Oanfolling muzyknûmer
Op de list fan Folkertsma's komposysjes jowt de Hear H. Feenstra to Bilthoven in oanfolling.
It deklamatorium ‘Prolooch’ út ‘De Hoara's fen Hastings’ is skreaun op forsyk fan en foar H. Feenstra, dy't it op 13 Jan. 1937 foar it radio (N.C.R.V.) foardroegen hat, mei oan de fleugel Joh Rypkema fan Snits.
Feenstra wie de earste dy't mei dizze kunstfoarm kaem. Op 8 Jan. 1930 deklamearre hy trije wurkjes fan Jelle Nauta fan Snits, fierders brocht er yn Aug. 1931 op in Bibleteekjoun to Ljouwert, en op Peaskemoandei 1932 op in gearkomste fan de Jongfryske Mienskip deklamatoria. Lyk as bikend skreau Jelle Nauta, muzykmaster to Snits, muzyk by: ‘De Wolkem’, ‘Lêste Eare’, ‘It Andert’ (Fedde Schurer) en ‘De Wyn’ (C.A. Faber).
A.K.