De Tsjerne. Jaargang 2(1947)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 361] [p. 361] Willem de Jong: Iennichst fjûr Ik doarmje foar dyn finster, hwerefter fragyl ljocht oer dyn forhoalenheden glinstert. Hoe sil ik ea ta dyn wêzen trochstjitte? Dit bitter wachtsjen is sinleas: dû bist it ljacht en ik hear by it dûnker. Ik doarmje foar dyn finster, warleas, yn aloan wurger rounten: fûgel dy't syn wjukken tobarnt. ** * Leaver fortarre as fortoarkje! Hwat haw ik yn dit skrinkellân jit sûnder dizze brân? Noch net De nachten birinn' ús en de wyn boazet oan. Hearst wol it kroanen en stinnen, en hoe't de bolle hoart oan it tsjoar? It libben is tryst en koart, in stadige dea. Kom, jow dy oer, lea; hwat let it en drink de glêzen leech? Mar hja, ûnder myn twingend' oerbûging: ‘noch net, 't is noch to ier om lokkich to wêzen.’ [pagina 362] [p. 362] Ut 'e ierde ierdsk Ierde, ik bin inte op dy, dyn soppen stige yn my, ik span myn krún yn dyn sfearen. Troch myn twigen rint dyn koartammich, bitter liet. O, ik hâld fan dyn gerûs en sûndichheden, fan dyn reade forgonklikheden! Ierde, ik bin ierdsk, in leat fan dy. Pleats by nacht Pleats, biskermjend bûget dyn tek oer har, dy't bloeit yn dyn waerm en leech fortrek, oer har hearlikheit, dy't dûnker broeit yn dyn yngewant. Kâld is de wyn, mar dyn muorren bliuw' stom en blyn. Fijân, hwêr sil ik dy birinne? Swijend wêzen, hoe sil ik dy winne? Hwannear fyn ik genêzing yn dyn biskûl, pleats, frou? [pagina 363] [p. 363] Hôf It liet is brutsen, de kleuren troch de wolk bidutsen. Hwerom noch ienris werom to sjen nei de forlitten hôven? Ik moat de drôve wei del gean nei deade fierten, mei mar ien ûnreedlike hoop: it koartstounich skaed fan in wiffe wûnderbeam. It paed is hurd en net werom to gean. O, blinkend swurd! Vorige Volgende