De Tsjerne. Jaargang 2(1947)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende Kees Jongsma: Swalker Troch tsjustere hjerstjoun swalket er jerne, Mar dagen en nachten binne him lyk; Sont jierren woe er mar ièn freon kenne: It lûd fan knarpjend grint op 'e dyk. Hy huvert by 't piipjen fan swiere homeijen, By 't fine gedoch fan de sintelreed; Hy eanget de houn dy't loert him to krijen, Hy hatet syn stap, hwant elke jowt leed, Hwant pleatsen by joun kin er 't min mei roaije, De gleone kier fan in doar knipert fel En gemien as in kat, mei de namme: skoaijer, Jow dou dy mar ûnder 'e stjerren del. Letter bifjochtet er mûnster-strewellen, En raemt him de bonken sear yn 'n portyk. Sont jierren woe er mar ièn freon telle: It lûd fan knarpjend grint op 'e dyk. Vorige Volgende