De Tsjerne. Jaargang 2(1947)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 272] [p. 272] Jan Wybenga: Hwa kin jit skriuwe oer de rein of oer de wyn, dy't oer 'e lânnen strûst, hwa dreamt jit by it finster fan 'e trein, dy't floitsjend troch de dize brûst? Us wrâld is lef en lyts en âld, de goaden hawwe ús forlitten, 't is better rêstich thús to sitten as om to doarmjen troch de wrâld! Hwant draeije fjilden 't each foarby en slacht yn 't ear it ratteljen fan weinen dan rûst yn ús, as stadich reinen, it sleau refrein: mar neat is nij! De wurden binn' forsliten munten, bisnoeid en sûnder wearde of glâns, mar machtich ta de help fan smjunten dy't stribje nei de greate kâns! Dochs sil it lêste liet nea klinke, al binn' ús fersen skimen sûnder bloed. - Us wurch geëamel mei yn 't lêst forjitten sinke: Ien skriuwt It Nije Liet út stien en gloed. [pagina 273] [p. 273] Lette reed Hja rydt de frjemd-fortiisde paden dy 't liede nei de âlde skâns. It hynder skrillet foar de skaden oer 't weinspoar by de bjirken lâns en stiet, dêr't har de pôllen dûke as bange bern tsjin d'ierde oan - Yn leffe flecht forstienne tûken lykje al ieuwen lyn forstoarn; De Tiid skynt wol in kear to nimmen op dizze grins fan nacht en joun: hja stiet dêr mids de blanke skimen fan hwa't hjir earen ried of roun. Der binne poarten iepen stjitten; dit toevjen yn it tsjuster is in lange reis nei ljochte fierten, dêr't sjen it wisse witten is. Har siele op 'e wjukken gong, woe rize as in foarse earn.... mar der wie eat dat skriemend twong it lêste witten to ûntgean.... [pagina 274] [p. 274] Forgese Reizen De leffe lietsjes fan de trou forwaeiden mei in wylde wyn, doe socht ik myn fortreasting yn de earmen fan de frjemde frou. Ik dronk in winternacht yn Praech de swietens fan Tamara yn en wie yn Brussel en Berlyn in sûndich soan út Adams laech. Wy sykje oerdei in âld gebou, in hânskrift of in skilderij, mar op 'e joun forriede wy ús wiere langstme oan in frou. En jimmer binn' de wurden lyk, bistjûrt it wiffe bloed ús hân en spilet, nei de feale brân, in gnizend diveltsje de wyk, En rounom is de Dea presint, dy skurve swalker yn 'e mist! Net ien, dy't yn in minske of bist in freon foar 't hiele libben wint. Vorige Volgende