De Tsjerne. Jaargang 3(1948)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 195] [p. 195] Fedde Schurer: Sawn gedichten. Genôch. En mocht ik fan dit fûl âld sear wer opkomme en genêze ik neam my dochs gjin dichter mear lit dit it lêste wêze. Altyd mei kommentaren klear by blidens en by triennen tonei bin ik gjin dichter mear en hâld myn wurden binnen. Forjit mar al dat lûd petear dat ûnbiskamsum rikken en neam my nou gjin dichter mear en brek myn namme yn stikken. In ôfdien ding, dat nimt gjin kear hwat stilder nou hwat better nou, neam my dan gjin dichter mear - ik stjit myn harp to pletter - [pagina 196] [p. 196] Lytse ballade. Hy dichte sa sûnder euvelmoed fan de leafde en Gods wûndere wei mar syn gedichten waerden net goed hy baude de oaren hwat nei. Soks moast men dochs hoeden mei wêze hwant leafde is in nuodlik object al witte de lju dy't it lêze dat sels ek net al to krekt. En men soe hwat earbiediger bliuwe oangeande it Godsbistjûr dêr kin men net samar oer skriuwe ek al meije de lju der wol oer. Hy dichte lykwols foar it heitelân wei hy koe der wol prizen mei winne en it toanoanjaende tydskrift sei hy hie mar in feardigen pinne. Mar ienkear doe't er in leafdeliet song neidat er de leafde forret hie doe murk er dat it net fierder gong en dat it foar ivich to let wie. En midden yn in halleluja dat klonk as in klok oer de lânnen sei God ynienen: sa kin it wol ta en naem him de pinne út hannen. [pagina 197] [p. 197] Ald forhael. In minske moat altyd dochs sjen dat er 't redt oars rekket er fierder fan hûs 't strewel is hjir ticht en in figeblêd - och dy hingje togryp by de rûs. Hoe lang al is 't lyn dat 'k him koe oan 'e wyn dy't moarns troch de leaven soeit? sûnt rin ik birûze fan slangefenyn wylst it yl oer myn siele groeit. Der is hwat ûnwerropliks bard mar ik wit it fansels wol krekt sa giet it as God jin skepen hat mei in útsprutsen psychysk defect. En sil ik nou dy flater bilije miskien en slach ik dêr myn eagen foar del? mar oan dizze machtige ûntdûkt gjin ien sels net yn it tichtste strewel. En ienkear komt dochs hwat ik kommende wist en hwat ik ûntroun om 'e nocht de wyn yn 'e leaven ropt: Adam, hwer bist - en neaken sil 'k stean yn syn ljocht. [pagina 198] [p. 198] Forantwurding. Jonge, ik wit de wrâld moat syn gerak ha mar de siel moat earne ek in plak ha hwant hja aerdet yn 'e stiltme 't bêst en hja langet út dit lân fan dieden wolris nei de tiid fan skieden en de iiv'ge rêst - As in man nei alles hwat er leard hie sjocht dat krekt it bêste glêd forkeard wie 't is mei syn bravour dan ringen út. Syn oermoedige fanfaren rane yn in dimm'ne vox humana as in lêst bislút. Jonge, 'k ha myn part forheftich libbe en sahwat nei alle deugden stribbe lang om let fortize yn alle kwea - 't Moat sa wêze, en it foldocht in tiidlang mar dan lokket troch de striidsang 't fluitsje fan 'e dea. Ja, in minsk wurdt yn himsels toloarsteld en de rekken dy't de tiid my foar telt dylgje ik net mei snare of stim - 'k Skôgje út dit kamp fan kleur'ge tinten op 'e stêd mei founeminten op Jeruzalim. [pagina 199] [p. 199] Oan in jonge dichter. Dyn wurk? it is krigel en risselút mar as ik dy riede mei skras dan dy eigenskipswurden der út en lit de Namme wei. Dû mienst it wol goed en it is dy sa leard - en ik fykje dyn rigels kapot - mar swetsen en swarren is einliks forkeard tink mar oan it tredde gebot. Op 't lêst docht in dichter de iennige kar al liket it bitter en hurd op 't lêst bliuwt syn wapen en einichst forwar de ienfâld fan 't sobere wurd. Miskien is dat nou in to greate sprong mar foar dy is it noch net to let en dy't sels troch de skea en de skande gong dy hat dy to'n bêsten ret. [pagina 200] [p. 200] Forlieding. Kom, rêd dy út de troeble stream fan dei en ding en feit wer ta de kleare en súv're dream fan geast en ivichheit. En it sil wêze as yn 't bigjin en alle leed foarbij en elke ûntroering sielsgewin en alle dingen nij. En elke dei in aventûr en 't hert in ynstremint dat as de wynharp licht oerstjûr de tearste wizen fynt. Dat as in paradys de wrâld opnij dy iepen giet en elke wei bikend en âld in libben as in liet - Kom rêd dy út de troeble stream fan dei en ding en feit wer ta de kleare en súv're dream fan geast en ivichheit. [pagina 201] [p. 201] Hwat dan noch? Gjin ding yn 'e tiid is foar de ivichheit wis dy't hjir wissichheit freget sjongt falsk - - en as der oer jierren gjin Fryslân mear is? - Dêr wie noch gjin kou mei omhals. Dyn dagen myn freon bin sa simpel yn tal en ienris wurdst moude en tsjêf in skoftsje, dan bloeit noch yn 't gunstichst gefal in forjitmynetblom op dyn grêf. In minske is in fjildblom fan ûren biskaet mar de bloei giet der fleurich om troch in folk wurdt oer wegen fan ieuwen laet en is it syn tiid - hwat dan noch? Vorige Volgende