Nei in wike kaem der wer in brief. Diskear stie der inkeld yn: Hawwe Jo Josels dan mear leaf as har?
Wer soe ik my de saek út 'e holle sette, mar ik koe net. Hwat bitsjutte dit dochs allegearre? Hwêrom koe er har wol helpe, en my net? Hja wie ommers siik en net ik?
Op in joun siet ik by har bêd. Ik hie der fansels nea oer bigjinne moatten, mar hwat driuwt jin soms? Hja lake meilydsum: hoe kinst dy noch drok meitsje oer sokke dingen? Mar sa biste ienkear. Ik soe dêrom sizze, lit him mar komme, dan kinst dysels efternei gjin forwyt meitsje, hwant dat dochste grif.
Deselde jouns weard der skille. Ik die op: in lange bleke man mei swart hier en burd. Hy kaem der daliks yn: Jo hawwe my roppen? Jo bigripe fansels al dat it El Khawa wie.
It falt my neat net mei de tried beet to hâlden. Dy aeklike susters strune hjir de hieltyd om. Se wolle lêze hwat ik delset. Aldergeloks haw ik twa greate hannen, om op it papier to lizzen as se by my lâns skouwe. Jo binne it mei my iens dat dy skepsels der neat mei nedich hawwe. Hwat kin it har skele dat ik swit?
Ik moat sizze dat syn bisites har opfleuren. Hja waerd oars aloan swakker, neffens de húsdokter, dy't alle dagen ienris kaem, mar hja krige aloan mear moed. Ik koe it net forklearje, mar wie bliid foar har: har lêste dagen soene faeks minder swier wêze.
It die my lykwols gau genôch bliken dat hja wol foargoed mei har tastân op 'e hichte wie. Op in joun sei hja: Hindrik, ik sil hast fuort. Hast in goede man foar my west, dy koarte tiid dat we inoar hiene. Mar hjir stiet leafde machtleas. Ik sil reizgje nei in lân dêr't ik nea noch west haw. Folgje my net, it soe dyn ûngelok wurde. Hast strak gjin rjochten mear op my: dit lichem, dat dines west hat, is tonein, Hindrik. Op in stoarmige novimbernacht is hja rêst. Ik houde har hân, mar El Khawa hie syn hân op har foarholle. Hja hat glimke.
Hoelang't ik yn dy tsjustere keamer fêstlein haw, ik wit it net. Jo sille it my ek net fortelle kinne, Jo hawwe soks