De Tsjerne. Jaargang 2(1947)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 261] [p. 261] G.N. Visser: Ticht, ticht de teisters en de mûle Hunkerjend nei 't heil dat is By in oare bittre mûle En iksels, dy't wurden siz Djip en muoilik, omt ik slein bin Fan safolle hearlikheit, O de nachten dy't folslein bin' As hja wyld en warleas leit Oan jins boarst en net mear skaet is, Net mear op harsels bistiet Mar trochwoune en trochstaet is. En har triennen hillgje dit. * * Mei it kliuwen fan de jierren silst Iensumer jit wêze astû bist En dû silste freegje: hwerom draei Jouns ik yn it slot de iizren kaei? En dochst de gerdinen dan omleech Yn 't elektrysk is de keamer leech, Stadich, ûngemurken wurdstou âld, Lêsstû by de hurd, de hurd is kâld. En dû wurdst it neigeraden wiis: Yn dy, om dy is it kâld as iis, Sels de boeken stelle jin toloar, Ut de jiske falt de lêste gloar. Mar mei dizze pine wurdt it fers Blinkender en flymjend as in mes. Dan allinne bin' de wurden goed Kinstû jiske priuwe, priuwstû bloed. [pagina 262] [p. 262] Swalkers Libbensliet Froulju moaije dingen sizze, Blomt' har yn 'e skerte lizze, Kuijerje mei har oer de gêrzen, Altyd boartlik selskip wêze Yn de parken en foaral Op it feest en op it bal. Is se tryst en is se down Wêze harlekyn en clown, Mei dyn gritsen har formeitsje, Ont jim beide hertlik laitsje, Sjonge, o it monter liet Dat op jonge stimmen giet. Reizgje, lykwols om har tinke, Ut 'e fierte har biskinke Mei in brief, in flugge groet, O dat docht in frommis goed. Keare, jitte fan har hâlde: Bleau net alles by it âlde? Priizgje dan har bloune bern, Sizze: Hwat bist jong bleaun en Elegant, dan prate, har Prate litte, ‘It is bar’, Suchtsje, ‘sok in wrede man, Ik bisau der suver fan’, To bigripen en to treastgjen... Om dan yn in Junynacht Unforwacht Lean foar trouwe tsjinst to easkjen. [pagina 263] [p. 263] De Learaer Hy stiet, in tsjuster man, heech foar de klasse. Syn: ‘greate sûlen’ tongeret noch nei. Dan weint er swart it godlik antlit wei, Kriget de trijehoek en grypt de passer En trêddet oan op 't boerd, bigjint syn wurk. Hoe kin sok masterskip men rjocht wurdearje? De bern sjogge amleas nei 't kristallisearjen Fan dreamen, heger as it swurk, En bin' forheard: hwêr foun men ea in trie Ut dit slim labyrinth, in kaei, in machtwurd Fol toverdeugd, hja bin tonein har rie En wachtsje - en sunich, sunich oft it nacht wurdt Draeit er him om - en glimket. Dan, hiel fel Set er in streek en heu! 't probleem is helder, 't Chaldeesk geheim werombrocht yn in tel Ta in bernesom lyk as de juffer stelde. 't Is út, 't is dien, dit lykwols is it ein: In nij gewaeks sil fan syn greatens beare. Dan giet de bel, har woelsucht wurdt ûntslein, De learaer glimket fyn, giet dan to skearen. Vorige Volgende