beammen; hjir lykswol wie it smout en smûk. En eefkes tocht ik oan ús sellige skaekjounen; it woe my jit net oan, dat Meekma der sa min oan ta wie.
Mar doe hearde ik út it heal-iepene, tsjustere bedsteed wei in swier sykheljen, in suchtsjen as fan ien, dy't it net lang mear meitsje soe.
‘Jo siik, Meekma?’ frege ik sabeare fleurich en naem in sit foar it iepene doarke oer.
Heal yn 'e kjessens wei, de sliepmûtse djip yn 'e eagen, sa lei de oars sa warbere âlde boer foar my. Syn towrotten hannen leine houten en stiif op de bûnte biddeltekken.
Yn earsten miende ik, hy hie my net opmurken; mar doe lústere er:
‘'t Is mei my dien, dokter...’
‘Kom, kom, Meekma, Jo hawwe nea earder siik west, wol?’
Ik krige syn pols beet; swak en ûnwis, net to fornimmen hast sloech syn hert, en ik fielde wol, it soe net lang mear duorje, dit warbere libben. Mar jitris bisocht ik him moed yn to praten:
‘Jo moatte sa net, Meekma.’ En ik praette fan it foarjier, dat wer komme soe; en hy wie op 't lêst earst sawntich jier...
Mar hy andere, ik hoegde him neat wiis to meitsjen en in flauwe glim glied oer syn bienbitich antlit, dêr't it lampeljocht djippe tearen en fâlden op tekene. Eefkes wie der in frjemde stiltme tusken ús. De lampe raesde hearber. Yn 'e skoarstien bolderde de wyn. Ik fielde my lyts en ûnmachtich.
Doe lústere er wer:
‘Ik hie Jo hwat to sizzen, dokter,’ en hy seach tomûk nei de doar.
‘Ik haw it altyd foàr my houden; mar nou't ik hjir wei moat...’
Ik swei om him net fan 'e wize to bringen, hwant ik seach, hoe't er mei syn tinzen wraksele en wêzenleas foar him út stoarre. Mar hommels waerd er helder en stie him alles, sa't skynde, klear foar de geast.
‘Jo wisten, dokter, ik haw hjir net altyd boer west op “Great Hoytema”. Doe't ik hjir arbeider wie, sa'n fjirtich jier lyn, doe wie Gjalt Iges hjir baes. “Hoytema” skreau er