de saek by foarrie al bisljochte. Hwant fjochtsje mei God kin men allinnich mei de neakene hûd en net as men jin forskûlet yn in toga of in kimono. As Schurer dan ek yn inkelde fan dizze fersen net sûnder Gysbertiaenske reminescinsjes, it ‘reade minster’ ‘Twivel’ optrede lit, ‘hwaens felle tosken grymje,/ Hwaens neilen strak jim 't teare flesk trochflymje’ ensafh., dan bikrûpt jin sterk it fielen dat foar Schurer de twivel allinne mar in litterair symboal west hat en neat mear. De striid mei God nammers, às er fochten wurdt, kin allinnich eingje mei Gods oerwinning, oars soe it net God wêze dêr't men tsjin striidt. En as dus by foarrie de nederlaech fan de grymtoskjende Twivel al bikend stean mei, kin men der wol moaije fersen fan skriuwe, mar docht men dochs winliken net folle oars as, ta stifting fan jins meispilers op it ierdsk toaniel, in litteraire fiksje Twivel op 't aljemint bringe, dy stylfol troch it quia absurdum (of troch de hurde needsaek, of troch de itige tradysje) om hals bringe litte en oergean ta in oar front. It kin dan ek gjin nij dwaen, dat yn Schurer syn letter wurk dy twivel, ek as litterair symboal, forballe is. Dy't yn it Paradys leaut, ken gjin twivel, hwant it Paradys is in eigen skepping, en kin men oan de wearde fan eigen skepping twivelje, oan it bistean derfan net.
Schurer syn earste poëzij hat it manco fan alle moderne Fryske poëzij út de Jongfryske snuorje: dat hja de striid mei litteraire middels útfjochtsje woe, - in forsin, mar dat men dochs pas letter ynsjen kin, as de atmosfear suvere is. Fan in litteraire revolúsje as dizze sil men altyd sjen dat hja slagget yn it negative en mislearret nei de positive kant. Hja hat, dat
| |
| |
is nou wol to sjen, it libben allinne brûkt foarsafier nedich om der ‘poëzij’ fan to meitsjen.
Nou sil men hjir tsjinynlizze: is dat net altyd de funksje fan poëzij, om fan it libben poëzij to meitsjen? Ja en né. Ja, omt it in wierheit as in kou is, né, omt it in litteraire machtsformule is dy't it paed sljochtet foar allerhande romantyske, poëtyske sêftheden. Hwant fan alle foarm fan libben is poëzij to meitsjen, mar it maklikst fan de minst fundamintele dingen. Elke poëzij mei in ‘fordichting’ fan in wurklikheit wêze, dat ûntslacht net fan 'e forplichting dat men fan dy ‘fordichting’ in nije wierheit meitsje moat, in ‘fortichting’ fan wierheit, in wierheit a fortiori. Dichterskip kin net allinnich in flecht wêze, omt de minske net allinnich abstraksje wêze kin, mar boun is oan in substraet. Dichterskip tôget in fikse poarsje forplichting oan ‘minsklikheit’ en persoanlikheit mei en is algedurigen dwaende mei dy persoanlikheit yn 'e kiif to setten en oan 'e forneatiging priis to jaen. Poëzij as flecht, goed, mar mits men neaken en bleat oankomt, earne, - dat tagelyk bitsjut: nearne. En poëzij dy't der op út is fan libben litteratuer to meitsjen, sûnder yn to sjen dat it omkearde like needsaeklik is: fan litteratuer (d.w.s. útgeande fan litteraire middels) libben to skeppen, of, om misforstânnen mei dat rare wurd ‘libben’ tofoar to wêzen: bistean, of, mei in gefaerlik moadewurd, existinsje to skeppen: elk dichterskip komt fuort út existinsje en kriemt werom nei existinsje, - dy poëzij is foar de dea opskreaun. Op syn moaist kin men dan allinnich noch moaije, glânzgjende dingen meitsje, of, lykas Du Perron it ûngewosken neamde: moaije loarten draeije.
Dit is it tokoart fan in iensidige biweging lykas dy fan de Jongfryske dichters, dat hja om dy existinsje hinne sylden en toseil gyngen op eat dat mei ‘Skientme’ in tige forheven, mar abstrakte, ile en meagere bineaming krige. In ‘minsklik’ dichter kin yn foarmjowing, yn technyk, yn alles tokoartsjitte en dochs fersen leverje dy't great binne allinnich fan lytsminsklikens. In aesthetysk dichter kin de technyk folslein bihearskje en by de greatsten fan de Greaten yn 'e lear west hawwe, hy kin Homerus, Sophocles, Shakespeare, Milton, Goethe en it hiele dichterparadys yn him opnomd hawwe en fersen skriuwe dy't oars net binne as in greate grize wolken dêr't men moedeleas yn omtaest sûnder ien fêst punt to gripen. Gerben Visser en Douwe Kalma personifiearje op syn suverst dizze beide dichtertypen foar Fryslân. En dat Douwe Kalma (net alhiel tafallich fan Visser as jeugdhelt steld ûnder Lord Lister) as bisieler fan dizze dichtersgeneraesje
| |
| |
op it earste dichterskip fan Schurer in djipgeande ynfloed hawn hat, is oan bynei alle fersen fan Schurer syn earste bondel skoan to merken, hoe tige de thematyk der ek fan ôfskaeije mei. Ik soe dan ek út dizze hiele bondel mar twa fersen neame kinne dy't my persoanlik hwat dogge: ‘De âld beam’ en ‘Pax Vobiscum’, dy't tafallich ek Schurer syn ierdsk-Fryske en syn himelsk-Kristlike kant min of mear symbolisearje. Hoe tige slagge ek beide, as men se forliket mei twa fersen dy't itselde thema sa likernôch bislane: Jan van Nijlen syn ‘De populier’ en Gerben Visser syn: ‘Jow freonen my’, dan docht bliken dat it by Schurer binammen it brek oan existinsje is dat makket dat er der net oan takomt:
‘En al sjuch ik dyn domme fordylgers
Wol kommen, al neijer oan -
Yet hoopje ik, yn hopeleas langstme
Op dyn maitiid, dyn nije moarn’.
‘Sa binn' wy roerleas yn 'e joun
Ta biddend biidzjen wijd,
Oant God oer ús bistille hert
Syn Pax Vobiscum seit....’
‘Ik zal eerder doodgaan dan hij....
En als ik op 't bed lig en snak
Naar licht en naar lucht en - naar wat?
Zal hij, onverschillig en blij,
Het lied dat de dood in mij brak
Nog voortzingen over de stad’.
‘Dan wurdt it nacht, yn 't Easten riist in stjer,
Nou rint de welle fan de frede wer.
Wy swije, litte 't lêste wurd oan God.
Wês stil, dat is syn alft gebod’.
Mei opsetsin haw ik by dizze earste fersen fan Schurer efkes langer stilstien. Net allinnich omt de earste fersen yn it algemien
| |
| |
wichtich binne foar it fierder forrin fan saken, mar ek omt dit foar Schurer spesiael noch sterker it gefal is. Men sjocht út dizze gedichten hwer't Schurer weikomd is en hwer't er him oan ûntwrakselje moatten hat. De man dy't yn syn earste wurk offerje moast op it alter fan de Jongfryske loartedraeijerij, waerd ornearre ta it ‘militante’ dichterskip fan letter jierren. Mar iderkear sjocht men wer hoe't syn militantens opkeard wurdt troch de Jongfryske rest:
‘Ik bin jim riedsman net, ik bin jim sjonger’.
De toan is militant, de wierheit net. It militante dichterskip hat maetskiplik in korrigearjende, as men wol profetyske, yn alle gefallen aktive funksje. Yn in heidenske maetskippij kin de militante strider net oars wêze as Kristen. Yn in Kristlike maetskippij kin er net oars wêze as heiden: militantens forûnderstelt altyd in efterút dat tagelyk in foarút bitsjut. Mar hoe yn in maetskippij dy't trochweakke is fan Kristlike formules en tendinzen en dêr't tagelyk de heidenske lôge oan alle kanten tanútslacht? Yn sa'n situaty, dy't foar Fryslân yn 't bisûnder noch tige syn eigen ‘special marks’ hat, kin dy militante dichter net oars as skipperje. Riedsman wêze as er neat as sjonger wêze wol, sjonger wêze as er neat as riedsman wêze wol. Wikselje fan front nei 't de omstandichheden it easkje.
Yn ‘Utflecht’ fine wy dan ek de earste tekens fan dat skipperjen by Schurer. De dizenige romantyk fan ‘Fersen’ is net alhiel weiwurden (it titelfers b.g. giet noch alhiel út fan de aesthetyske praemisse), mar siket dochs in útwei nei konkreter gebieten. Hjir is it binammen de ‘oar’ dy't ûntdutsen wurdt, mar it bliuwt ynearsten by in romantysk swalkersideael (de seis sonnetten ‘De Stimper’, de sentimintele genrestikjes as ‘De spylman yn 'e tram’, prototype fan in thema dêr't him alle Fryske gefoelsromantyk fan alle Fryske dichters op stoart, ‘It forgetten liet’, en loftiger en sympathiker, mei mear humor, sa ûnmisber foar dit soarte ‘De lietsjesjonger’). It is in hwat spjochtich sosiael elemint, op romantyske grounslach. Hwat moat men bg. tinke fan dy skurve en goare spylman dy't yn 'e tram de klanken fan mar leafst in sonate omdriuwe lit?
Stikjes gefoelsanekdoatyk as ‘Lyts fortriet’ folje dit oan, en ek in ballade as dy fan de Huzaer mei syn guodkeape ‘folkske’ èn ‘falske’ effekten yn 'e trant fan Hetsje-muoi, jowt oan hoe't Schurer yn distiid omdôch bisocht hat, it to weagjen mei de realiteit, mei de minske sa't er is, mei it
| |
| |
minsklik gearlibjen. As aestheet skriuwt en grypt er noch folslein by dy minske lâns.
Yn dizze bondel is Schurer oars al de virtuoas, dy't er yn ‘Fersen’ noch net wie. Dêrre kriget men iderkear wer it fielen dat elk fers it resultaet is fan in swierwichtich bodzjen, fan in wrakseljen mei in korpulente muze Skientme, yn tsjinst fan in aesthetysk ideael. Yn safier is ‘Utflecht’ sûnder mis in greate foarútgong: it is net langer it Jongfrysk credo dat dizze gedichten bihearsket. Der is in oanstriid om de maetskippij to sykjen, alteast de meiminske, mei de dichter sels der by ynbigrepen: ien fan 'e ôfdielingen hjit net sûnder reden ‘Wy’! Mar miskien is de bitsjutting allinne mar it sykjen, en dan net mear nei wurden en frasen, mar nei forhâldingen, dingen, bigripen, substânsjes. De dichter as de exponint fan syn folk, it is it bigjinsel dat iderkear dúdliker opljochtet, al fynt it noch net syn definitive formulearring lykas letter wol. Yn earste ynstânsje giet it noch om in ideael, dizich, hast fiktyf minskebyld, pas dêrút wei kin Schurer de sprong nei de minske en it minsklik tokoart weagje. Yn de ‘Stumper’ fynt er dat ideael: it byld fan de kristlike resignaesje, fan de lytse man, it bern, de earme fan geast, earm mar troch syn earmoede ryk, hwant sines is it Keninkryk. Weromkear nei de ienfâldige sielesteat, de simpelens fan it bern, is de forhoalen driuwfear fan party fan dizze fersen. Mar dochs wurdt dit nearne sa penetrant biliden as by in Van Nijlen (in dichter dy't, it mei frjemd lykje, dochs wol bisibbens oan Schurer hat) of in Nijhoff. Faeks is it just it kristlik-tradysjonele elemint, dat dizze penetrantens bihinderet en it bern-ideael dochs hieltyd min of mear yn it abstrakte hâldt: it kin nea in kwesje fan dea-simpele, bleate existinsje wêze. Ek de wanhoop om in forlern kultuer-spul fynt nea dy neakene expressy by Schurer dy't men by oare dichters, in Bloem b.g. fynt, omt
hy yn it Kristendom, yn de libbene tradysje fan it himelsk Jeruzalim, de tsjinkrêften tsjin de toloarstelling en syn bitterens foun. In ôfkear fan dekadinsje, in ôfkear fan de psychology as dichterlik medium, fan it ‘útknobbeljen’, dy't men ek by Van Nijlen fynt mar dochs sa, dat men iderkear wer it fielen hat der mar in tombré fan ôf to wêzen, hâldt Schurer fan 'e bitterens tobek, mar ek fan syn komplemint: selsirony en humor, ek hwer't it ierdske part fan syn wêzen him foar it folle poun útstoart.
‘Utflecht’ nammers is foar alles de bondel fan ‘Ierdeljocht’, dy iene sublime utering fan in bigenedige dichterskip, in fers dat sa folslein en ûnbiroaid in geloksstimming ta ‘aesthetyske’
| |
| |
wierheit omraent, dat it aesthetyske de suverste utering fan it ‘minsklike’ wurden is. It forlangen nei de reine sielesteat fan it ûnskuldich bern is hjir gjin litterair motyf, mar de suverste werjefte fan in minsklik motyf, in minsklike driuwfear, sa âld as it dichterskip, sa nij as de takomst:
‘Hâld jimmer, Hear, myn eagen rein,
Om wiid forwûndere as in bern,
By alles hwet dizze ierde skein'
It moaije det ús bliuwt, to sjen.
Den bloeit ek út 'e lytste knop
Mear hichtepunten hat dizze samling: ‘De Boer’ b.g., mei syn ûnfeilber rake plastyk:
‘Stil lûkt it stiel fen sleat ta sleat,
En der't it snijt, der sakket stom
De klaei yn klieme krollen om.’
Men moat dizze rigels in kearmannich oerlêze om to ûntdekken dat it.... de alliteraesjes binne dy't dizze ienfâldige rigels sa seldsum suggestyf meitsje!
Virtuoas yn prosody is Schurer hjir binammen yn it prachtige, sjongsume ‘Hope’:
‘Hwet ropt dy iene fûgel bliid,
Hwet klinkt syn wille klear en wiid,
Hwet ropt dy iene fûgel bliid;
Hy sjongt in komst'ge tiid -’
Fan de Fryske striidfersen, dy't meast net boppe it tydlike fan gelegenheitsfers útkomme, moat ik binammen ‘It andert’ neame, fan in waermbloedich pathos, dêr't it krêftich, hast daverjend ‘Netwier’ oan 'e ein fan 'e strofe alle twivelmoedichheit prachtich yn opheint.
Definitiver aksinten fine wy yn de tredde bondel ‘Op alle winen’. Dizze hiele samling is trochlutsen fan 'e dynamyk dy't yn 'e titel bisletten leit. It bliuwt in lofsang op, in leafdesforklearring oan it goederjowske libben, mar hjir en dêr lizze djipper en sûmberder aksinten, dy't it wolris hwat oerflakkich optimisme, en de meagere sentimentelichheit fan guon eardere
| |
| |
fersen yn har wearde strang biskiede. De driuw nei in grounleas lok kriget krekt troch dy tsjinstelling suverder stal. De anekdoatyk út ‘Utflecht’ is hjir opromme, of leaver sublimearre yn it tragyske. Men hoecht mar ‘Lyts fortriet’ út ‘Utflecht’ to forlykjen mei ‘It Urker Fjûr’, om to witten hwer't ik op doel. Yn it lêste fers wurdt it sentimint opheve yn de algemiene sfear, it wurdt losmakke fan it iene ynsidintele gefal:
‘Soks komt oan bern mei blauwe eagen oer’.
Sels in swak genrestikje as ‘Fanke’ wurdt troch in minsklike ‘geur’ (harpuis en tar) rêdden. As lofsjonger, mei it brede, royale pathos dêrta nedich hanthavet Schurer him yn gelegenheitsgedichten as ‘Pinksterblommen’ en ‘Excelsior’, al komt er oan 'e hichte fan ‘Ierdeljocht’ en ‘Hope’ net earlik ta.
De mear persoanlike fersen, faek trochweakke fan in mear wémoedige toan, om de ûnfolsleinens fan dit libben en syn forwachtingen, wurde simpeler fan oanslach. Ek wurdt yn dizze samling (de tsien Psalmen der bûten litten) minder oer God en it himelsk Keninkryk praet as yn de ‘Fersen’, mar tagelyk oertsjûgjender: it leauwe kriget in smelder basis, mar krekt dêrom mear takomstperspektyf, mear ynhouten:
‘En dit herte, mei alle sinen boun
Oan eigen wille en fortriet -
Ek yn 'e foarm foroaret der. ‘Utflecht’ sette noch ostentatyf yn mei 15 sonnetten. Mar hjir is it sonnet, de prae-okkupaesje fan it Jongfriezendom, net langer oerhearskjend, en hwer't it foarkomt hat it net mear dat opsetlike, dêr't men by tinke moat oan litteraire programs en daverjende revolúsjes fan it wurd. It sonnet bistribbet net mear it aesthetysk folsleine, mar kriget fan in protest, mei in ûndergroun soms fan amper forhoalen wrevel: de Jongfryske sjerp slyt der lang om let ôf. De formule wurdt skerper, simpelder, mear op 'e man ôf:
‘O hert, forjow dyn lêste fijân hjoed,
En wêz for alle bern en dieren goed.’
Dit is in lêste wierheit, net mear in litteraire formule, mar in wierheit dy't pas ûntdutsen wurde kin as it reach fan de litteraire formules skuord is.
| |
| |
It bêste fers út ‘Op alle winen’ is it machtige ‘Mounlen’:
‘Skôgje, mienskip, dyn mounlen,
Op wyn en frijdom forealen,
Om it noat fen dyn rike grounen
Ta streksum moal to mealen.
Mei krêft en moed ef dersûnder
Meale hja al hwet jim fregen.
Boppe de kym en der ûnder,
Under 'e kym en omhegen.’
It dualisme, dat al yn ‘Op alle winen’ (nammers ek earder) fielber wie, hjir en dêr (b.g. yn ‘Mear as ien’, dêr't de greate stêd Amsterdam en it bertelân Fryslân fungearje as de ierdske en de himelske poal), kriget yn ‘Fen twa wâllen’, ont yn 'e titel, definityf stal. Lykas yn ‘Mear as ien’ stiket der ek hjir, hwer't it suver om it ierdsk en it himelsk paradys giet, in fikse poarsje kwea gewisse yn, lyk as bliken docht út it Praeludium:
Ek hjirre moat Fryslân, it Fryske Paradys, biliden wurde, mar de toloarstelling makket de lofsang dochs twivelich:
‘Ta ile nichten kleaustû net,
Leech is dyn steat en ûnoansjenlik;
Mar 'k leavje, folk, dyn greate hert,
Dyn hert sa iepen en sa bernlik.
Grif sil de Hear it dy forjaen
Detstû de romantyk biminste,
En detst gjin smert en bitt're waen
Fen vitalisten folgje kinste.’
Fryslân, mei syn lek en brek, kriget fan it ierdsk en it himelsk paradys it oansjen. En de dichter is de ljurk dy't yn dizze grouneleaze himel aloan stiicht en dûkt.
Iderkear wer waeije ús yn dizze bondel de geuren fan it Paradys oan. En hjir ek fine wy de forsmelting fan it ierdske mei it himelske paradys. Schurer libbet duorjend op 'e grins fan dizze twa, bisiket se oer to sljochtsjen, omt er yn it iene
| |
| |
forkearend it oare mient to forrieden. Foar him koe it Paradysbigryp pas reële ynhâld krije dêrre hwer't it ûnmidlik konfrontearre waerd mei it ierdske en syn rykdom. De leaf de, de freonskip, de natûr, oeral wurdt de grins tusken ierdsk en himelsk weifage, om by einsluten like reëel bistean to bliuwen. Dizze paradox bihearsket it hiele wurk fan dizze dichter, ek it religieuze part derfan. Hwant kin men oan 'e iene kant net twivelje oan de earlikens fan syn leauwe, oan 'e oare kant kin men der soms net foarwei en nim oan dat er sa redeleas foar God kiest omt er om God net hinne kin, omt God him yn 'e wei stiet, en hy oars nearne hinne kin: De ‘waen fan bittere vitalisten’ moat it ûntjilde, en Kwatryn XXI seit it ûngewosken:
‘Ik bin oan 'e ein fan myn humaen latyn,
Der is gjin treast yn blommen, sinne ef wyn.
Der is bihâld for earme minskesielen
Yn Kristus krús - en al it oare is skyn.’
It liket as moat Schurer him duorjend forsette tsjin syn pantheïstyske oanstriid, as er iderkear wer, mids syn ‘humaen latyn’ him bisiket to konsintrearjen op 'e smelle God, dy't it Paradys skepen hat om de minske stroffelje to litten en to bitiizjen yn ierdske sûnden. Mar neist de ierdske himel bistiet dochs ek noch de ierdske hel, dy't men by Schurer net yn alle toansoarten bilekskoaid fynt, hwant de ierdske hel soe ek it ierdsk Paradys fortsjusterje kinne, mar dy't dochs hjir en dêr oanwêzich is, lykas blike kin út inkelde aktuële fersen út ‘Oerwei’ en in mannich kwatrinen. De rêdding út dizze ierdske hel moat Jezus' krús wêze, mar de ierde is nou ienris de himel net, en de grinzen tusken ierdsk en himelsk Paradys meije dan útwiske wêze, hja bisteane likegoed as de meridiaen bistiet, al kin men him net oanwize. Dan kin men ek al net folle mear dwaen as jin de paradox biwust bliuwe, de goede jeften fan it ierdske mei beide hannen oannimme, it leauwe oan it himelske mei de hiele hûd bilide, der God foar tankje, jin biwust wurde dat men lytsman is, en neat oars hoecht to wêzen, en by einsluten de forantwurdlikheit foar de praktyske gong fan saken oan Him oerlitte, dy't it better wit as hwa en hwat ek:
‘Mar as Gods eigen swird my ridder slacht,
Hwet let it den, al trilje ik as in reid?
Hy wit myn ljeafde en eangst; hy skoep dit hert -
Lit Him it nimme en hâlde it yn syn macht;
Hwent den, Godlof, docht Hy it, - ikke net.’
|
|