De Tsjerne. Jaargang 2(1947)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende Durk J. Heddema: Freonskip Bin ik fan dy eins noch in geastesfreon? Sa'n ien as my is ridlik gau forgetten. Ien inkeld brief, dan wurdt mar net mear skreaun. Der binn' wol faker freonskipsbannen sletten. It einbislût: hwat is der hingjen bleaun? Myn lêste brief mei brike en stomme setten. Hwat feit hat my ûnnoaz'le hjirta dreaun? - It bliuwt slim fjuchtsjen tsjin 'e leafdewetten. - Grif heart nou dizze freonskip ta 't forline, Ik koe dy net troch brieven oan my bine, Foar my is 't spitich en foar dy mar goed. Hwant 'k fiel yn my it long'rjen fan it bloed En moast dus eins mei krêft en gloede sjonge: Dou bist in faem en ik in man. Of jonge? Vorige Volgende