De Tsjerne. Jaargang 2(1947)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 364] [p. 364] Marten Sikkema: In memoriam F.T.S. † 2/10-'47 Noch koest de hân my op it skouder lizze, Wer soe de ierde stean yn rike tsjoen En ús forboun wie mei gjin wurd to sizzen: Ik haw it skot net heard, dyn fal net sjoen. Mar ik haw sliept, doe't lâns de lêste paden Dou hommels gien bist ûnder 't driigjend swurk, Fier fan ús jountiid mei de gouden skaden, Fier fan it moarnlik sjongen fan ús ljurk. Dit wie it greatst forrie oan ús togearre: Yn 't ivich rûzjen fan it tropysk wâld Leistou to glimkjen nei de stille stjerren, Oer myn ûntweitsjen wurdt de sinne kâld. It alde bern Yn wûnderstêd in stil en skruten bern, As miggeswarmen dounsje oer de grêften, Eagen en lippen lokje, en in sêfte Sûzjende koelte giet by nacht forlern. Simmerske klokken gounzje yn har tuorren, Fier sjonge floiten mei in sulvren glâns, De lije loften wevelje bylâns De bûnte tunen, leafde' blommekuorren. Ien hjerstich rypke en it is forlern, In njûre winter draeit syn spegels iepen: De earste snie leit glânzgjend oan 'e sliepen, - Troch âlde eagen glimket skruten 't bern. [pagina 365] [p. 365] De finzene Efter de feale huzerigen, Kliemsk hokjend om it lampeljacht, De tuorren dy't op slûge wacht Under de doffe loften nige, Dêr lizze ommers fjilden, tige Forbjusterjend yn iivge pracht, Sûzelt de séwyn troch de nacht, Is koele moanne wer yn 't stigen... Dy't ienris dêr wie, neare stêd, Leit jimmer finzen oan dyn ruten En stoarret him de eagen blyn. In wein kroant yn 'e nacht op, têd En aloan têdder; buoijen slute De loften: flarderjend gerdyn. De ald-strider De rook fan fallen fruchten oer de paden, It keppeljen fan ljippen en it liet Fan trútsjes troch de dize: sa forgiet Der wer in simmer. O, nou de gewaden Fan jonkheit wer to dragen, en it sop Fan tweintich jier to priuwen om 'e tosken, To jachtsjen mei de hounen yn 'e bosken, Wer acht to slaen op eltse wylde rop... Hy flokt om al dit lijen: jimmer warber Is yn de minske 't bist fan ieuwen lyn. De bern gean' oan: libje dy nou miskien? Dof siicht er del en slobbet syn rabarber. [pagina 366] [p. 366] Lit my mar... Lit my mar slûgje oan dyn side En lûke oan myn idel burd, Wylst drippen lâns de glêzen glide En steallen gluorje yn 'e hurd. Lit my mar dreame fan de tochten Dy't oaren dogge yn 'e romt' En brieven skriuwe om 'e nocht en It antwurd wachtsje dat net komt. Lit my mar stoarje en forjitte En swijend boartsje mei dyn hân. Hwa sil it lêste riedling witte? Oer alle grêven rint Gods sân. Vorige Volgende