het middaguur willen wezen, om het gedicht zo goed mogelijk te kunnen reconstrueren.’
Omstannichheden, selskip en waer wurkje lykwols net mei, en de reconstruksje giet net troch. Fansels net.
Dit tsjerkhôf is op gjin inkelde wize bilangriker as elk oar tsjerkhôf.
Nayfwei soe men sizze kinne: goed, Paul Valéry hat it inkeld mar biskreaun, mar dit is dochs de echte ‘cimetière marin’. Dêr leit krekt it misforstân. De echte ‘cimetière marin’ is yn it gedicht fan Valéry, en oars nearne.
Men bigrypt net mear fan Ruysdael, as men de echte mounle, net mear fan van Gogh as men it echte pear ôftrape skuon dat er skildere of de echte ierpeliters dy't him ta model tsjinnen, to sjen krije koe. Hja soene jin allinne dan hwat sizze, as men se stean sjoen hie wylst it kunstwurk ûntstie, dat harren transformearre, forhearlike en opheve ta de steat fan kunstwurk.
‘It hart’ fan Douwe Tamminga is in prachtich fers, mar in hart is op himsels net bilangriker as in baerch, en as ik ien fleanen sjoch troch de Nijemarder bosken, dan tink ik net: ‘soe dit him ek ris wêze kinne?’
Dit misforstân ûntstiet as men de saken omkeart. It kunstwurk, oft it in gedicht, in byldhouwurk, in skilderij of in muzikale komposysje is, wie gjin middel om ús de dingen sjen to litten sa't hja binne. Krekt oarsom: de dingen hawwe foar in lyts diel tsjinst dien ta it ûntstean fan it kunstwurk. Dêrmei hawwe hja har tsjinst dien. Hja kinne inkeld dyjinge noch hwat sizze, dy't by it skeppingsproces oanwêzich en der op ien of oare wize yn bitrutsen wie. Der is gjin inkelde reden om it hoekje reid, dêr't Gezelle syn prachtich gedicht by skreau (as it in oanwiisber hoekje is, dêr't ik noch net wis fan bin) earbiedich ôf to snijen en earne yn in Flaemsk museum oan stûken to setten. En as de gids it dan bistean soe en siz tsjin de bisiker: ‘En kijk meniere, hier ,hebt ge nu het ruisend ranke riet’ - dan soe it gedicht mei it reid forballe wêze yn in enoarme bilaeklikens.
Like ridicuul hawwe de grêfstiennen fan Sète foar Morriën west: it slimste is dat ek it gedicht yn gefaer kommen is troch in biswierlik mear to forbrekken profane assosiaesje.
Ja, dit soarte fetisjisme is net ûnskuldich; it profanearret in kostber geastlik bisit, it docht oanslaggen op it geve byld fan ús fantasij. En dat is it ienich bilangrike. Ik haw der gjin forlet fan, om de ‘echte’ Olyfberch en it ‘echte’ hôf fan Gethsémané to sjen, en it suvere byld dat ik der fan út 'e Bibel haw, bidoarn to krijen troch in iiskarke of in weismiten bananeskyl.