De Tsjerne. Jaargang 3(1948)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 136] [p. 136] Sjoerd Spanninga: Kwatrinen Siikje it net by literaten mei neuroasen, Mar nim as maten dy melaetsken, de leproazen, De skurve outcast mei de útslach om it hert - En deade tûken krije wer in langst nei roazen. * It libben dounset troch my hinne as in bajadère.... Of bin 'k de wite flam, dy't opstiicht as in stjerre En ljochtsignalen útstjûrt yn de gitten nacht? - Hóé djip de need is wit n't ien - as wy togearre.... * Lykas in âld journael, dat oanspielt op it strân, Unlêsber wurden fan it sâlte wetter en de brân - Mar dwêrs troch 't logboek stoarmet noch de sé -, Sa wynd'rje wy as bleak're bledden yn Jins hân. * De wiere greatme wurdt yn stilte berne, Sykhellet djip en iensum as it romme fjild. Har earme klinte hat in hearremyt yn wenne, Fier fan gekreau oer dit en dat en - jild. * Nou swaeit de leafde jim in findelgroet, Al is de tromslach fan it hert ek donker. Hjoed naem de dea ús wol it ealste bloed, En stoar it libben mei syn lêste flonker. * It stiet wol sa, dat party útkard binne, Yn de kroniken fan it minskelik gemoed, Gods wil to skriuwen mei profetepinne, En mei de reade inket fan it offerbloed. * Yn it forbliuw, dat men ús siele neamt, Wurdt troch forskaet fan folk oernachte. Neist it bitûfte skaei, dat ûndied dreamt, Komme der prinsen, keninklik fan slachte. Vorige Volgende