- Wy hiene ek in jonge.... ien jonge, 19 jier wied er doe't er.... It libben is hurd foar âlde minsken.
- Foar allegearre. Hwer libbet men foar? Miskien foar oaren dy't jit libje. Dit is in útkomst foar him en foar ús: wy hawwe gjin plak foar sokken, einliks. Sjoch, hy sliept.
De âld frou poke fûleindich yn 'e kachel om.
Dy winters wenne er by baes smid en de frou: ienfâldige swijsume minsken, dy't net mear tsjin him seine as nedich wie, mar him as eigen forsoargen. Deis die er in hântaest mei yn 'e smidte, jouns nei it wurk stoarre er in skoftke foar him út, winske goenacht en gie nei syn keammerke. Dêr foei er langút op bêd, yn in leadswiere sliep, dy't duorre ont de âldfrou him moarns derôf rôp. Wied er hjir lokkich? Yn elts gefal tofreden. Forline en takomst frege er net nei. Mooglik hie it altyd sa west en soe it ek altyd sa bliuwe.
Mar de maitiid kaem, mei farske roken dy't nij libben wytgen, mei sjongende fûgels yn beammen dy't op útspruten stiene. En hja wie kommen dy't er kend hie, al wist er net hwêr en hwannear.
- Dou hjitst fan Marja, hied er sein.
- Ja, Maria. Mar hoe witst it?
- Earder ommers, doe't wy.... Mar de mist fan it forline loek net op. It die der ek net ta; hy hie ek it rjocht net to sykjen, to freegjen, to witten. Dêr wie de ûngroun.
Hja kuijeren it lân út, dy sneintomiddeis. It trille oer de fjilden, ljippen tommelen oer de wjuk, skriezen rôpen. Boerefammen hiene molken yn in jister, stoer yn har blauwe oerstrûpers. Keallen stiene to drinken oan in krêbbe. In jonge hie fjouwer skiep oan it stek set, om se to melken. In lyts famke mei lange ljochte frussels struide hinne-iten oer 't hiem. Alles oars, en dochs bikend. Hie it hjir wol west?
By in âld hikke hied er it har frege:
- Marja, hastou dit alris earder meimakke? Marja?
- Alle jierren salang't wy hjir op it doarp wenje.
- Né, dat net. Mar hast hjir earder stien, by dizze selde hikke, mei ien dy't.... dy't hjir earne wenne?
- Hwat west hat, hat west, lake hja. - Nou steane wy hjir.
- Mar sjoch dan, Marja....
- Siz dochs Maria, sa hjit ik ommers!
Hy seach har skerp oan, nou eins foar 't earst. Hja wiene frjemden.