De Tsjerne. Jaargang 3
(1948)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd
[pagina 142]
| |
Sjoerd Spanninga:
| |
[pagina 143]
| |
Huvert dy noch oer de lea:
Dou hast tó lang nei de biswarringen fan toverpreesters harke,
Dy't tsjin dy seine: - Leau dit en doch dat, of oars.... -
(En dan seagen hja mâlle prot, hwant twivel oan har wie de twivel oan god;
Tsjinpraet koene hja byâlds mar min forneare),
Om nou al frij tinke to kinnen en dyn oarsprong en bistimming to forstean.
Mar ienris, as de stilte skôget út dyn djipten,
En tobroazeling dy tichter brocht hat by de krêft,
Dy't alles draecht en driuwt nei souvereine wet,
Sil 't hill'ge dy forbline mei in ünbismette gloed',
Dêr't de sinne tsjuster by liket,
En dyn gemis wurdt dy fortarrend iepenbier;
Dan sjochst ynienen, fan wierheit trochljochte,
Hoe ûnfolmakke ast' noch biste op dyn suverste mominten -
Lit soks dyn geast in teken wêze ta fornijing,
En as in keningsbern sil dy forlosse it bitrouwen,
Dat dwêrs troch al it lyts gekriel en hopeleas gekreau,
It angelieke omgiet as in barnend hert,
En 't rjocht by skeinde sielen siket om syn soan, -
Strak sil dyn visy him mei ivichheden mjitte,
En juster, hjoed en takomst wurde yn dy ien.
(‘Pylgertocht’)
|
|