Op it harspit
Frysk-nasjonale krantelyryk
De ‘Simson’-première hat yn 'e Fryske parse oanlieding jown ta lyryske Frysk-Nasjonale erupsjes, mei frachten útroptekens en ‘Hwat wie dit moai’- en ‘Hwat die dit goed’-en der op ta. Sa net, de trochsné biwegings- en de gewoane Friezen hawwe oprjocht geniet hawn en net foar har fatsoen klapt, hja binne mei in noflik fielen fan hwat moais sjoen en heard to hawwen nei hûs ta set. In inkelde official mei miskien efkes de oanstriid hawn hawwe syn tankberens ôf to reagearjen yn it ‘Klink dan en daverje’ fan ien lang twa breed, mar de greate kliber sil mear reden foun ha de fa. Schurer-Schippers-Folkertsma tankber to wêzen as de fa. Redbad-Douwama-Sytstra en de rudimenten fan it Frisia Magna. Dochs binne der sa't skynt lju dy't noflik har jûkerige rêch wriuwe tsjin sa'n Frysk-nasjonale hikkepeal as it bisef dat Fryslân ‘lekker’ sokke dingen ‘kin’ en in oar net.
P. yn de ‘Leeuwarder Courant’ bakt se noch it alderbrúnste. ‘In weachstik mei glâns woun’ stiet der boppe, nou leau ik dat men earder in ‘jildstik’ winne kin as in ‘weachstik’, mar dat is ta dêr oan ta en it krante-bidriuw in haest-saekje. En dan folget: ‘Dit bart dan dochs mar!’ P. is sa't skynt ien fan dy lju dy't mar min wenne kinne oan it idé dat der sokssahwat as kultuer yn Fryslân aerdzje kin en dy't alle gelegenheden oangripe om har nasjonael fielen in lytse ynjeksje to jaen mei in: ‘Sjo' jim nou wol? Fryslân kin hwat!’ En as men sa fier hinne is, dat lit men de minsken ek net nei Simson gean om in moaije joun to hawwen, né, ‘allegear rinne hja waerm foar Fryslân, wolle hja der foar libje en wurkje.’ Soene al dy hûnderten oanwêzigen nou wier mei sa folle forhevener en edeler doel hinne gien wêze as ik dy't nederich bikenne moat, dat it my allinnnich mar om in moaije joun to rêdden wie en dat ik gjin momint ‘waerm roun’ bin foar Fryslân?
Nou, en dan kin P. him alhiel net mear ynhâlde. Hy ropt in eschatologysk byld op fan Fryslân: ‘Mar as hja dit meimakke hawwe, forjitte hja it net wer en prate der op 'e âlde dei noch oer.’ Ik hoopje al dat der dan wer nije dingen binne om oer to praten. En yn alle gefallen hoopje 'k dat net ien fan de oanwêzigen sa djip sakket, dat er oan 'e ein fan syn libben sizze moat: ‘Fryslân, hea ja, hwat wie dat ek wer, - o ja, Simson, dat wit ik noch hiel goed. In prachtjoun.’
Efkes tichter by de bigiene groun bliuwt J.K.D. yn it ‘Vrije Volk’, mar ek hy kin syn lyryk net baes en jubelt oan 'e ein út: ‘Ik bin as Fries greatsk, dat ús kultuer soks biedt!’
Hiele oare perspektiven ûntdekt ‘Het Friesch Dagblad’: ‘Lêzers, it hat juster in dei west om noait wer to forjitten. In dei fan bilang foar Fryslân! In greate dei foar de Tsjerke!’ Sjoch, hjir brekt nou myn klompe, mar ik wol wol wêze: theologij is myn sterkste kant net, dat it kin wêze, dat Schurer syn stik ek op ien of oare wize de Kristlike tsjerke nije gloarje bysetten hat en mannich ôffallige nei it sté fan syn heil weromdriuwt. Yn alle gefallen: elk hellet der út hwat fan syn gading is. En as nou aenst it Fakblêd foar de Ierpelhannel ek noch ûntdekt dat de première fan Simson in great barren west hat foar de ierpelhannel, dan is alle man tofreden en wachtsje wy op in nij barren dat ús tsjerklik, Frysk-nasjonael of commercieel heil farsk bloed jaen kin.