Dizze Age, greatwurden by drege stúdzje (ta ûnderwizer), hat him oant nou ta, om 'e tweintich jier is er, sûnder folle striid rein biwarje kinnen. It is in great foarrjocht foar in feint, dat er de ûnlijige puberteit sûnder kleanskuorren trochglydt. Gjin wûnder dat Age nou ek tonei rein bliuwe wol.
Mar dy smoarge, mei-twa-triennen-skriemende Eva's! Trije wurde der op him loslitten. Earst dy lytse dûnkere Aly. Hy kin har hast net tsjinstean. As Kristenen past harren gjin stikeme frijerij om in hoekje. Fan eangst om staesje to hâlden komt boppeneamd griemmank fan bjusterbaerlike fielings oer him. Bûtendat is er bang fan de gefolgen ‘en sil de widdou of de skuonmakker syn foarlân wurde’, d.w.s. in minder kosthûs, ‘hwant syn tinzen geane net út nei Aly, mar nei har lichum’!a Kannibalisme?
De skoalbern bihannelje syn probleem mei efkes mear nochterens en humor. Hja skriuwe op it skoalstek: ‘Master Tamsma frijt mei Aly’.
It wurdt Aly net. De tûke lêzer hat al yn it earste haedstik yn 'e noas hwa't it al wurdt. Aly forlit njuetlik de arena. Earst skriemt hja twa hiele greate triennen, dy't stadich út 'e hoeken fan 'e eagen weirôlje. Sirene nû. 2 is in trinten skoaljufferke, in drup gefoelich fan wêzen. As hja b.g. protteljen kriget fan de baes, skriemt hja twa hiele greate triennen, dy't stadich by it noaske lâns nei de hoeken fan de mûle tarinne.
Gewoanwei is it krekt oarsom, mar hjir is it de juffer, dy't út trystens treast en húslikens siket by de master. Hja komt yn allen safier mei Age net as Aly, mar bringt dochs syn wite frijerij mei de greatboersdochter danich yn 'e hobbel.
De ideale dochter fan de rike boer mei safolle hege amten en oare lyksoartige akkefytsjes is der ta ornearre, útkard om Age to hawwen, al stiet har heit de forkearing earnstich tsjin.
Is hy, Age, rein bleaun, hja Brecht, is net minder rein bleaun; hja skammet har al, as har eigen broers har yn 'e nachtklean sjogge. Hja striidt b.g. ek in koarte, leave, deugdsume striid, foar 't hja biskamsum, efter struwellen, yn it baeipakje krûpt, dat Age, dy reine siel, sûnder bybidoeling, foar har kocht hat.
Sa rein as hja beide is it oare jongfolk út it doarp net. Hark mar: ‘....de feinten litte har by it hege dún deltrûselje en slepe de lûdrazende fammen oan de fuotten der by del, dat de rokken om de mul sitte....’x
It koe net earder fanwege de reinens, mar einlings komt Brecht allinne by Age op syn keammerke, dat heane oard fan forlieding. By dizze gelegenheit kinne hja, lykas hja foarút al tocht hiene, harsels hast net rein biwarje.... ‘in ivichheit fan inkelde sekonden litte hja har gean....’ Hja bliuwe steande.
Fan klearebare emoty skriemt Brecht twa triennepearels (gjin gewoane triennen!), dy't har losmeitsje en stadich by har noas lâns glide. Men soe sizze: sokke swiere triennen dy't net hurder wolle as stadich.
Der komt in happy end. De boer seit hommels ja. ‘Heiteke’ krijt ta tank in ros fan in sêft famkeswang ‘lâns syn wrede stoppels’ en krijt der triennen fan yn 'e eagen. It fanke net.