| |
| |
| |
[Nummer 10]
G.N. Visser:
Snein
Ientoanich as it om mani padme hum
Sangert it lûd fan it harmoanium,
De dei is grau, de dei is bleek
Yn dit doarp, Wânswert oan de Streek.
En yn Burdaerd, oan dizze kant fan 't wetter,
Is it al oars, mar 't is gjin grevel better,
Hjir bringe radikael s' om hals
Bourgeois syn psalmen, se sjonge falsk.
Har godsfrucht bloeit efter de keamerplanten,
Sûmber biblêdde, efter wite fronten,
Ut bleinbouquetten, yn in atmosfear
Donker en mankelyk en near.
O God hwat bistû goed dochs en genedich
Datstû tsjin lardrigens ús in foldedich
Glês jenever tapest - goed gesicht
De Trije Romers dêr - forj..., ticht!
| |
In heit en twa soannen
In heit en twa soannen... de wrâld
Wreed en grousum fijannich.
't Kwea is jiertûzenen âld,
In heit en twa soannen... yn
Harren de rop fan demoanen.
| |
| |
Stean tsjin de izige wrâld!
Hja habbe fochten, swijend,
Nou is it út, it is dien,
Bruorren en heit binne ien,
Hate, hwat wiest winlik oars
As leafde sa read as bloed?
Bloei op har grêven, o roas.
| |
Anno 1946
Ek dit oanfurdigj' ik, in toar bistean
Iensum, allinne ta de ein to gean.
Ek dit oanfurdigj' ik, gjin gloede mear,
O hert, o roas, dy't alle read forlear.
Ek dit oanfurdgj' ik, alle hoop forlern
Fryslân jit ienris jong en grien to sjen.
Ek dit oanfurdigj' ik, ek dit, de ein:
Froast oer myn fielen, nacht yn it brein.
| |
| |
Mariët spylje it klavier,
Sêft, in bytsje treurich,
Skimer leit oer de revier
Dat wy hearden yn it Súd,
Wytst it jit, ús swalkjen doe
Wersjen, 'k soe net wite hoe,
'k Ha forlet nou fan hwat treast,
Ja, dat âlde lietsje earst,
Lûk dy werom frou, earne fier yn 't Noard
Dêr leit de pleats, dêr't wy fan tinke en dreame,
De frisse winen troch de tûken streame
En sjonge ús wente ta in leaflik' oard'.
Lûk dy werom, ûntwyk it swarte tij,
't Walchelik tij fan frjemdsin, hoedzje sounens.
Twa fûnkelblauwe eagen, Fryske blounens,
Dat is genôch, 't is Fryslân en foar my.
Fryslân is faei, wisse, ûntken it net,
Hwat kin' wy dwaen, leafste, trou kin' wy bliuwe
De hege dream, en is dat slim; siz skriuwe
Har greatske kurven hjir de kôbels net?
| |
| |
Mar forachtsje silst, slút de homaei
Dat gjinien fan harren komt to anen,
Dat blyn folk, lit har de id'le wanen,
Wit to glimkjen om dit slaveskaei.
Glimkje, frou, om harren, doch en dream,
Digerje yn 'e joun en sjoch bytiden
Griis de God wer yn 'e wolkens riden
Dy't âld Fryslân skoep yn tiid'ne stream
En nou ta ús komt yn wyngesoei,
Yn it rûzjen fan it earnstich wetter
En ús seit to wachtsjen, letter, letter,
En ús hoop net nimt op lette bloei.
God, ik bin mêd, ik bin mêd,
Is der dan nearne in frou en
En gjin witten, gjin rotsfêst leauwen
En gjin dûnker en nommel fielen
Eltse dei, komt de nacht wer,
Flûnkerje as it geflûnker
En ik tink my it sinken skadich
Fan teisters oer eagen djip
En it amjen, it sykheljen stadich
En it glimkjen, en it skip
Fan dreamen, dat mei de nachtwyn
|
|