De Tsjerne. Jaargang 3(1948)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 144] [p. 144] Sjoerd Spanninga: Rombom.... Rommerdebom, rommerdebom, rommerdebommerdebóm. De dea dy strúnt de strjitten lâns, de dea dy spoeket om. Nou docht de nacht de blinen ticht. It ljocht is út de lampen stoarn, en efter swiere rougordinen sjocht de iensumens harselme oan. Gjin laits sil oer de drompel gean fan 't hûs, dêr't men de triennen druit. Aenst wurdt de jiske fan 't bistean oer wetters en oer stiennen struid. Mar 't boarst foarút en selsfoldien giet waenwiis en mei lege geast de frase noch op 't idel hoars oer herte' pún, troch plond're stêd.... Hwant oars is elts forslein; net ien fynt yn it skeinde libben treast - fortwiivling hat de wanhoopsearmen fan 't forkoalle beamte sûnder blêd. Rommerdebom, rommerdebom, rommerdebommerdebóm. De dea dy strúnt de strjitten lâns, de dea dy spoeket om. Vorige Volgende