| |
| |
| |
Geart Jonkman:
Stopjern
Of dit skriuwen dy ea birikke sil, ik wit net. Ik hoopje it allinne. Hwa soe my better bigripe as dû? Net dat it hwat jowt, bigrepen to wurden, och hea né. De cel bliuwt der like griis om, dêr kin sels de tekst yn gouden letters ‘Zalig zijn de reinen van hart’ neat oan foroarje. En de tram rattelt der neat hurder om oer de Hearrewei. Dy tram bitsjut hwat, hjir yn Grins, binammen as men hastich is. Mar ik bin net hastich mear. En fan de taertsjes, dy't yn dizze doazen pakt wurde, ienris, sil ik wol net mislik wurde. Ik meitsje taertedoazen foar in bakker út Haren. Der binne ek finzenen dy't pûdtsjeplakke en al sokke dingen mear.
Mar hwat kin dy al dy healwizens skele, hoe't ik b.g. myn bêd opmeitsje moat, de striesek omflap, it opklapbêd omheech, tekkens en lekkens der boppe op, de brede reade streek sekuer yn de midden. Myn namme bin 'k kwyt, ik bin Cel Trije. As ik by cel twa immen ‘Luchten’ roppen hear, nim ik de klompen yn 'e hân; it bosk kaeijen komt tichterby en myn doar giet iepen. Dan rin ik de lange gong oer, jimmer fannijs ûnwennich fan de romte, dy't my hast fijannich oangappet. By de loftcel wurd ik wer kalmer, ik krij it kalken-eintsje, hâld it by de lytse gasflam en stap troch de doar, dy't daelks efter my sletten wurdt. In tegelpaed om in mannich earmoedige hjerstblommen, fyftsjin stappen yn 'e rounte. Boppe my traljes en hinnegaes. Ik smook om dea, alteast as Hoving der net is; hwant men kriget net fannijs fjûr as de pipe útgiet. Hoving hat in swak foar my, as hy de ‘loft’ hat kin 't hwat lije. Dan makket er ek wolris in praetsje. Hiel hastich lykwols, wylst syn eagen alle kanten útglûpe en hy my faek ûnforwacht de doar foar de noas tichtslacht, deabinaud foar syn baentsje. Mar dat fers fan de ‘Scheepsjoagers’, it iennichste fers dat ik ea yn 't grinslânsk skreau, hat him hwat weak makke. Syn pake en heit hiene it beide west, seit er. Mar lit my net ôfdwale, dû hast it gefal fansels yn de Ljouwter lêzen. Stopjern is net dea, hy hat it helle. Mar hjir yn 'e cel ha'k
| |
| |
him elke dei fannijs formoarde. Elke dei roun my it waerme bloed oer de fingers en it wie in geniet to sjen hoe't er ûnder myn hannen stoar. 't Is eins in healwiis forhael. Om him hjir to krijen, tocht ik him in baentsje ta by de reklassearring. It knyft gyng der elke kear wer oars yn. Ienkear smiet ik it him yn de rêch, doe't er de cel útstapte; op súd-itaeljaenske wize, dat wol sizze, men leit it knyft plat op 'e hân, de punt nei efteren, heal yn 'e mouwe, men swaeit mei stive earm, it knyft fljocht der ôf en hat de eigenaerdichheit om flak by it slachtoffer in gisel oer de kop to dwaen, dat de punt nei foaren giet en yn it fleis sjit. As it goed to plak komt, sakket de persoan stadich troch de knibbels, as in boere-arbeider dy't yn 't lân delsiicht om in bakje kofje út de tsjettel to jitten. Lykwols, dit jowt gjin bifrediging; men moat it knyft yn 'e fûst ha en dan: regelrjocht yn 't hert, om de réaksje fan it fleis to fielen (midden yn in sedepreek leafst), ûnforwacht, en it opfearjende lichem even yn lykwicht hâlde mei it mês dat der yn stekt.
Nea haw ik him de reden opjown, mei sin net. As men tsjin immen seit: dû hast dat en dat dien, dêrom silst stjerre, dan fynt sanien jimmer wol in forlechje foar himsels en stjert as martelder mei in soarte hillich fjûr yn syn bange eagen.
Dat gunde ik him net. Dêr joech ik him de tiid net foar. As ik it knyft yn syn boarst staette, lies ik yn de eagen, great fan ûntsetting, allinne dit: Hy socht as in razende yn syn ûnthâld, foun my wer op de twade bank fan 2a en lies syn eigen skrift op in rapport: ‘Lui en vergeetachtig’.
Dat er mei dy oantekening fan my in misdiediger meitsje soe, is nea yn syn stomme geast opkommen. Faeks hie er it dan net dien. Mar dat it net wier wie, dat it in skreauwend ûnrjocht wie, dat wist er, dat lies ik yn syn eagen doe't ik him by Van Gend en Loos rekke mei it knyft, dat nou yn 't laed by de rjochter-commissaris leit. Nea hat er witten dat iksels de hân ûnder it rapport setten haw, ynsté fan ús mem, dy't my fan har earmoede leare liet. Nei in pear dagen oefenjen wie myn ûndertekening net mear fan mem-harres to ûnderskieden en bisparre ik har in great fortriet. Hja hie alle hope op my steld, ik soe hwat wurde yn 'e maetskippij. Hja waerd mei fyftsjin jier fan de Boargerskoalle nommen, om't beppe
| |
| |
stoar, hja moast de hiele arbeidershúshâlding biskreppe en sân kroadzje, de hiele streek lâns, om't de boerinnen Sneons de strjitte yndweilen mei sân en de paden oer 't hiem, alteast nei de dyk ta, bistruiden. Ik ha 't forhael wol hûndert kear heard. Ik soe en moast myn bêst dwaen, hja wist hwat in arbeiderslibben ynhâldde, nou siet hja mei in hok fol bern en mear fan soks. En... as ik net learde, hja hie in segarekiste fol skuonsmoar, fiters, knopen en bân, dan moast ik mei negoasje by de doarren lâns. In frjemden-ien, ús mem, mar in bêst minske. Sels in grou húshâlden en by in oar bakerje, waskje en al sa mear.
Ik learde goed, it gyng fansels, útsein wiskunde, mar dat krigen wy fan Kort, dêr hie Stopjern gjin lêst fan. Koe ik it helpe dat ik, as de kaert fan China foar 't boerd hong, frjemde muzyk hearde en wûndere forhalen, tûzenen jierren âld? En net fuortdaliks in antwurd wist, as er my ûnforwacht hwat frege? Myn eagen, mar dat wist ik doe net, brochten him fan syn sjapiter. Dat wist ik tsien jier letter, doe't ik, troch tadwaen fan de reklassearrings-amtner, yn de saneamde wurk-forskaffing bilânne.
It wie yn 't skoft, wy sieten mei acht man yn de keet. Fjouwer man kaertspilen, swarte Hindrik siet mei Bosma en Roel oer it fascisme to praten. Ik pakte ien fan de fette breakranten op en lies hwat oer in demonstraesje op de Place de la Concorde to Parys, dêr't de plysje mei gummi-kneppels yn om ramaeide. Ik tocht sadwaende oan de frânske revolúsje en dwaelde yn tinzen hwat yn de ljochtstêd om. Arc de Triomphe, Tuilleriën, Mont Parnasse en sa. De krante lei al op 'e groun.
Ynienen stout Bosma oerein, as waerd er fan in njirre stutsen, hâldt my de fûst ûnder de noas en raest: ‘As't my nou noch langer oansjochst, smoarge oplichter, dan hou ik dy plat tsjin 'e groun!’ En tsjin 'e oaren seit er: ‘Dy fint sjocht jin efter yn 'e kop!’ Ik sei, dat ik hwat siet to mimerjen en my net biwust west hie dat ik him sa oanstoarre. Ek frege ik him it wurd ‘oplichter’ net wer to brûken, ik hie myn straffe hawn en boppedat wie 'k dwaende, foar safier ik koe, de skea werom to biteljen.
Unnoazel sokke minsken tekst en útliz to dwaen, mar ik
| |
| |
wie jong. Hja wiene alle sawn kommunist, ik wist net hwat ik wie. Ik hie allinne greate blierren yn 'e hannen. Letter, yn 'e put, sei Sander tsjin Bosma: ‘Wy kinne mar arbeidzje foar dy fint mei syn juffershannen, wy moatte sjen dat wy him yn in oare ploech triuwe.’ Hy sei it sêft, mar ik hearde it dochs.
‘Sokken hoegden yn Ruslân net oan to kommen,’ ornearre Bosma.
Doe sei swarte Hindrik: ‘De kloeren hiene him oan de pinne fêstfrieze moatten; net ûnaerdich ‘valsheid in geschrifte’, sokken moasten nea wer yn de maetskippij opnommen wurde’... Mei stie 'k foar him, de ljep boppe de holle om him de harsens yn to slaen. Mar immen efter my grypte de ljep en sei: ‘Net dwaen Hiemstra, net dwaen jong, foar soks haw ik fjouwer jier yn 'e kast sitten; en jimme mannen, hâld jim de bek, lit elts nei himsels sjen, de jonge docht syn bêst!’
It wie Roel, Roel Kap, ús putbaes. Hy hie op in merke, earne yn Drinte, immen mei ien feech omtrint in earm ôfhakke mei syn knyft. De man wie deablet.
Letter fornaem ik dat ek oare minsken lêst hiene fan myn eagen, binammen froulju, en ik joech hwat mear acht om my dertsjin to hoedzjen.
Dat hat it him ek dien mei Stopjern. It makke him senuweftich, hy haette my. Mei de gymnastyk naem er wraek: ‘Waar zijn je schoenen?’ Hy wist dat ik gjin gymnastykskuon hie. Mei de ien as oare oefening barde it wol gauris dat er sei: ‘Hela, jonge vriend op sokken, laat jij maar eens zien wat je kunt.’ Of: ‘Toe maar, buig maar door, je broek is ruim genoeg.’ De soannen fan dokter Wynstra en opsichter Swart wiene âlder en mear mânsk as ik. Us mem wosk by harren en krige wolris in stikje klean mei, of skeef-útsakke skuon. Hja wie in bêst mins, mar myn triennen joegen neat. Hja neamde my laitsjend, en faeks ek wol greatsk ‘Houtigehage’, om't ik sa focht en hast nea sûnder skrammen en bulten roun. Ik fortelde har net dat it om sokke ûnnoazele lytsichheden gyng as ‘earmoedsaeijer’ en sa. As ik myn klean mar net toroppe, in pûde of in blau each wie soun, tocht har.
Doe kaem ik op dat kantoar, der moast lang om let hwat
| |
| |
jild yn 't laedtsje komme. Der gyngen kaptalen om. Jild fan minsken faken, dy't it net brûkten, of misbrûkten, jild ek fan minsken, dy't mienden dat it libben gearhong fan bridgen en champagne. Jild fan ‘leuk zag’- en ‘affreux’-sizzers, dy't ik der jimmer fan fortocht dat hja in gleone ierpel yn 'e mûle hiene. Hawar, ik makke al ringen hwat opgong, om't ik sa float wie en de minsken, de clientèle, sa goed oanfielde, en brocht it op sechstich goune yn 'e moanne; inkelde kollega's, dy't tagelyk of earder by de saek kamen, wiene oergunstich. It wie krekt yn de tiid, dat ús mem hwat mei de âlde dei pielde en ûnder de fuotten rekke. Us Jantsje fortsjinne doe fjouwer goune wyks op it konfeksjefabryk, mar moast thús bliuwe om it spul to birêdden. De oare fjouwer fortsjinnen neat. Hûshier, gas, ljocht, wetter, forsekering, bakker, winkelman, hawar, dû bigrypst it wol, it roun al gau op 'e non. Doe krige ik dy fatale ynfal. Trije wike letter siet ik by Boerrigter op it plysjeburo. In wike letter yn in cel en in fearnsjier letter stie 'k foar fiif sombere mannen yn wide toga's. Tolve moanne en trije jier proeftiid, om't ik sa jong wie. De ofsier hie twa jier easke, de omstannichheden yn oanmerking nommen, sei er. Oars hied er mear frege. Ik bigriep doe noch net dat hja de folle wierheit net seine. De wierheit wie, dat die letter bliken, libbenslang! En fan dat libbenslang ien jier yn de cel. Dat wie, efternei bisjoen, net ienris it minste plak. Mem troude fan earmoede foar de twade kear, faeks yn haedsaek om my to forlossen. Ik woe koloaniael wurde, mar it gyng oer, om't ik sitten hie. De buorlju groeten my oars, yn guon eagen lies ik bigryp, meilijen.
Mar hoe dan ek, ik wie foar harren net mear deselde. Ik ha sûnt forskate baentsjes hawn, fan sjouwerman oant reizger yn reiden stuollen ta, mar men waerd rounom al ringen gewaer, dat ik sitten hie. En nou kom ik lang om let dêr't ik wêze wol, de lêste wike foar de oanslach op Stopjern. Forjow my dat ik hwat omslachtich west haw, mar ik mien datstû, mei 't each op de psychologyske eftergroun, somlike dingen witte moatst. Fan myn grinzer tiid hoech ik dy neat, alteast net folle to sizzen, bihalven dan fan Sjouk. Dû kenst har al sûnt dyn H.B.S.-jierren, dus langer as ik. Ik ken har sûnt '43. Hja hat hjir Freed west, in kertier. Der foel net folle
| |
| |
to sizzen, boppedat sit de brigadier der by. Dochs hat dit kertier my mear lok jown as hiel dy fjouwer jier, as al dy jounen; èn de nachten dy't wy nou en dan hiene. Sûnt Freed bin ik bliid dat Stopjern it ‘helle’ hat en fan 'e moarn, it is hjoed Snein, ha 'k foar 't earst de tsjerketsjinst hjir bywenne. Net dat ik nou yn ienen in hillige bin, dat net. Mar doe't it oargel preludiearre, waerd ik opnommen fan de weagen fan it lûd en doe't ik it bosk kaeijen rinkeljen hearde, timmere ik mei de fûst op 'e doar. Roelfsema die iepen en seach my forheard oan. Soa, sei er. En doe helle er in bibeltekst oan, it gyng oer de binaudens fan 't hert, leau 'k. Op 't heden is hjir wer hwat to rêdden, de celdoar sit op 't keatling, dat wol sizze: in hanbré iepen en in stikmannich froulju sjonge stichtlike lieten foar de finzenen. As 't net om dy iepene doar gyng, koene hja om my wol opkrasse; 't is net om oan to hearren. Mar kom, ik sil dy net langer forfele mei bykomstichheden.
Dy Woansdeis dan, 15 Sept. as 't my net mist, seach ik Stopjern yn 'e Hearestrjitte, krekt by Willems. De smjunt wie suver net foroare. Yn ienen krige ik oanstriid om yn dy haetlike troanje, dy't yn fiif en tweintich jier neat fan syn bottens en sadisme forlern hie, to spuijen. Doe't er it Suderdjip oerstiek fornaem ik, dat ik him folge; hy seach op 'e klok en waerd ynienen hastich, krige de hoed yn de hân, deselde hân dy't de suterige aktetas droech, en ik seach dat er, lyk as doedestiids, de naed midden yn 't hier hie. Fierders deselde koarte nekke en de haetlike platte rêch. Oer de Hearebrêge sloech er rjochts ôf en roun op it tegelpaed by de hege hage lâns. Ik roun bylâns it wetter om de troanje fansiden to sjen. Dat waerd my needlottich, hwant krekt ear't er lofts ôfswaeide nei 't stasjon, seach ik it kroljen fan dy tsjokke sinlike lippen, krekt lyk as earen, doe't de direkteur mei myn rapport foar it boerd stie en sei: ‘Luie vlegel, schaam jij je niet voor je moeder, die zich voor jou krom werkt?!’ 't Is net wier, woe'k doe raze, mar ik krige gjin lûd oer myn lippen.
Dat byld skeat my troch de kop, mei in pear sprongen helle ik him yn, mar de kontroleur by de útgong seach my oan; ik sei en die fierder neat. Stopjern liet syn retourke sjen en ik forlear him tusken de minsken. Ik draefde nei de haed- | |
| |
yngong, koft in perronkaert en stoude it perron op. By de trein nei 't suden stie de chef op 'e klok to sjen. Hy rôp my ta, of ik noch mei moast, stiek, doe't ik né skodde, it spegelaei omheech en de trein bigoun stadich to riden. As in waensinnige fleach ik by de coupé's lâns en ja, yn ien fan de foarste weinen siet er foar 't finster. Hy waerd kjel doe't er my seach; mar nou, efternei, leau 'k dat ik it my forbylde haw. Soa, dus Assen, ornearre ik. Hwant hwêr soe er oars hinne? In retourke en sûnder oerjas, ja, it moast Assen wêze. Hy joech- of folge hjir grif in kursus yn Grins. Stom, ik hie yn de trein springe moatten, útfine hwer't er wenne en... Mar ja, men hat net alle dagen in moard by de hân.
Forbylde ik it my, of seach dy idiote kontroleur my wer sa skerp oan?
Sa dangele ik de stêd yn en siet, sûnder my der rekkenskip fan to jaen, even letter yn de Weeva. Ik murk it, doe't de direkteur, dy't my koe, my in segret presentearre en sei dat hja der al wie. ‘Hja’, dat wie Sjouk. Trochstrings kaem hja hjir jouns daelks fan 't laboratorium hinne. Ik wit wol, dû fregest dy ôf, hwat ik yn har seach. Physyk en psychysk stie se dy tsjin. Mar dû bist my net, en dat's mar goed. Ik wit dat myn leafde, dû soest it bigearte neame, hwat to great is en myn wil, om de knoop troch to fykjen, to swak. Ik wit dat ik gjin stûr wurdich bin, qua karakter, en dat ik jimmer it slachtoffer wêze sil fan de forskuordheit yn my, it ivich konflikt fan forstân en hertstocht. Mar ik wol it foar mysels net wêze en waen my de gouddoller, dy't, jimmer ûntgûchele, dochs wer fannijs dolt, yn de waensinnige hope dat der ienris goud boppe komt. Op in distânsje sjoch ik út en troch klear de miserabelens fan dizze figuer, mar ik kin net oars. Myn artistike oanliz docht der ek gjin goed oan. Ik hear nou ienris net ta de bifoarrjochte klasse fan praktici, dêrstû dy heal en heal ûnder rekkenje kinst. Mar lit ik gjin martelder wurde; ik bin nofteren genôch om to sjen dat elk wêzen, yn hokker foarm dan ek, in soarte Don Quichotte is, ek al witte de measten it net. Is der wierlik wol safolle forskeel tusken de cipier, de rjochtercommissaris en my; en de mannen dy't aenst oer my oardielje sille? Hwa fan ús is frij fan idelens en waen? En... hwat de skuld oangiet, binne wy kollektyf net forantwurdelik
| |
| |
foar elk minskelibben dat yn de oarloch, hoe dan ek, fornield is? En hwat myn foarrige misdied oanbilanget: hwa is, ûnder bipaelde omstannichheden, jimmer earlik bleaun? Hwa hat yn de bisettingsjierren, yn hokker foarm dan ek, net stellen? Hokfoar waen moat de mannen bisiele, dy't aenst yn deadlike earnst in oardiel oer my útsprekke doare? Is elk fan harren net in Don Quichotte, dy't him forbyldet dat er in prinsesse, yn dit gefal de maetskippij, mei it swurd fordigenje moat, sûnder acht to slaen op syn eigen miserabel figuer? Hat elk fan harren net in Dulcinea, thús of earne oars? As it net sa drôf wie, lake ik my dea.
Mar ik gean wer nei de Weeva, nei myn Dulcinea, Sjouk.
Hja siet yn 't herntsje fan de suite: ‘Goejoun,’ sei 'k, en hja sei: ‘Soa,’ de bikende ynlieding ta in kreauwerich petear.
‘Hwat soeste?’
‘Mei dy ite fansels; hast 't drok hawn hjoed?’
‘Ik kin oars allinne wol ite; niis, doe't ik der yn kaem woest my ek net sjen.’
‘Sjouk...’
‘Ja, bitink mar wer in forlechje, dat bin 'k wol wend.’
‘Moat dizze joun wer bidoarn wurde...’
‘Och fint, ba, ba, ba.’
De kellner ûnderbriek ús om de bistelling.
‘Hwat dochst joun,’ frege hja.
‘Nou, hwat ha wy ôfpraet?’
‘'k Ha der neat gjin nocht oan de hiele joun mei dy opskeept to sitten, 'k ha oare plannen.’
‘Hwat seiste?’ raesde ik kûgelsk.
‘Nou stil mar wer, ik sil 't wol ôfsizze’; hja fage de mûle ôf en roun nei de telefoancel. Alle bloed roun my út de holle, ik lei de leppel del; dy fint fan de Korrewei fansels! Ik woe opfleane en skuor har de hoarn út 'e hannen. Ynsté dêrfan roun ik nei de toiletten. Doe't ik de cel foarby kaem hearde ik: ‘Eenig zeg, goed, morgenavond... daaag!’
Hja lake, hja hie in kaem en like alhiel oerstjûr.
Ik flokte en skopte fan machtleaze oergunst tsjin de doar dy't ik iepen die. Ik houd de polsen ûnder de kraen, helle de kaem troch 't hier en naem my foar, neat merke to litten.
| |
| |
Mar by ús taffeltsje hearde ik mysels sizzen: ‘Mei hwa skillest dêr?’
Hja lake skel en sei: ‘Doch net sa sleau fint.’
Ynienen waerd ik mislik en moast my gewelt oandwaen om net to spuijen. Ik liet it mês falle. ‘Dû silst my sizze hwa,’ biet ik har ta.
Hja seach my mei forachting oan. Ik flokte lûd-op. Hja sei: ‘Nou siz!’
‘Dû lokkest it út,’ raesde ik. ‘Jimmer driuwst my ta 't uterste!’
‘Wês bliid dat ik hjir noch by dy sitte wol fint, wês tankber foar de inkelde goede mominten dy't wy hawwe. Hwat haw ik net foar dy oer, as heit en mem dat wisten!’
‘Wisten hja it mar, dû doarst it net to sizzen, dû skammest dy foar my!’
‘Dû witst wol dat heit en mem net lije wolle dat ik mei dy omslaen, ik wol sa net langer, ba, ba. Lit my yn fredesnamme ris yn myn wêzen, ik wol libje, ik bin gjin ierpel.’
‘Dus, dû hast oan my net genôch?! Dû giest leaver nei de Korrewei hè?’
‘Dêr kin ik alteast frij mei foar 't ljocht komme!’
‘Hwerom seist net: dy hat tominsten net yn 'e kast sitten!’
Ik liet de foarke falle en spuide it lêste iten yn 't board. Alles draeide my. Doe lei hja har greate hân op mines en seach my sa myld oan, dat alle lilkens nei ûnderen sakke as wetter yn 'e toarstige groun. Wy bitellen en kuijeren it Suderdjip oer. Ik woe har yn de earm nimme, mar hja sei: ‘Né, net dwaen, it tilt hjir fan 'e Drachtsters.’ Sa kamen wy sûnder rûzje yn de Kijk-in-'t-Jat.
Doe't ik om tsien ûre opstappe soe, woe hja efkes oan de hoeke ta meirinne. De keamerforhierster skarrele sabeare hwat fan de koken nei de wenkeamer, om fêst to stellen dat ik werklik fuortgyng; hja woe nei tsienen gjin manlju yn har hús ha. Bûten sei Sjouk: ‘Sjoch Marius, wy ha in goede joun hawn, al like it yn 't bigjin hast donderjen. Ik haw joun fan dy west, ik woe de lêste joun gjin konflikten, lit it nou sa bliuwe en lit ús bisykje hjir oerhinne to kommen; it giet dy goed!’ Hja stiek my de hân ta. Ik fûstke mei har en winske har itselde. ‘Dus, dû giest der ek daelk akkoart mei,’ sei hja
| |
| |
heas. Ik woe sizze: ‘Hoe komst der by,’ mar hja wie al fuort. Ik draefde har efternei, foar de safolste kear, mar hja klapte krekt de doar foar myn noas ticht.
Unnoazel gappe ik nei it skommeljende lid van de brievebus. Ik ha dêr in ûre stien ear 't ik ôfsette nei Euvelgunne.
De oare jouns kaem hja net yn de Weeva en Freedtojouns wachte ik by it Lab. Hja kaem út de steich mei in kollega en seach my sabeare net. Ik hearde hwat forwaeide wurden: leuke knul - éénig zeg, ensfh. Efkes letter stapte de kollega yn de trolly. Ik stie efter Sjouk. Ik wol dy it relaes bisparje, wy krigen fansels op 'e slach spul. Ik moast net wer weagje har to skiljen en as ik ea wer by de steich stie... hawar, it âlde liet.
Ik hie in frij libben, hja die neat oars as ite, arbeidzje en sliepe, ik hie myn freonen, binammen myn freondinnen, ik gyng oeral licht oerhinne en as it al in kear yndruk op my makke, skreau 'k in fers en... fuort wie myn leed. En oars foun ik wol in útlitklep yn de roman, dy't ik oan 't skriuwen wie. En fierders hie ik har der moai by; ien fan de rige en sahwathinne. Ik draeide en liigde, ba, ba, ba, hawar, dû bigrypst it wol. De joun mislearre, mar it wykein gyngen wy nei Súdlaren. M. Hiemstra en S. Hiemstra-Kuperus, út Holwert; ús nammen stiene ek op oare siden yn it boek en de hotelhâlder koe ús skoan. De Snein wie goed en it gouden hjerstklaed moai. En jouns, op ús keamer, wiene wy bern, lokkige bern. Moandeis lykwols bigoun it geharrewar al ear't wy de klean oan hiene en yn de autobus waerd de striid fuortset. Ik hie myn sin wer hawn - dêr wie 't my allinne om to dwaen - en de wyk-einen dat hja nei Drachten gyng soe 'k my ek wol formeitsje.
Ik wie ûnnoazel genôch om der tsjin yn to gean, bisocht har to oertsjûgjen dat de dagen, dy't ik sûnder har tonein brocht, my in ivichheit duorren en dat ik alle niget oan oare froulju forlern hie, sûnt ik har koe.
Hoewol't ik de wierheit spriek, ik woun har op namsto mear ik fan myn leafde tsjûge. Lang om let helle it iene wurd it oare derút, hja sei skurk, smjunt en alles hwat har foar de mûle kaem. Ik sei op 't lêst: hoer!
Jouns kaem hja net yn de Weeva. Tiisdeis likemin. Ik nei
| |
| |
de Kijk-in-'t-Jat. Ja, de juffer wie thús, rôp de keamerforhierster. Hja stie foar de spegel, doe't ik har keamer ynstapte en boun in doek om 't hier. ‘Sjouk,’ sei ik, ‘it spyt my sa.’
Hja seach my forachtlik oan en soe de doar út. Ik houd har tsjin en sei dat ik mei har prate woe.
‘Wy binne útpraet!’
‘Sjouk!’
‘Bliuw fan my ôf mei dyn smoarge lange fingers!’
It waerd my swart foar de eagen, ynienen lei ik boppe op har, de fingers om har kiel. Toe mar, hime hja, wylst hja bisocht my to biten, toe mar, hast alris earder yn 'e kast sitten! Ik flokte en sloech har holle tsjin 'e flier. Doe fleach de doar iepen en de gjalp fan de keamerforhierster rôp my werom ta de wurklikheit. Ik stie op en draefde, sûnder noch in wurd to sizzen, de treppen ôf.
Hwat ik by 't stasjon socht, ik soe 't dy net mear sizze kinne, mar ik stie der. Hwerom't ik mei dat kanadeeske mês myn poatlead in fyk joech, wit ik likemin. Ynienen kaem Stopjern om de bocht by de hage. 't Kin net, flitste troch my hinne, 't is Tiisdei. Mar hy wie 't. By de loads fan v. Gend en Loos staette ik him it knyft tusken de ribben. Yn 't skynsel fan de lantearne seach ik syn antlit, forwûndere as in bern earst, doe foel de aktetas, hy koe my wer, ik seach it. De eagen pûlen him suver út 'e holle. Syn fingers heakken yn 't harmoanikagaes fan de hikke en sa bleau er hingjen.
Ik seach nei 't mês en smiet it oer de hikke. It wie net drok, mar party minsken bleaune stean. Help dy man even, sei 'k, hy is net goed, dan sil ik de dokter skilje. Mar ik skille de plysje en fiif minuten letter kaem der in auto mei giseljend gewelt oan en fuortdaliks noch ien. Plysje en dokter.
Der stie doe gâns in smite folk. In ynspekteur ûnderfrege somlike omstanners, nimmen hie sjoen hoe't it bard wie. Hwat is 't hwat, sei immen tsjin my. Ik sei: Och man, en wie wûndere kalm. Stopjern waerd yn in auto droegen, it plak fan de oanslach waerd ôfset. Doe tocht ik oan it mês, myn fingerprinten wiene bikend. Ik stapte op de ynspekteur ta en sei: Ik haw it dien.
En nou sit ik hjirre. It frouljuskoar is opkrast, de cel- | |
| |
doarren wurde tichtslein. 't Is hjoed 7 Desimber 1947. Freed hat Sjouk hjir west. Sytsma mei moarn wer nei hûs, sei hja. Om't de brigadier der by siet tink. Oars neamt hja him, lyk as ik, Stopjern. Doe helle hja it doaske út har tas. Sjoch, sei hja, dizze sil dy wol passe, en dizze moatst my om 'e finger skouwe.
Sjouk, stammere ik, en thús? Witte der alles fan, sei hja.
Sa is 't gien en ik bin lokkich. Dat ik de tarring haw en al fjouwer kear bloed opjown, ha 'k har forswijd. Nimmen wit dat. It tontsje is maklik. En nimmen sil dat witte ear't it safier is. It giet hurd.
|
|