De Tsjerne. Jaargang 2
(1947)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd
[pagina 284]
| |
II.Hja stride bitter om it hoe en hwat
En sykje in redelik bigryp fan God -
De berntsjes boartsje feilich en tofreden
En witte Him de hoeder fan har lot.
| |
III.Soms yn in drok en oangenaem petear
Giet er út farkjen yn 'e stratosfear.
Hy bliuwt syn buorman 't simpelst andert skuldich,
Hy wit ynienen 't lêste wurd net mear.
| |
IV.Elk tiidrek heart men: dizze wrâld giet ûnder:
In wisse dea is 't oardiel oer de sûnder.
En Jona wachtet de ein fan Ninevé -
Mar altyd krekt op tiid docht God in wûnder.
| |
V.Al socht ik my oan dizze plicht to ûntwinen
Dû witst my dochs nei jierren wer to finen.
Freon út myn jonkheit, sjoch my sa net oan -
Lit my mar gean: myn wei wie oars as dinen.
| |
[pagina 285]
| |
VI.Wol lange jierren ha hja oer him wekke,
Syn libben is wol fêst yn harres heakke,
En oan har amer is hy mar in drip -
Mar 't lêste wurd sil hy allinne sprekke.
| |
VII.Dû, sa forstannich, deugdsum en solide,
Sa ûnbisprutsen en sa bona-fide,
Hoe djip forachtestû de dichters net
Dy't op in lang forlerne stelling stride!
| |
VIII.It wurd is ropper, foarmer en lantearne,
De wei en 't ljocht dêr't wy de wei by geane.
It wurd wie skeppende yn it oanbigjin:
It ropt de dingen op en hja bisteane.
| |
IX.Ik bin net oars as dû: lit dy bilêze.
Dyn skrik en dierlike eangst sil ik genêze,
Dyn deadsfrees slach ik yn 'e ban fan 't wurd:
Ik sil dyn mûle, ik sil dyn sizzer wêze.
| |
X.By Roomsken, Luthersken en Grifformearden,
By read en swart bin goeden en forkearden.
Hwa wit hoe moai de mienskip wurde soe
As hja ris by elkoarren fragelearden.
| |
XI.Ik mei de stof net oan 'e geast forriede,
Noch ek de himel priisjaen om dizze ierde.
It lingjend skaed fortelt hoe let it is:
Ik wol net bliuwe en ik kin net skiede.
| |
[pagina 286]
| |
XII.Hoe't taelkunst en chemy elkoarren fine -
Dêr't idioom en molecule ûntbine
Sil út de wûnd're krêft dy't libben hjit
In nije stof, in oare styl forskine.
| |
XIII.Dû hâldst it Fryske folk oanienwei foar
Dat hja sa Frysk en oars binne as in oar.
Mar freon, in Fries wol earst dochs minske wêze:
Hy fynt syn paed ek wis wol bûtendoar.
| |
XIV.Folksskriuwers mei jim idioomkompleks,
Jim fine ivich wer hwat âlds en geks.
't Is goed bidoeld, mar lit ús yn ús wêzen:
Mei nije wyn is 't nije fet anneks.
| |
XV.Hwa binne 't dy't de jongerein forlaten,
Hwa dy't de goaden út har Walhal staten,
Hwa gnyskje út har sabeare ivoaren toer -
Hwa oars as dy fordealde litteraten?
| |
XVI.Bitink, as maitiid hiel de wrâld yn pronk set
Ynbannich: ‘F. non cantat’, ‘Fryslan sjongt net’,
Jow acht op banksafe en op kammenet,
Hâld fêst oan: ‘P. non olet’, greatjild stjonkt net.
| |
XVII.
Dû moatst oer ús maetskiplik lot bislisse,
Wy bin dyn stim en somtiids dyn gewisse.
Gjin ûnbigryp dat ús tonei mear skaet:
Dichter und Bauer kinne elkoar net misse.
| |
[pagina 287]
| |
XVIII.De Muze, freon, dat is in strange fryster:
In skarreltsje foldocht har hert net byster.
Dy't by har opsiet, hy sil libbenslang
Bylje as in houn of jubelje as in klyster.
| |
XIX.Traepje mar fierder op biwende paden,
Skriuw leave stikjes, bluistrige balladen -
Mar sprekst net klear de tael fan hjoed de dei
Dan boarst hjirnjonken 't libben út 'e naden.
| |
XX.It wêze in treurliet of in humoreske,
Mar skriuw dysels en net in optocht ferske.
Stúmje net bernsk oer leed of ienlikheit -
De goede weet wurdt mei de flaeije terske.
| |
XXI.De Muze weegre dy har waerme tuten -
Doe skeat dyn wrok omheech yn gleije spruten.
Doch nou it ien'ge dat de wrok jit bliuwt:
Smyt nei har byld mei kjitte en modderkluten.
| |
XXII.Leafde is in wurd, sa goed als leauwe en hope,
Elk moat se foar himsels wer bernje en dope.
It libben nimt dochs inkeld 't libben oan
En sil it ramtwurk ûnforbidlik slope.
| |
XXIII.Myn freonen tichteby en yn 'e fierte
Myn kjeld ta fjûr, forkuolling ta myn hjitte,
Jit seinget jim aloan myn tankber hert,
Mocht myn ûnthâld jim nammen ek ûntsjitte.
| |
[pagina 288]
| |
XXIV.Myn lân hat roppen, ik forlit dy moarn -
O eale stêd, toer mei de keizerskroan
En grêften dêr't it tearste grien om wolket,
Hoe sjoch ik jim mei nije eagen oan!
| |
XXV.Dy't ienris op dyn glâns foreale rekke,
Dy't yn 'e bangste nachten mei dy wekke,
Dy't sechtsjin jier dyn bern en boarger wie,
Gjin kwea sil hy syn libben fan dy sprekke.
|
|