Literatuerskiednis....
De Nieuwe Rotterdamse Courant fan 1 April 1.1. bifette in artikel ‘Karnton plus centrifuge’, fan de hân fan in ‘bijzondere correspondent in het Noorden’, dy't him mei greate wurdearring útlit oer it wurk fan en yn ‘De Tsjerne’, dêr't yn arbeidzje ‘de elementen van waarachtig talent, potenties, welke van ongemeen belang kunnen worden voor de ontwikkeling van de Friese literatuur’. Op it - lange - artikel sels wolle wy hjir net yngean, allinne konstatearje wy, dat it tsjûget fan leafde en kennis en in sjen fan greate ‘lijnen’. De sitaten út De Gids fan 1922, dêr't prof. Huizinga D. Kalma ûnder de loupe naem, biwize, dat de skriuwer him net iensidich foarljochtsje litten hat. Bliuwt de fraech: Hwannear set in deskundige him ta it skriuwen fan in Fryske literatuerskiednis sûnt b.g. 1885? Of, om tichter by hûs to bliuwen, hoenear komt de twade, útwreide printinge fan Piebenga syn Fryske Skriftekennisse? Mar in nij wurk wie faeks, sjoen de ûntjowing yn en nei de oarloch, winskliker. As it gjin ienmans wurk is, hokker Fryske essayisten-letterkundigen nimme dan it initiatyf?