| |
| |
| |
Anne Wadman:
It feest fan Juffer Springer
De joune waerd neffens de âlde brûkmen fan it ‘hûs’ toneinbrocht mei in noflike gearsit fan alle pensionbiwenners yn 'e wenkeamer fan juffer Springer, dy't yn in nei elk syn gedachten troch harsels opforsierde stoel troande en tusken de bidriuwen troch thé en bowl yngeat, tige warber en ropperich fan 'e alteraesje. It wie (lyk as fan âlds, neffens de spoarman, letter) in min of mear mistreastige en tryste fortoaning, mar 't hearde der sa by en it foarme ien fan juffer Springer har heechtiidsdagen, dy't men har net ûntnimme koe, sûnder har ek tagelyk elk fielen fan eigenwaerde to ûntfytmanjen.
En sa siet hja mei de kantoarklerk Jeen Joukes Offringa, mei de studint yn 'e medisinen Frans Fontaine, de pensioenearre spoaramtner C.M. Koudekerk en de hannelsreizger yn skriuwmasines Salomon Waterdrager (dy lêste, meastal op 'e sjou, wie nou tafallich in deimannich thús) yn in toar en forfeelsum petear dat neat om 'e hakken hie. In frjemd en ûnwennich op 'e hege kreakerige stuollen forskeukend omsittend laech dat pipen en dampe, oerjierske segaren smookte en de rynsk opdiste swietichheden slobbere en bisobbe, tsjin 'e klippen op. De keamer wie fold mei it trystich bisef dat elk folslein bûten de oaren stie, en dat de spanten fan it dak, twa trije fordjippingen heger, de iennichste biskutting en de iennichste oerbôgjende mienskip foar harren foarmen.
Doe gyng it Jeen hommels oan, skerp en net mis to forstean: ik forboargerlikje. Dat kaem samar opsetten, ear't er der erch yn hie, en hy koe it net wer kwyt. Hy seach tantsjendewei it rychje bylâns, fan 'e ien nei de oare, mar lies neat op 'e gesichten, dy't stoarjend, fierwei, op 'e segaren knouden of op 'e pipen bieten. Frans hie deselde tearen yn 'e holle dy't er dy jouns yn 'e Beethovenstrjitte fortoand hie en seach foardel nei de flier, nei in dizenich punt op it kleed foar syn skuon, wylst it petear stadich en ientoanich troch de rikkerige keamer omdreau, knoffelich, út en troch heakjend en tobrutsen fan juffer Springer har útlitten, gûlderige laits om dingen dêr't men by effen neitinken mei de bêste wil net om laitsje koe.
| |
| |
Hja wie opdiggele mei kanten en linten as in jongfammich merkefroumins en die alle war om jong to lykjen, dizze gloarjedei, dat der altomets ris ien syn prakkesaesjes útgiene nei it tal krúskes dat hja efter har hie. Mar it die gjin fortuten: it wêzen bleau like mûseftich âldsk, hja hie eat fan in sjamme en fan in Janklasjepop mei gleonread ferve wangen en as hja yn suver Amsterdamske tongslach it ien of oare nijsgjirrige fyt ophelle út har bifinings fan keamerforhierster oan hearen, dy't net altyd ‘hearen’ wiene, mar it ek wolris oanleine op har eare, - dan moast Jeen iderkear weroan tinke oan it sellige jountsje by de Pieterse's, dêr't juffer Laps sa de mûle yn beide hannen hie, - in forhael dêr't in Multatuliaensk mulo-ûnderwizer wakker mei skermesearre hie. It boargerlik sentimint dripte mei skeuten fan alles ôf: fan har troanje, fan it hûsrie, fan it guodkeape, Hema-ige diggelguod en fan de lewantforsiersels, dy't útdaegjend de gek hiene mei elke optinkbere foarm fan aesthetika: rare skiere printen út 'e Frânske tiid, aensichtkaerten mei swietbekkich frijende pearkes tusken mjitskkleurige roazebosken en ytlike jierren âlde skuoralmenakskylden, yn greate letters forkundigjend dat God leafde is en leafde op syn bar de measte.
As ik hjir noch in healûre tahâlde moat, gean'k dea, doar ik net mear to sykheljen, fordomme myn harsens it langer, tocht er. De healûre skou stadich en forduldich nei de ein, mar hy obstrewearre by himsels gjin tekens fan in wankende dea, it hert bijoech him net, de siken smûgden troch, trou as altyd. It hie dus mar in machtsspreuk west. Hy wie boargerliker as er tocht.
Der wie in tryst en sneu hiaet yn 't petear fallen, doe't Frans yn syn ûnnoazelens wei in skimpskoat die op 'e Joaden, sûnder de goedhinnige Salomon Waterdrager yn 't omtinken to nimmen, dy't him net roppen fielde om foar syn ras op to kommen, wylst ek net ien fan de oaren der in bek op sette. Doe rêdde juffer Springer mei glâns en gloarje de situaesje, troch it ûnsillige útstel to opperjen, menhear Offringa moast syn fioele mar ris oantuge en in stikje spylje, dat koed er sa skoan, en hwat muzyk, dat sette sa'n dei altyd hwat fleur by, is 't net sa?
Frans syn gesicht waerd noch toarder en biloek him doe ta brykmûlige gniis. De oare twa foelen by, dat moast altyd wêze, ja wis en donders. Fral Waterdrager stie it tige oan, faeks
| |
| |
omt sadwaende de oandacht fan syn persoantsje ôflutsen waerd. En menhear Offringa, de ljochthierrige Fries, wie sa goed net of it spylark kaem mei folle omballingen út 'e kiste wei en ûnder 't kin, dêr't it in telmannich ûnder greate spanning fan 'e harkers roerleas tahâldde, as moast der wachte wurde op in godlike oanbliezing. Yn dat skoft fan eangstich swijen fielde Jeen de eagen op him rjochte. Hy tocht: Sjoch, hjir sit ik nou, jammerdearlik. Ik, wurdend wrâldboarger, freon fan asfalt, huorren en Jazzmuzyk, ik dy't great libje woe en my stoarte yn it alderriskantste aventûr, ik, myn jeften útstallend yn it alderlytsboargerlikst formidden dat men jin tinke kin. It is om troch de groun to sinken, om jin to bidwaen. Hy skamme him ta de teannen út, en winske himsels wythwersanne oars op 'e wrâld, 't koe neat forhippe hwêrre, as it mar fier wei wie fan dizze banale boargersitting. Mar juffer Springer glied in sillige glim oer 't oantlit fanwegens safolle eare har oandien. De spanning wie yn 'e stiltme to hearren. En doe, nei hwat ynliedend gestim en gekras, langer as perfoarst needsaeklik wie: hope'r dan dòchs jitte op útrêdding, of woed er de oaren nytgje? - doarmen yn ienen, skruten en ûnwis, de klanken fan ‘Silver Threads’ de keamer troch. Dat er op dizze dei krekt dit liet út syn foarrie opfandele, wie bare tafal, mar as men der goed ynkaem fan in fynynleine irony, dy't him dochs in lyts pripperich fielen fan tofredenheit bisoarge. Mar juffer Springer fielde dy irony net, it liet rekke in teare snaer yn har wêzen en nei de earste fiif seis toanen sette se har ta meisjongen, mei in skril lûd en sa likernôch in heale toan to heech: ‘Sillevere droade tusse 't gou-oud’. Healwei rekke se der út (hie se by sa'n dryste ynset forwachte dat der oaren mei ynfalle en har der trochskuorre
soeden?) en Jeen fan 'e weromstuit ek. Dat wie hwat pynlik en hy forsloech yn in tige bitiisde eigen fantasij, dy't menhear Koudekerk it wetich sizzen ûntlokke, as er him net raer forsinde wie dit fan Mosart, dat Jeen mei in neatsizzende knik biamene. Doe sette menhear Koudekerk in forhael op oer ditselde stik fan Mosart, dat hy ris meispile hie, doe't er noch op syn doarp wenne, yn Sélân, hy spile doe earste bugle yn 'e harmonij. Jeen seach nei Frans, dy't in stil superieur glimke om 'e mûlshoeken boarte. Hja skynden elkoar to bigripen, folslein, ien
| |
| |
momint. Wie Anny it punt dêr't harren tinzen elkoar rekken? Doe stoar ek dat út en sonk er forwarleas fuort, djip yn 'e poel fan de alderjammerdearlikste boargerlikens, boarte manmoedich it ûnnoazele greatminskespultsje mei, spile ‘Seemanns Los’ en ‘Rio nachten’ en ‘It Aldershûs’ en fortelde sûnder in kaem to krijen in mop op 't kantsje ôf dy't er op 't kantoar opdien hie en dêr't juffer Springer wakker oer bearde: it wie net dúdlik oft it meistimmen of ôfkarren bitsjutte, miskien beide tagelyk, en dy't oare moppen en brike setten losweakke út 'e toarre mûlen fan it omsittend laech, hwat letter hwat skeaner, fral it Joademantsje hie in greate foarrie en spile net swak by yn dit stik. It iis wie brutsen.
Om tsien ûre kaem de drankflesse op 'e lapen en waerd der forheftich klonken op it woldijen fan juffer Springer en har kûse âldfammesteat. Ek Frans rekke los, hy woe har dochs nochris dy jongfammesteat foar hwat fruchtberders omroaljen sjen en stelde út ris to bisykjen oft hja en menhear Koudekerk net mei elkoar holpen wêze koene. It soe in brulloft jaen dat it klapte, en der wie yn dit hûs al safolle folk fan middelbere jierren, der kaem wolris forlet fan hwat jòngs. Menhear Koudekerk ornearre, hy wie to âld foar sokke prestaesjes, lit de jongerein it goeije foarbyld jaen, dy lieten it doch al sa sitte. Menhear Waterdrager siet stil-priuwend yn himsels to skokskouderjen fan 't gnizen om safolle grappigens en juffer Springer waerd mei de menút mear read en opset fan 'e wille en útlittenens en bigoun har to tiergjen as in bluisterich jongfaem dy't de lêste merkejoun noch gjin frijer hat en it swurk driuwen sjocht.
Mar tsjin alven bistie de spoarman it en brek de gearkomste op, hy bileave, man fan 'e klok as er wie, juffer Springer har gloarjedei towille gjin nachtrêst to koart to kommen en winske, yn ienen wer stiif en steatlik, goenacht. Ek Frans sette ôf, de stêd yn, nei ien fan syn stjerren, de Beethovenstrjitte, de Karthuizer of nei it famke út 'e Hema of miskien al wer hwat oars. Jeen joech him nei syn keamer en sette him ta tinken. It hie net folle om 'e hakken en biweegde him meast om dit iene punt: in mislearre joun, alderôfgryslikst, in joun folslein ta neat nut. It grisseltsje treast dat er foun yn it feit, dat ek juffer Springer mar ienris yn 't jier har jierdei hie, en it tige
| |
| |
de fraech bleau oft er it hjir in jier úthâlde koe, koe syn wrantelige ûnfrede net delbêdzje. Hoe kin men jins tiid sa hopeleas forknoeije? It kin sa net fierder mei my. Dit hat wol sa fier mis west, ik hie wegerje moatten, ik hie wite kind, dat it sa'n plat-by-de-grounske komeedzje wurde soe, as ik der by tocht hie, mar dat haw ik fansels net, trijedûbelde kloat dat ik bin. En dat soe op syn iepenst wêze. It rint oer de hege skuon: boargerman, as 't sa trochgiet, ik bin al fiks op wei, miskien bin'k al net mear to rêdden. In boargerman, in boargerman, hy spriek it wurd út op in toan as in grifformearde âlderling as er 't hat oer de duvel. Mar hy snie dy forachtlike gedachte ôf, hearde, doe't er de trap ôf en de gong trochroun noch krekt hoe't juffer Springer op pathetyske toan forklearre: ‘Nee, meheer Waterdrager, ik dìnk niet an trouwe’ en joech him nei bûten, sûnder doel.
De stjerren stiene heech oer de stêd to flûnkerjen, kâld as de knypeachjes fan in ûnsjogge, útdroege âldfaem en joegen alhiel gjin oanlieding ta hwat iensens en fielen fan mienskip. Hy tocht oer it Vondelpark mei syn tichtby en feilich biskûl, mar wie eang dat ek de paden en beamboskjes dêrre harren erotyk útwazemje soene. Hy naem de lêste tram nei de stêd en waerd wei yn in kroechje earne by it Spui, in suterich en rûch gefal, dat Frans him alris oanret hie, as seldsum gesellich mei pracht-froulju. Hy siet hjir oer in ûnfoech great glês bier dwers troch in reekwalm to stoarjen nei de nuvere maneuvels fan in harmoanikaman en in drummer, dy't mei gekke papieren steken mei heale moannen op (de kroech hie ek in Moarske namme) it muzikale diel bioarderen, de lêste noasklanke troch in trachter de nijste strjitlieten oer de biswitte hollen fan matroaze- en efterbuertefolk. It wie as alle muzyk nijsgjirrich en joech ek wol min of mear hwat nijs, mar it koe de forlerne joun net goedmeitsje, dat mocht net skimerje.
Doe't in glei, groubonkich froumins mei plakte triedden swart hier, in bleke dikke kop mei sleauwe eagen en it jak heal iepen, dat der net folle mear to rieden, mar, alteast foar him, ek net to bigearen foel, nei folle gedraei mei eagen en heupen, wraem die om op syn knibbel to kommen - hy fielde de muffe waremte dy't út har swier lichum streamde en waerd der oars fan, syn hert bounze wyld en oerstjûr - warde'r
| |
| |
lykwols ôf, ûnforskillich, wylst er it foar en it tsjin fan dizze him sa hommels foardwaende mûglikheit op in wylde nacht by himsels oerlei. Ik kin wol meigean, en dat nimt faeks in bytsje fan 'e boargerlikens dêr't ik niiskrektsa mei bismodske bin, wer fan my ôf, it soe foar myn eare gjin kwea ding wêze, mar 't soe my letter muoije kinne en hwawyt hwat ik derfan skypje kin oan rare kwalen en ûngemakken. Dêr komt by, ik haw sok in hantwurk noch nea earder by de hân hawn, it soe my grif net handigje en in mâlle flater wurde kinne. En dan: dit froumins wearzget my, mei har luenske eagen, dy ljochte dêr yn 'e hoeke hie'k gâns leaver, dy wie de sûnde faeks wol wurdich, mar dy sit by in oare fint. En dan... haw ik wol jild genôch by my, hoe heech soe soks komme, 't soe fordomd sneu wêze, hjir ‘klear’ to kommen en dan nei ôfrin sizze to moatten, siz kin ik moarn ek efkes oankomme om to rekkenjen hwant ik ha... En bûtendat: ik bin hwat oars fan doel, mei Anny, hwat dat op heger niveau stiet as ditte. En dêrom mei ik my net op dwyl- en sydpaden troaije litte. Ik soe my foar har skamje moatte, leau'k, as ik dit die.
Hy warde ôf en bleau sitten dêr't er siet, in bytsje tofreden dat syn redenaesjes op sa'n nuodlik momint sa bûtenwenstich goed slagje woene en hy syn kop der net by forlern hie. Wylst er de faem nei-eage, dy't it nou, mei mear sukses, bisocht by in matroas mei ien each, bistelde 'r in âlde kleare en doe noch ien en letter in trêddenien, dêr't er licht fan yn 'e holle waerd, omt er sa'n heap ynienen net wend wie. En tocht: ik haw in gek sin, it is alderraerst sa'n gek sin as ik ha, ik moast winliken mâlle dingen dwaen, gekke fiten útheve, dwers tsjin 'e wenstige oarder yn. Ik soe dat ljochte bern mei dy reade lippen by dy âld strûk mei dy hingelsnor weiskuorre kinne en sels mei har op stap gean of op bêd gean of har meinimme nei bûten, dat koe ek, en mei har prate, en har freegje oft se nou... ja hwat freegje: oft se nou net leaver mei him, in fikse deeglike kantoarfeint, trouwe woe en boargerhúsfrou wurde, of hy soe se meinimme nei Parys, ûntfiere út dizze kroech mei syn rare Moarske namme, ‘Alcabara’ of ‘Albacara’, of hoe dan ek, en as souteneur fan har affearen libje... Ik soe noch oare gekke dingen dwaen kinne, bygelyks Anny opskilje, samar op bon aventûr, en sizze dat ik smoar
| |
| |
op har bin, hartstikke, troch alles hinne, en freegje oft ik moarntojoune of leaver fannacht noch mei har op stap kin.
Dit lêste plan like wrammels noch net sa gek en hy mimere der in skoft op troch, oertsjûge dat er wol deeglik de moed der ta hie. Mar se soe op bêd wêze kinne of net thús, of bisite hawwe fan Frans en dy syn freonskip woed er om 'e wearlich net misse, sa'n bêste keardel, goddomme, en dy soe hy syn faem ûntfytmanje, wylst er der by siet, né, dan moast it al oars ynklaeid wurde, hy moast har earst... Mar de krêft ta de die ûntbriek. Hy bleau hingjen dêr't er siet. It telefoanboek oars, dêr stie de namme wol yn, fansels, in dokter.
‘Ober, mei ik it telefoanboek even?’
‘Wy ha gjin telefoan, menhear.’
‘Soa, just.’
Hy naem noch in pear slokjes en bleau sitten dêr't er wie, ont de saek om ien ûre ticht gyng, alteast foar him, dy't oan bier en jenever genôch hie. Doe stie 'r op 'e strjitte en hie nearne moed mear ta. Hy hie in ûnwêzenlik forlet fan rjocht to rinnen, hwêr wie dat einliks goed foar, dêr tocht er doch oars ek noait om? By it Keningsplein stie er in skoft yn 't wetter fan it Singel to stoarjen, dêr't de ljochtreklames mei har fûle kleuren yn spegelen en de Munttoer frjemd skerp ôfstiek yn it ljocht fan de moanne.
Hy tocht: as ik nou mar dronken wie, dan hie'k grif wol de moed en spring hjir yn 't wetter, midden tusken dy letters, hwat soene se wyld út elkoar spatte. Mar hy hie dy moed net, hy hie moed ta neat, sels net ta nei hûs gean, hy koe hjir krekt like goed stean bliuwe as byneed sitten gean, op ditselde plak, der wiene dochs net folle minsken mear warber. Hie'k fordomme mar mei dat froumins gien, al wie 't dan in hoer, dan hie'k hwat leare kind. Sokken ha it faeks ek net al to rom, frâl sa'nenien, dêr sil men net folle gading oan meitsje, alhoewol dy matroas mei ien each, mar ja, dy hie op 't lêst ek mar ien each, dan sjocht men net sa krekt mear. Dat eareme bern, it bigreatet my fordeald, mar it is nou to let, se sille my der wol net mear ynlitte en se leit fansels by dy fint mei ien each. Boppedat, ik soe 't hûs miskien net iens werfine kinne, hoe wie 't ek wer: ‘Abracabra’, ‘Arbacarba’ of sokssahwat. Dat wie oars krekt hwat: ris bisykje oft ik it
| |
| |
hûs ek werfine kin. Faeks soe'k foar in oare kear ôfsprekke kinne, mar né, Anny... It soe oars in moai ding wêze as men sa'n himmel fanke as dy ljochte mei dy reade lippen rêdde koe út dizze ûnhurige boel, it like dochs ek in hiel fatsoenlik ding, neat n't huorrich. Mar kin me sokken fan 'e seedlike ûndergong rêdde, soene se net foar altyd bismodze wêze...?
Hy hearde himsels laitsjen, nuver koartôf, sa lake 'r oars noait, en tocht: Frek, ik koe wol dronken wêze, mar né, och kom, hoe kin dat nou, ik ha ommers neat hawn, tominsten net dat 't makket... Feitliks moast dêr nou op in distânsje in plysjeman hinne-en-wer rinne om in eachje yn 't seil to hâlden, as ik faeks it wetter yn woe. Ik bin der ek forhipte ticht by, sa'n meter as twa, twa en in heal. It soe faeks ek alhiel net in lûde plûns jaen. Sa'n plysje, dat heart sa, neffens de boeken. Mar 't is tige stil om my hinne, ik wol net leauwe dat der ien op 'e loer stiet. Hoe wie dat mopke ek wer fan Waterdrager? In grappige keardel, dy Waterdrager. Nuver, in Joad, mar ja, dat kin men sa treffe, ik hie ek in Joad west, as myn âldelju... Hy seach omheech en lies: Boldoot, Ibis-shag, North State, Castella, it waerd jin giel en grien foar eagen as men der lang nei seach, en it fearntsje moanne kleau sa ûngemurken wei boppe de Munt út en stie nou al healwei Carlton.
Doe pandere'r as in doarpsk rintnier sûnder soargen, foarsichtich en stadich en mei de hannen op 'e rêch de nachtlik stille Leidske strjitte troch, dy 't der ûnwennich hinne lei, sûnder minsken en fytsen en trammen, sûnder stopljochten en sûnder helle, fûlkleurige útstallings. Foar 't earst dizze dei tocht er mei oerjefte oan Anny, en doch ek wer net oan hàr, hwant it byld wie minder klear as oars, der skimere sa nou en dan hwat mûseftichs troch, en hwat mei sleauwe eagen en helreade lippen, in nuver griemmank. Stom, tocht er: de froulju ha noch nea sa'n rol yn myn libben spile.
De grêften gappen hol en tsjuster oan wearskanten, en de wyn boaze oan en rûze troch de beammen.
Dy nacht sei ynienen in groubonkich neaken froumins mei in skerp lûd tsjin him, út in omearming wei: ‘Nei meheir Offerincha, ik dink niet an trouwe. U bint me feel te burgerlijk’. Hy waerd kjel en biswit wekker en gappe nei de siken.
(Fragmint út de roman ‘Fioele en Faem’).
|
|