De Tsjerne. Jaargang 2(1947)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 311] [p. 311] Klaes Dykstra: Aurore Oer de ierde waeit in golle Maeitiidstwjirre; It ljocht toraent oan 't sulvren firmamint. Hjoed haw ik my it skimmelich herte wierre, Mar 't bleau in nutteleas ekspearimint. De wémoed hâldt my machtich yn 'e skjirre; It jowt gjin byt oft men al sjongt of stint. Forlangen pripket as in falske njirre Djip yn it moed lamlindich sintimint. 'k Rin troch de drokste strjitten fan 'e stêd En sjoch my oan 't moai frouljusguod net sêd; De iene is al prûzer as de oare. Dan groeit oer my in mankelike nacht; De beammen yn de parken núndrje sacht. En 'k skriem om 't iepenbloeijen fan Aurore. Powerscourt (ierlan) Ik haw dreamd fan in faem by it skouwe hart Yn it djipst fan it wâld ûnder rotsgranyt, Dêr't knyntsjes ljeppe, in wetterfal stoart En de linige foks troch de farens glydt. Hja forskynt yn dizen, dy't it deiljocht spriedt Yn reinbôgekleur tsjin it sappich grien blêd En sjongt yn it leaflike klysterliet Yn de oerâlde iik mei iikhoarntsjes rêd. Efter slingers, dy't wine yn sierlik gerank Forbliedt as in mearke it jounich goud. Lyts-iensum sit ik op de moassige bank; It is my sa frjemd en dôch sa bitroud. Vorige Volgende