polemyk ynlizze kin, net dat hja oer futiliteiten gyng en gjin bilang fortsjintwurdige foar oaren as wy beide. Likemin dat hja ûnweardich wie of fuortkaem út nocht oan ûnnocht, - in motyf dat men binammen hjir yn Fryslân sa tige graech tsjin elkenien yn it fjûr bringt dy't it mei in oar net iens is.
Hoe dan to forklearjen dat der, nei 't wy beide ús sin sein hiene, en beide op in net to sêftsedige wize de neitins fan ús greate dichter skeind, yn alle talen en dialekten swein waerd oer in kwesje, dy't doohs foar de lju mei pretinsjes op frysk-kultureel mêd noch wol fan min ofto mear bilang achte wurde koe?
Ik wit dyn biswieren tsjin myn andert: dat ik de striid oangie op in to brede basis, dat ik mei in swiere kneppel wer ris in mich deaslein hie, om dyn eigen wurden to brûken. As argumint tsjin de swijers jildt dit fansels net. En ek oars leau ik, dat it net alhiel opgiet. Dyn oanfal op G.J. gyng yndied út fan it tige smel front, mar de konsekwinsjes gyngen dochs fierder, dy binne dy miskien min of mear ûntkaem. Hwant net allinne hastou Gysbert as representative feguer yn de Fryske litteratuer èn biweging yn 'e kiif steld, mar ek: hwat bliuwt der fan in dichter oer as men syn styl sa kroandea forklearret astou dien hast? In deade styl is in deade man. Gysbert stiet of falt mei de wearde fan syn styl. Ik kin it dus net oars sjen as datstou him út Dichterlân forballe hast. En astou nou dysels weromlûkst op dyn smelle útgongsbasis, dan bitsjut dat foar my net dat ik tofolle út dyn artikel helle ha, mar datstou der mear ynlein hast ast efterôf forantwurdzje wolst. Nammers, dat dyn stik útgyng fan in tige smelle, particuliere basis, bitsjut net perfoarst in forsmelling fan de konklúzje, mar just in forskerping derfan. Krekt troch de persoanlike, subjektive toan fan dit tsjûgenis, wint it oan oertsjûgingskrêft hwat it faeks oan objektyf wittenskiplik fond mist.
Nei dyn stik haw ik net oars forwachte as dat de Fryske Gysbert-lêzers har en masse oponearje soene, pro of contra Gysbert of dy. Om dy lju foar to wêzen skreau ik sels myn biswieren tsjin dyn artikel, dy't hjir op del komme dat ik de fan dy forballe dichter alteast rêdde woe foar de snijseale.
En noch swije hja, ienriedich en lykmoedich. To min bilangstelling foar taelsaken en dichters? Mar de ‘Taelpraetsjes’ dan, dy't de hear Hof sa trou de gelegenheit jowe hwat fan syn orakelwiisheden op to spuitsjen? En de pielers en klauwers dy't Fryske wurden sammelje foar stikken boere-ark? De skoalmasters en professors dy't ús tael ûnderwize, resp. docearje? De striders dy't der foar stride? De dichters dy't der yn sjonge?
Wy moatte 't yn oarwei sykje. It wol my oan dat wy hjir stjitte op in eigenaerdichheit fan de Fryske yntelliginsje: in yntelliginsje dy't allinnich frijút wurkje kin as er syn objekten kronkreet en taestber foar him hat. In stik boerereau is konkreet en hat in konkrete namme dy't him sûnder tsjinstribjen op papier sette en opstjûre lit. In fersrigel fan Gysbert is net in konkreet ding, net in stik ‘tael’, mar in stik ‘styl’, - der komt ‘visy’ oan to pas. Dit is it misforstân by de hear Hof en syn discipels: dat hja styl foar tael oansjogge en de geast materiële mjit-