- 't Is ek healwiis waer, ju.... en it Regear is healwiis en de dichters binne healwiis.
- Hwat in segen datstou proaza skriuwste....
- Frouk....
Mar hja wie al fuort. Dy frou fan him, jimmeroan warber yn de húshâlding en soms sei hja in wurd, dat sneed snie....
- Frouk, ik sjoch gjin doek ju!
- Dy hinget oer dyn skouder! rôp hja út de keamer wei.
En doe't er de droege doek oer syn oantlit roste, skoude hja gauëftich troch de kokensdoar en soe de treppen op nei de bern.
- Earst in tút.... 'k bin skjin!
Sjouke griep syn frou fêst.
- Doch nou net, Sjouke.... de dei hat noch gjin joun. En dy bern moatte yn 'e klean.... lit my los.
Hy krige in mep op syn hannen en frege net om in twaden.
Dêr, nou wied er ek al nijsgjirrich op 'e frou, regear.... dichters.... frou, 't koe sa wol wer ta. Nammers, de frou foel net ta. Wurk, wurk en arbeidzje.... stopje, naeije en waskje en iten siede, bêdopmeitsje en swilk wriuwe.... en gjin tiid foar in tút, gjin tiid foar in boek of it moast dan al Snein wêze, gjin tiid om ris nei maten op bisite to gean of ris in joun nei in stik of in film.... of it moast op har jierdei treffe. Neat mei to bigjinnen, mei it Regear net, mei de dichters net en mei de frou hielendal net.
Dy dichters, hy soe it harren ris kreas op it baitsje spuije.
Hwant hy hie juster oan de iterstafel út Jeremia lêzen fan de Rechabiten, it fiifentweintichste haedstik, hy soe it nea wer forjitte, en hjoed-de-dei noch nei de dichters gean en harren sizze:
- Jonges, in sigarettebontsje foar in fers op de Rechabiten... né, nèt om dy buorrel of dat glês wyn, dat jimm' sûpe, mar om hwat jimme Heit sein hat, lossleine duvels!
Jimme, jimm' binne allegearre fan Prof. Barth mei de moalsek slein.... Barth, dy moderne Kersten.... en beevjend freegje jimme, oft it barre mocht ‘dat het je nog eens mag komen staan te gebeuren’, de bliksem fan Gods verticale streek troch de horizontale fan jimme.... en dat sil dan de iepenbierre God wêze, de wjerljocht ynsté fan Gabbatha en Golgotha.... stommelingen, witte jimme dan net, dat it Foarhang stikken skuord is? Jimme, jimm' krimmenearje oer dy sabeare-Kristenminsken, dy't jimmeroan yn 't Alde Forboun omwjirmje en it ha oer gebot op gebot en rigel op rigel.... en sels jubelje jimme oer in forskûle God yn in lôgjende hage.... hjir nou,