E.B. Folkertsma:
De ynfloed fan 'e dichter.
‘Dichtkunst is.... heldenmoed.’
Isaäc da Costa.
Giet der fan 'e dichter langer ynfloed út op 'e ûntwikkeling fan 'e wrâld? Docht er sines jitte ta de ekonomyske, politike, culturele, soasjale en seedlike foroaringen dy't it minskdom altyd troch forfoarmje? Makket er skiednis?
Ytliken bitwivelje it hurd of ûntstride it jerne. Soks koe yn 'e dagen fan 'e romantyk, mar nou is de tiid to saeklik. De dichters skriuwe, sjonge en dreame foar lytse ôfsûndere rountsjes; de massa's en de machtigen harkje net nei harren, hawwe gjin orgaen foar har, kenne har net. Hja binne bûten de wet fan 'e ûntwikkeling en hawwe gjin maetskiplike funksje mear. Foar de inkelingen is de kunst luxe, foar de greate mannichte ûnsin. Wol hja jitte nuttich wêze, dan moat hja har brûke litte ta gloarje fan 'e machtigen en ta fordivendaesje fan 'e massa. Sloppe slavinne of opmakke prostituée mei hja wêze - dat is har lêste sin.
Sa constatearret, sa wol de iepenbiere miening it hjoed de dei, en mannich dichter lit him dêr fan yn 'e war bringe. Hy soe yn pleats wizer wêze en de grap troch hawwe. Hy soe bigjinne mei net al to fêst to leauwen oan 'e saeklikens fan 'e moderne minske. Hy hat folle mear en machtiger maten as er wolris mient. De technicus dy't in moaije oceäensteamer bout of in sierlik fleantúch makket of in wûnder wapen útfynt, de politicus dy't oan 'e steatsmienskip arbeidet nei it byld fan in harmonyske rjochtsoarder, de strateeg dy't mei miljoenen mannen en wapens optsjocht oer de breedten fan 'e ierde en har op sté en stuit byinoar hat ta ien ûntsachlike macht, de finânsier dy't it jild hinne en wer sette lit as wetter troch in net fan rivieren - hja allegearre hawwe de dichterlike dream. De moderne wrâld, hoe chaotysk hja op it each ek lykje mei, is fan in demonyske skientme. Foar de eagen fan 'e dichter forriist in Babylon ûntsettend fan hearlikheit en syn brân sil noch hearliker wêze. It is in skientme dy't de gloarje fan it fjûr wurdich wêze sil en dêrfoar ornearre is.
Né, de machtigen likemin as de massa forjitte de dichter. Hja hâlde him yn 'e rekken. Hwerom binne hja der sa gau by, fan âlde tiden ôf oant hjoed de dei ta, om him to forbieden,