wiid om 'e feiten hingje. Mei dit forskil: by de Hollânske skriuwer is it letterkundige bidragerij, is it gefoelsforfalsking. By de Fryske skriuwer docht krekt oarsom iderkear wer bliken, hoe't hy, as bigjinneling, foar greate feiten net de juste wurden fine kin en sadwaende yn it kliché bilânnet. Sa kin men hjir en dêr sprekke fan in earlike bihelprigens. De iene wol himsels moaijer meitsje as er is, de oare bisiket mei alle macht himsels adaequaet út to drukken, mar it mislearret him to faek. It is grif net nedich om fêst to stellen hwa't fan de twa de greatste mûglikheden hat. Hwant hoefolle biswieren men ek ynbringe kin tsjin de Amersfoartske sketsen, der steane einen yn dy't de visy fan in goed skriuwer yn oanliz forriede.
It wichtichste fan ‘Efter it tried’ is, dat de lêzer in goede yndruk kriget fan it kamplibben. Troch in saeklike forteltrant, dy't mei opsetsin Amersfoart net slimmer útskilderje wol as it wie, wit de skriuwer, hoe bjusterbaerlik it ek lykje mei, ús oannimlik to meitsjen dat men jin, as fortúnlike leek yn dizze matearje, efternei yn it kamp thús bigjint to fielen. Dit nuversoartich bistean, mei Lagerkommandant, blokâldsten en hiel dy skare, dy't de kampbureaukratsy foarmet, en dan it leger fan finzenen fan it meast útienrinnende slach, it kriget foarm en volume. It folgjend sitaet jowt in goed byld fan de goede en minne kwaliteiten fan it boek. In nachttsjinst yn ien fan de barakken rint tsjin 'e ein:
‘Nei fjouweren foroare sa njonkelytsen it totaelbyld. It bigoun skrousk to wurden. De jonges, net mear opjage troch de beide ploerten, dy't nou sliepten, sieten klomsk en slûch op 'e banken, of leinen der ûnder, biwuolle yn strie en bisykjend to sliepen. Inkelden frisselen noch jachtich troch, omt se de hûndert meter jit net hienen. Allegearre wiene se bleek en hiene pûden ûnder de eagen. Sels de warbere kontroleur hie alle energy forlern, en bilies jown: syn gesicht wie wanstaltich forlutsen yn in ûnrêstige sliep. Alle petear wie útstoarn. De sfear wie net mear om út to hâlden. It komyske wie fordwoun, it tragyske wie oerbleaun, neaken, sûnder forsêfting, as in oanklacht tsjin de minskheit.’
Dit stik lit yn 't earste plak sjen, dat de skriuwer syn tael bihearsket. Dit is treflik Frysk. Yn 't twade plak treft jin de