De Tsjerne. Jaargang 2
(1947)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd
[binnenkant achterplat]
| |
It wurk fan W. CuperusDe skriuwer Watse Cuperus dielde yn in lêzing oer syn wurk mei, dat in seis-tal fan syn boeken yn Hollânske oersetting forskine sille bij utjowerij Kok yn Kampen; trije dêrfan binne oerset fan ds. Schep to Assen, de oare fan G. Mulder.
| |
Werprintinge fan ‘It Jubeljier’De historyske roman fan Simke Kloosterman ‘It Jubeljier’ (dêr't antiquarysk yn 'e oarlochsjierren fantastyske bidragen foar bean waerden) sil takomme jier in twade printinge fan forskine, dêr't nou al op yntekene wurde kin.
| |
‘Hetgeen de ‘Stifting it Fryske boek’ ons aanbeveelt...’Yn syn bledtsje ‘Op korte Golf’ jowt de bikende âld-illegael (nou keamerlid foar de P.v.d.A.) J.H. Scheps earnstige krityk op it bij gelegenheit fan de Fryske Boekewike forsprate reklame-boekje ‘Foar elke Fries in boek’ (op forsiik fan de Stifting gearstald fan ûnderskreaune). Binammen komt er op, tsjin hwat skreaun is oer Abe Brouwer (syn âlde sûndebok) en Reinder Brolsma. In fikse formoanning oan it adres fan de Fryske biweging, om ‘hun eigen nationale glazen niet in te slaan’ en de opmerking: ‘In de wereld van de friese nationale beweging behoren geen ontrouwen aan de zaak der Nederlanden’ foarmje de strekking (oars tige goed bidoeld). Scheps skynt twa saken trochinoar to heljen: ‘reklame foar de útjowers’ en de Fryske biweging, dy't wis gjin fascisten opnimme sil, oft ‘de Nederlanden’ dat nou goed achtsje of net.
| |
BoekenijsDe Hollânske útjowers binne tige warber hwat it rounstjûren fan aerdige reklametydskriftkes oanbilanget. ‘Uit de korf’ fan De Bezige Bij is wol ien fan de aerdichste; it nijste: ‘Quintessens’, útjown fan in stikmannich útjowerijen meiïnoar, spilet ek net swak bij. Ek F.G. Kroonder to Bussum is mei in soartgelikense útjefte bigoun, ûnder lieding fan syn literaire adviseur A.Th. Mooy (A. Marja). Hwannear stekke de Fryske útjowers de koppen ris bijïnoar? De reklame moat der net tò dik oplizze, mar as dat it gefal net is, soe der ek yn Fryslân wol plak foar soks wêze.
| |
It nije Podium‘Podium’ yn syn nije foarm (útjefte fan Contact, Amsterdam) set goed fan wâl. Yn de beide nûmers oant nou ta forskynd, kamen weardefolle bijdragen foar fan Paul Rodenko en Fokke Sierksma (essay's), Gerrit Achterberg en Gaston Burssens (poëzij), J.B. Charles en S. Vestdijk (proza). De lêste hat in bigjin makke mei it publisearjen fan syn roman ‘De Andere School’, it fjirde diel fan de Anton Wachter-sery.
| |
Deutschland und die DeutschenTo Stockholm is bij Bergmann Fischer Verlag in de ‘Schriftenreihe Ausblick’ forskynd ‘Deutschland und die Deutschen’, de rede, dy't Thomas Mann yn Juny 1945 yn Washington útsprutsen hat en dêr't noch al hwat om to dwaen west hat. F.D. |
|