Fryske biweging syn bêste kânsen kwyt. Van Tuinen, in man fan kultuer en hertstocht, hat him yn De Stiennen Man moedeleas arbeide. De nije redaksje hat faeks de lêste kâns. Byhwannear't dizze radikael bliuwt en ûnderskie makket tusken Hollân-bûten en Hollân-binnen, dan is dy kâns reëel. Fan Hollân-bûten falt yn de omstannichheden sa't dy nou ienris binne, allinnich mar to learen. Forset tsjin sintralisaesje kin men gerêst oan de politici oerlitte. Mar tsjin Hollân-binnen kin men net radikael genôch to wurk gean, tsjin syn geast en tsjin syn polityk. En lit men dan bileaven de frèonen fan Hollân-binnen net forjitte.
It soe in grouwélich forsin lykje kinne, dat it forskinen fan Van Houten syn roman dizze ûnlitteraire en pessimistyske skôgingen yn 't libben roppen hat. Mar de litteratuer hat sa syn forbiningen mei it libben en yn Fryslân binne dy wol tige sterk. En it bliuwt in feit, dat dizze fyfte printinge, dy't oan 'e iene kant allinne mar tofredenens en enthousiasme skeppe kin, tagelyk in warskôging is tsjin elke foarm fan arrivé-wurden. It is to hoopjen dat dizze fyfte printinge fan De sûnde fan Haitze Holwerda krekt like hurd forkoft wurdt as de foarrige drukken. It is de iennichste roman, dy't him der net foar hoecht to skamjen dat er in best-seller is.
It is oerstallich om nou jitris wiidweidich op de ynhâld en de bitsjutting fan dit boek yn to gean, tomear omt dat yn dit blêd alris earder dien is (Tsjerne I, 314 ff). Foar harren dy't it net kenne it folgjende. De sûnde fan Haitze Holwerda is it forhael fan in rike grifformearde boer, dy't mei de ûngetiid in pear arbeiders ynhiert foar fiif wike. Mar it haeijen forrint float en is yn fjouwer wike bislikke. Dan seit de boer tsjin de trije losse arbeiders, dat er harren net foar fiif wike hierd hat, mar foar de tiid fan de haeijinge. Nei in úterlik en ynderlik konflikt bitellet de greate boer Haitze Holwerda it lean foar dy iene wike by. Dit ienfâldich gegeven hat Van Houten brûkt foar in roman, dy't Frysk is en boppe de boereroman útstekt, dy't kristlik is en de forliking mei de saneamde kristlike romans net ienris opkomme lit, dy't realistysk is, mar it typysk Frysk realisme yn himsels ophevet, omdat leafde foar en krityske ôfstân fan syn gegeven elkoar yn 'e blâns hâlde. Dit boek hat visy. Binammen de ein, dêr't de skriuwer de