De Tsjerne. Jaargang 2
(1947)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd
[pagina 275]
| |
G. Gosses:E.B. FOLKERTSMA, DE CHRISTEN GYSBERT JAPIKS Frisia-rige 38-39 (Brandenburgh & Co., Snits 1946). Der is, seit Skr., op dit pas hwat men neame kin in Gysbert-filology. De hiele 19e ieu lâns sûnt Wassenberghs dagen is der oan arbeide. Mar de Gysbert-stúdzje wie yn liberale hânnen, dy't fan it ûndersiik nei de kristen Gysbert Japiks nou just net it measte torjuchte brochten, om't de dragers fan dy hânnen de djippe religieuze bilangstelling misten. Fan dit oangeande koe dus de 20e ieu frijhwat op skjin papier bigjinne. En hat dat dien; net sa yngaende yn 'e opstellen fan Wagenaar, Huismans en Kamerling, mar breder en djipper yn 'e stúdzjes fan Wumkes, Haantjes, Gosses en Kalma (Cap. I). - Oan trije foarbylden leit Skr. dan út hoe ynlik it godstsjinstige elemint yn it hiele oeuvre fan ús dichter bifrissele sit, ek yn syn net spesiael religieuze stikken, om dêrmei syn these to ûnderbouwen dat in ûndersiik fan G.'s leauwe foar it kennen fan syn hiele dichter-persoanlikheit yntegrearjend is. Sa kinne yn 'e Taheakke op de Tsjerne de materialistyske toanen dy't wy dêr to hearren krije oer it houlik mei âlders rie en net nei in wylde frijerij - dêrfan hinget ôf oft it de jonge lju yn it stoflike goed gean sil of min - sûnder biswier útrinne op in religieus akkoard oan 'e ein fanwegen de âldtestamentyske ynstelling fan 'e 17e-ieuske Grifformearden. Ik moat doch freegje, giet de spontanens, ik soe leaver sizze, giet de humor fan dy 17e-ieuwers safier dat hja dat hillige akkoard yn 'e mûle lizze kinne fan in sjongende feestgonger mei in stik lead op 'e holle? Calvinisten fordrage yn dizzen net folle, Roomsken mei har grapkes oer hillige dingen folle mear. En Homerus koe yn syn naive humor sels syn ûnstjerlike goaden priis jaen oan 'e skatterjende spot fan harren kollega's sûnder har olympyske hearlikheit oan to taesten. Mar hjir soe ik leaver | |
[pagina 276]
| |
sizze: mar net in to swiere klam lizze op ‘ijnne suwze’, G. bidoelt: Tsjerne song it jit ûnder 'e yndruk fan 'e bruiloft. Twad giet Skr. yn op Tjesck-moars See-aengste, dêr't de ieuwenâlde en jit altiten oandûrjende spanning fan it fryske folk tusken hiemfêstens en de lokstim fan 'e ûnbikende fierte, de forliedende macht fan 'e sé en it sémanslibben, de groun-idé fan it gedicht, omslacht yn it geastlike. Ek hjir hat it leauwe it lêste wurd. Tred komt Skr. op 'e tekst oer Egge, Wyneringh en Goadsfrjuen mei allyksa in geastlike skôging oan 'e ein. Boppe Gods wurken yn 'e natuer dy't wy biwûnderje moatte en brûke meije, stiet God sels en syn himelryk. Om ús herte dy lêste kant út to twingen, mingt Hy altiten hwat kwea yn 'e ierdske dingen. Foar ús bisef, seit Skr., boarret G. by syn tsjinstelling tusken stêd en lân net djippernôch; komt dat faeks om't beide doedestiids jit net fierdernôch út inoar leinen? Ik anderje, né, fansels leinen doe stêd en lân net sa fier út inoar, binammen yn it agraryske Fryslân net. Mar dêr komt it net fan, dat Tjesck-moar by har biskriuwing fan it lân as tsjinstelling fan 'e sé, net boppe in stikmannich idyllyske lûden út komt. Dat komt om't de hearlikheden fan it lân jitte as realiteit mar amper ûntdutsen binne; de forhearliking fan it lân is foar it greatste part literair, d.i.t.s. de natuerdichting is mar amper frij fan 'e modellen fan Virgilius en Theokritos en it is al hiel hwat dat hjir yn 'e skildering fan it lânlibben tominsten harders en nymfen en sok spul oan 'e kant set binne. Hjir yn Egge en Wyneringh sprekke net ‘twa minsken út it sljochte boerefolk’, dat oer sokke problemen jitte net mimeret en net mimerje kin, mar de dichter sels, hwaens dichtereach opskerpe is fan syn hollânske of latynske lektuer (Cap. II). - Dan komt de frage oan bar hokker metoade wy folgje moatte om ta it forstean fan 'e kristen G.J. to kommen. Skr. fynt hjir Dr D. Kalma en myn persoan foar him oer dy't de iene de aesthetyske, de oare de sielkundige wei ynslein binne om ta harren doel to kommen. Skr. wol beide kanten net út; myn kant net yn myn rede yndertiid hâlden foar it tredde Greatfriezenkongres op 'e Redbadstins to Medemblik, tytlesearre: Gysbert Japiks de psalmbirimer, | |
[pagina 277]
| |
aspekten fan syn frommensGa naar voetnoot1). Hwant ik hie myn konklúzjes lutsen út 'e foege fyftich fan G.J. birime psalmen en foar 'e birimer hienen alle hûndertfyftich psalmen like djip diel oan 'e ynspiraesje fan 'e Geast: hja wienen foar him by einsluten gjin minsklik mar in Godlik wurd. Hwat it lêste fan dizze stelling oanbilanget, tajown. Mar dat nimt net wei dat as't wy ta de aspekten, d.i. de sichtbere kanten fan it leauwe fan 'e birimer komme wolle, dat wy dan feiliger to riede gean kinne neffens hwat er hat as neffens hwat er net hat. Hoecht net, seit Skr., hwant it psalmboek is in folle sterkere ienheit as't it opperflakkich liket; yn beide, it fan G.J. birime en it net birime, stiet frijhwat itselde. En dat bistriid ik. Op histoaryske grounen. Alle psalmen binne net, lyk as't Skr. ha wol, ûntsprongen oan 'e forlossing út Egypte. Binne der gjin psalmen fan foar en fan nei it Eksyl? Is Calvyn mis as't er it bistean fan makkabaeyske psalmen úthâldt? Ik bistriid it op hwat ik mar neame sil theologyske grounen. Hat de God Israëls altiten itselde wêzen en antlit? Sjugge wy yn de psalmen net de grammoedige, de wrekjende, de forwoedene, ek wolris de trage en dan wer de forjowende, de barmhertige, de leavjende, de helpende Jahve? Is yn alle psalmen praet fan skuldbisef, fan boetfeardichheit, fan godsbitrouwen, fan godfreze, binne der ek gjin hiel oare psalmen dy't religieuze grountinzen learend nei foaren bringe? Is yn alle psalmen de toan jubeljend; rinne der ek net guods oer fan swart pessimisme? Dit lêste yn andert op Skr.'s útspraek dat de psalmen net subjektyf, mar objektyf binne, net in poezije fan stimmingen, mar fan feiten. Dat skik ik net yn. Mar ik leau hast dat de controverse by ús beiden hjir djipper sit, dat Skr. as rjuchtsinnich leauwige yn de psalmen as ôfkomstich út Gods hillige mûle it minsklik subjekt net talit en ik as frijsinnich leauwige al. Ek ik leau yn 'e psalmen de stim Gods to biharkjen, mar troch it medium fan 'e psalmist dy't syn subjektive stimming nei bûten bringt yn of tusken 'e ryglen fan syn psalmfers en dy't bytiden ús krityk fordrage moat. ‘Wierom, uwz God, wierom steane | |
[pagina 278]
| |
Y so fier?’ ropt de psalmist van it bigjin fan psalm 10. Dat God ea fier stiet, dat heart net by de objektive feiten fan myn leauwe; mar dat de psalmist dat yn syn swarte stimming útropt, bigryp ik bêst, om't er ompakt mei de binearjende frage hwêrom God de soune yn 'e wrâld talit. Sokke amerijen fan religieus pessimisme haw ik sels ek fakernôch. Oan 'e ein fan 'e psalm is de stimming al hwat ljochter. Oer myn konklúzjes is Skr. wol to sprekken en dat soe faeks jitte gunstiger útfallen wêze as't er se allegearre witten hie. Ik kaem ta sounebisef, genede-forlet, ivichheitslangstme, bitrouwen yn 'e almachtige, alwize, alleavjende God. Hie ik nou as't ik neffens it hiele psalmboek to riede gien wie, itselde foun en neat mear? Der binne sa'n foege 20 psalmen dy't hannelje oer de hearskippij fan it kwea en it oanfjuchtsjen fan fijannen en ûnleauwigen; ik neam de nûmers 3, 13, 14, 28, 39, 53, 54, 56, 57, 58, 64, 73, 77, 82, 120, 140, 142. G. hat der mar 1 fan (nr. 13). Der binne trije psalmen (nr. 5, 17, 26), dêr't de psalmist wiist op syn treflike prestaesjes binnen en bûten de timpel en derfoar nou ek it lean forwachtet; G. bliuwt derôf. Der binne trije natuerpsalmen: nr. 8, sjuch Gods majesteit oan it nachtlik firmament en yn 'e hearlikheit fan dizze ierde, dêr't Er de minske heechheitsrjuchten oer jowt; G. hat him; nr. 104, sjuch Gods majesteit yn syn skepping en syn wiis wrâldbistjûr; G. hat him. En dan nr. 29, sjuch Gods majesteit yn syn grime, as't Er it bliksemfjûr oer 'e ierde saeit en de seders fan 'e Libanon omsmyt; G. hat him net, alhoewol Jan Knjilles Salverda en Rinse Posthumus der op los fleane. - En nou fan 'e oare kant: hwat G. al hat. Earst psalm 137, dêr't de rige fan 'e birimingen mei iepent. Skr. seit derfan: hwa't dit liet fan 'e psalmbondel oandoar mei syn wreed bislút, dy hat yn gjinien fan 'e hûndertfyftich, fan hokker ynhâld en strekking ek, natuerlike euvelmoed. Mar tinkt Skr. der hjir wol om dat dy Babelsbern dy't oan 'e rotsstien holle en lea brutsen wurde moatte, dat dat neffens it skeakelstik tusken 137 en 10 de minsklike sounen binne (útjefte s. 97) dy't troch Gods genede útroege wurde moatte, dat wy hjir dus in forgeastliking fan 'e fûle, echt âldtestamentyske nationale hate fan 'e Joaden tsjinoer Babel en syn helpers, de Edomiten, foar | |
[pagina 279]
| |
ús hawwe? Dyselde hate, mar dan wer as in huverjend sounebisef, trillet allyksa troch nr. 129. G. had dus beide ballingskipspsalmen. En ek psalm 6 mei syn djip birou en syn skreau om rêdding troch de Heare. - Bitrouwen op God as groun-motyf: Hy is myn steun, myn rots, myn stins, lês ik út nrs. 11, 16, 23, 52, 62, 91, 121, 125; G. hat sawn fan dy acht psalmen. Langstme nei de gemienskip mei God ynspirearret de psalmist ta trije psalmen, nrs. 42, 43, 63; G. hat se alle trije. - Men sjucht, ik ha in fordieling makke nei religieuze kearn-motiven, in fordieling dy't leau'k theologysk wol forantwurde is, ek neffens de theologyske literatuer dy't ik der oer rieplachte ha. Men sjucht fjirder dat der motiven binne dy't de birimer útkiest - dat is faeks hwat in to grou wurd, wy tinke dêrby to folle oan hifkjen en hwat fan God ôfkomstich is, hifket men net -, nou dan, net kiest mar oannimt en oare motiven dy't er mijt - né net mijt, dat is wer to stûf - mar lizze lit en dêr't wy dus net torjuchte kinne foar 'e sichtbere kanten fan syn kristendom. En dat is neat gjin niget. Eltse kristen, ek de rjuchtsinnichste, hat psalmen dêr't er om ynhâld en foarm - net om 'e foarm allinne - altiten wer nei grypt en oaren dêr't er foarby blêddet, om't se him net sa lizze. Alle psalmen binne G. like hillich, mar like djûr binne se him net. - En nou sjugge wy de nûmers ris oan, allegearre! Hy birimet de nûmers: 1, 2-6-8, 9, 10, 11, 12, 13-15, 16-23, 24, 25-32, 33, 34, 35-41, 42, 43-45 (yn 't holl.), 46-50, 51, 52-62, 63-67-79, 80-84, 85-90, 91-97, 98 (brief fan 27 Okt. 1661)-103, 104-112-114-119 (foar in part)-125-127, 128, 129, 130, 131-133, 134, 135-137-146. Men sjucht doch út dizze rige nûmers, mear as ienkear hat er neffens de psalmen dy't er birime hat, de nûmers 7, 14, 44, 113, 126, 132 ‘metten’ (forl. Skr. s. 25), hawwe dy psalmen harren ‘oanbean’’ (ib.); mar hy is se út 'e wei gien, hy hat se net oannaem. Nou wit ik wol dat er ps. 12 krige nei de ‘earste opslach’. Mar hoe faken hat er de psalm fan 'e earste opslach mar wer slûpe litten? Ja, dat moat wol as't men al forskate psalmen ûnder hânnen hawn hat; dan treft men sokken fiersen to maklik by de earste opslach samar wer. Né, hy giet to riede of miskjin better sein, hy giet ûnbiwust to wurk neffens | |
[pagina 280]
| |
de ynhâld, de groun-motiven. Mar al liket boppesteand yn 'e rige setten fan alle psalmen myn konklúzje dat de dichter him by it al-of-net-birimen liede litten hat fan biskate kanten fan syn religieus gemoet to forstevigjen, to folle klam wol ik dêr net op lizze. It liket langer op detektivewurk en detektives kinne harren - bihalve yn 'e detektiveroman - grouwélich forsinne. - Hokker dichter lykwols, freegje ik fjirder, dy't út religieuze needsaek ta it neisjongen fan religieuze lieten dreaun wurdt, soe nou net earst de hânnen útstekke nei dy lieten dy't him djûrst binne? Skr. sil sizze, al wer de psychologyske wei. My goed, de psychology komt wol faker mei wierheden dy't elkenien samar wit. - Witte wy de chronologyske folchoarder fan 'e birimingen? Nou, neffens it brief fan 27 Okt. 1661 soe men sizze dat psalm 98 de lêste wêst hat; mar dit stiet fêst neffens it brief fan 17 Jann. 1655, dat de earste tsien út 'e útjeften ek by it earste psalmwurk hearre en dêrom foar myn doel bisûnder wichtich wienen. Ek noch om't G. dizze mei inoar in ‘besletten wirck’ neamt. In bisletten wurk is dochs net in stikmannich lieten fan hjir en dêr mei in toutsje derom, mar in gearhingjende cyclus. In poëtyske bilidenis fan 'e sjonger faeks? It is in tinkbyld dat my djûr is: it set yn mei in tsjûgenis fan it swierste skuldbisef en rint út op in jubeljende lofsang op Him, dy't, inkeld leafde, oan 'e fromme minske by al syn kreatuerlike swakkens Syn genede net ûnthâldt: út 'e djipste djipte dêr't in kristenminske yn lizze op nei de heechste hichte dêr't in fromme siele ta opkliuwe kin, fan sounebisef ta genedewissens, in paed nei Boppe. Hjir yn it bisletten wurk de strieljendste fasetten fan Gysberts leauwe, âldtestamentyske mar ek evangelyske frommens. - Dat yn 'e foege fyftich fan Gysbert birime psalmen frijhwat itselde stiet as yn it bisletten wurk, dat leau ik al; mar as yn it hiele psalmboek, dat leau ik net. Der stiet mear yn. - Noch mear biswieren as tsjin myn metoade bringt Skr. yn tsjin Kalma sines, de aesthetyske, fanwegen it subjektive, mar jitte mear fanwegen de miskenning fan it geastlik liet. Oer it lêste seit Skr. prachtige wurden. Hwa minske soe net stammerje kinne en ûnliteraire fersen skriuwe as't er stiet foar it antlit fan God? Syn stammerjen kin earliker, | |
[pagina 281]
| |
djipper, leauwiger wêze as it glêdde fers. Dat is folslein wier, al hoewol de konsekwinsje dat in djip-religieus dichter dy't fan God sjongt, dan altiten stammerje moat, tichte by leit. Mar sa is 't net. Ik kin alteast it tinkbyld net kwyt wurde dat in dichter it suverste fers skriuwt hwêr't er it meast is in accord with himself. Lit ús it sa sizze: dat God, dy sels skientme en harmonije is, by tiden in wjerglâns dêrfan yn 'e fersen fan 'e fan Him bignedige dichter, Syn vates, dellizze wol. By einsluten, seit Skr., is de Godsjonger oars net as fortaler, fortolker, profeet. Sa is 't; mar byg, yn G.'s psalm 130 hear ik gjin sij it dan masterlike fortaling, mar mear: in direkte echo fan in himelske stim tsjin it klankboerd fan G.'s fromme siele. - Ek de histoaryske metoade fan Dr Wumkes hat neffens Skr. net safolle opsmiteh. Fan 'e rounte dêr't G. yn forkearde, witte wy net safolle ôf en de forhâlding ta Gabbema bliuwt ús jit altiten hwat ûnbigryplik en is ús einliks hwat yn 'e wei. Mar ek fjirder is it om 'e dichter hinne frijhwat dizich, binammen op it fjild fan tsjerke en religy. Miskjin kin in brede forlykjende stúdzje fan 'e theologyske en stichtlike literatuer fan 'e 17e ieu, binammen dy't heart by de neilittenskip fan heit en soan, fjirder fan it plak fan 'e tsjerke yn 'e fryske kultuer, fan 'e hollânske psalmbirimingen - fansels moat it lêzen fan al G.'s godstsjinstich wurk foaropgean - ús hwat fjirder bringe. Mar ek dan sil it risseltaet net tafâlle. En hwat disperaet suchtet de lêzer oan 'e ein: nou dan liket it hast better en bliuw mar fan 'e kristen G.J. ôf (Cap. III). - Skr. weaget him dan ek allinne mar oan in fêststelling fan G.'s plak yn it religieus-theologysk libben fan syn tiid. Yn skerpe halen jowt er in skets fan syn geastlike groei. As jongfeint leit de opteine sjonger fan 'e ierde en syn hearlikheit al forbân tusken ierde en himel; letter sjucht er it ierdske lok yn syn tobrutsenheit en forgonklikens en dat liedt dan ta in spanning dy't op 't lêst oergiet yn in longerjende langstme om ûntboun en mei Christo to wêzen. Fan in bikearing, lyk as Buitenrust Hettema wol, kin gjin praet wêze, mar fan in steesoan fjirder gean op in paed dat er yn syn jonge dagen al ynslein hie. Op hilliging troch 'e | |
[pagina 282]
| |
Geast wurdt faker de klam lein as op Christus' forlossingswurk, mar op it lêste doch genôch om him net mei Wagenaar fan moralistyske menniste biynfloeding to fortinken. Kalma lykwols is alhiel op 'e doele as't er him in kristenhumanist neamt. Immen dy't sa hertstochtlik de forlernens fan it minsklik slachte, boete-needsaek en genede-forlet preket, is gjin humanist. In humanist leaut ommers oan 'e minske. De sjonger is út in Grifformeard formidden, seit Skr. oan 'e ein en syn religieus wurk forriedt de ynfloed fan de Praktisijns, godgelearde skriuwers yn Ingelân en Skotlân opkommend. Wurk fan harren hat G. ek yn it hollânsk oerset (Cap. IV). - It lêste haedstik hannelet oer 'e saneamde styl-omsetting fan 1654. Ek hjirre sjucht Skr. gjin hommelske omswaei, mar in natuerlike groei fan hwat yn bigjinsel altiten al oanwêzich wie, in spanning, dy't oergiet yn oerspanning. G. oerskat dan de technyske mûglikheden fan syn taelmateriael en smeit de barokste fersen. Ik ha yn It Heitelân fan 1940, s. 87, 88 ek alris it ien en oar oer dy stylomsetting sein, mar Skr. seit it skerper, oertsjûgjender, definitiver. Barok is neffens my de styl fan 'e fûle spanning tusken ierdsk en himelsk. Syn triomfen lizze yn 'e boukunst. Barok - net fertikael-dynamysk lyk as de Gothyk: de spitsbôgen sjitte nei boppe en forflechtigje yn 'e himelske kontreijen; net horizontael-statysk lyk as de Renaissance: stil en sûnder biweging rêst it bouwurk op syn ierdsk founemint - barok: diagonael-dynamysk: skean, ja bochtsjend, wringend om it swiere ierdske wicht op to tillen, in och sa moedsum tendere ad regia caelestia. G.J. skriuwt fersen dy't hoarte, skuorre, knappe, en doch net fan 'e groun loskomme (cap. V). Mar wize, rekke, tendere nei it himelsk Jerusalem dogge dizze fersen dôch, net troch 'e dichterkrêft dy't der ûnder baernt, mar troch de krêft fan it fjûr dat God sels ûntstutsen hat yn in leauwige siele. - Mei in wiidweidige forklearring fan G.'s net sa maklik Yn it stamboek fan S.A. Gabbema, bislút Skr. syn ynliedende stúdzje. Hwant in hegere pretensje hat dit boekje net. As sadanich moat men it ek binlikje dat it negatyf-polemyske diel sa'n | |
[pagina 283]
| |
breed plak ynnimt. Oprommingswurk moat der earst dien wurde foar en alear men bigjinne kin to bouwen. Bifredigjend foar my is dat Skr. it stikje muorre dat ik opset ha, stean litte wol, al hat hy my wol bybrocht dat myn mitselwurk it hiele hûs net drage kin. Dat wy de psalmsjonger yn it geastlik formidden fan Grifformearde Protestanten in plak jaen moatte, stiet fansels hyn ofte nei net yn 'e kiif. Lês mar syn hollânske gedicht Ontdoodende Dood en dêryn de yn dizzen alles bislissende rygle: ‘Nu's ontdoond Dood, voor uytverkoor'nen Jordân’ - Wagenaar sil dit fers wol nea lêzen hawwe -; mar dat yn Op 't Musijck-sjongen by ‘Goads frjune’ ek oan dat Decretum Dei aeternum horribile - is dit epitheton net fan Calvijn sels? - tocht wurde moat, haw ik nea op sind, alhoefaek ik dat gedicht ûnder 'e eagen hawn ha. Dat sil him wol oan myn frijsinnigens lizze en is alwer in biwiis dat men om de kristen Gysbert Japiks folop to forstean, men mei sielkunde allinne net ta it doel komt. Derfoar is nedich exegetysk-dogmatyske en histoarysk-theologyske kennis en - geastlik meifielen en geastlike bisibbens. Ek fan it lêste kin in frijsinnige genôch bisitte om oanstutsen to wurden fan it djippe leauwen dat jin út G.'s religieuze fersen en - fan 'e waermte dy't jin út dit boekje to mjitte strielet. Skr. wiist it paed en set útein. Wy freegje; rin fjirder, wy komme mei. - |
|