De Tsjerne. Jaargang 2(1947)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 304] [p. 304] Marten Sikkema: Genietsje, Lea... Genietsje, lea, en laitsje blier: Mei brutsen trommen, skuorde flaggen Oerlibben wy de swierste slaggen To dounsjen op dit faei kertier. It skeind kristalguod oer de flier Ropt faeks dyn dreamen noch towekker. De byltnis fan de messestekker Sjocht gleonseach út oer 't read fortier. Nou dounsje, lea - mar doar yn 't tsier: It oargel droant as skuorde klokken. Aenst fjochtsje rotten om de brokken, Aenst flechtsje wy nei 't lêst kertier. Miskien... Miskien dat earne noch in bern Towekker skrillet yn 'e sinne As maitiidsroken stil bigjinne, En jowt him oan de priel forlern En sjocht omheech: nea hat er droegen, De beam dy't alle stoarmen fong, Om't neat him ea ta bloeijen twong, Om't nimmen heksebiezems roege, En trêddet glimkjend troch it ljocht En nimt de bile fan de woartel. - Wy slane, lea, de doar op skoattel: Us fûgel hat syn sang folbrocht. [pagina 305] [p. 305] Joun en dage Flechtsje yn jountiids skerte hwant it swurd Stiet driigjend aldendei. Sa is er kommen Dêr't skimerdreamen waerje om 'e hurd En har de leafste delbûcht oer de blommen. Hja glimket myld. Gjin klank skout út syn baen. Dit is it lok, bitinkt er: hoe to dragen? Stadiger, tinzen dy't sa stjûrleas jagen, Stadiger, herte. - Mar 't wol aloan rêdder slaen. * Gerdinen iepen: leaden loften klampe Oer wiete fjilden: griemerige hel. 't Ald lichem is oanein fan al syn rampen Mar 't herte fjochtet jit yn d' inge sel. Der is gjin nacht sa from of wy forriede Elkoarren tsienris (is dy hoanne dea?). Hy sjocht net om, hy streaket d' eigen lea. De sinne stiet to blieden... Testamint Nou slacht de reinjacht troch de blêdden, Bigjint de stoarm syn wrede reis. Us, hearskers fan forgiene stêdden, Fret nou it nachtwyld oan it fleis. Wy glimkje moedich, mar biwuolle Yn triedden fan it einich skaed Lûkt út de eangstme fan de puollen Gjin goede god ús mear op 't paed. Set, bouwers oan it nij gewisse, Gjin tinkstien ús op fêste groun: Us lichem sil gjin stjerling misse, Us siele rikket yn God's oun. Vorige Volgende