‘Jaarboek der Nederlandse Kunst’ I, Leijen, A.W. Sijthoff. f 10.-.
Mei dit ‘Jaarboek der Nederlandse Kunst’, ûnder redaksje fan Anthony Bosman, en rejael útjown op kunstdruk en mei in oerfloedige rykdom fan reproduksjes en fotomateriael, hat it sa swier net kealle as mei it ‘Letterkundig Jaarboek’ dêr't de Bezige Bij nou grif al oardel jier mei omwouteret. Yn in Jierboek as ditte, dat ta doel hat yn in goed 200 siden in oersjoch to jaen fan in jier Nederlânske kunst yn wurd en byld, en dêrby sa algemien en folslein mooglik wêze wol, moat men gjin djipgeande prinsipiële skôgingen forwachtsje. It gehiel bliuwt de journalistike kant gauris neist, al giet it soms efkes djipper yn op 'e problemen fan it Nederlânske kunstlibben fan nei de oarloch. Yn alle gefallen jowt it in dúdlik byld fan de swierrichheden dy't der oerwoun wurde moasten en fan hwat der yn it earste jier nei de bifrijing yn Hollân op kultureel gebiet prestearre en ek.. mislearre is. Dat dêrby de ‘regionale’ kulturen net neamd binne, is spitich, mar Fryslân hat syn eigen Jierboek (dat fan ditte miskien noch wol hwat leare koe yn guon opsichten!) en hwat giet ús op 't lêst Brabantia Nostra oan?
Anthony Bosman bisprekt it probleem fan de illegale litteratuer en de Nederlânske poëzij fan nei de oarloch. Hy komt ta de konklúzje dat de jongerein gjin libbensbisef en gjin libbensbiskôging hat dy't har yn steat stelt ‘greate poëzij’ to skriuwen, in forklearring dy't neffens my de kearn fan 'e saek net rekket. By einsluten hawwe Margot Vos en Muus Jacobse beide in baes libbensbiskôging, mar hja sille fan har libben gjin greate poëzij skriuwe. Ek Rein Blijstra lit yn syn artikel oer it proaza gjin optimistyske lûden hearre. Yn in achttal ryk yllustrearre bijdragen bisprekke fierders André Glavimans, Pieter Koomen, Theo van Reijn, J.J. Vriend, Wouter Paap, A. Koolhaas, Corrie Hartong en Ben Heuer respektyflik: skilderkunst, printkunst, byldhoukunst, architektuer, muzyklibben, toaniel, dounskunst en film. De measte fan dizze skôgingen falle net botte moedich út: fan de greate forwachtingen dy't men yn 'e bisettingstiid en fuort dernei hie fan it weroplibjen fan de Nederlânske kultuer is it measte net tolânne komd. It bêste moat út it bûtenlân komme, binammen jildt dat foar toaniel en film. Alde skiedsmuorren binne wer opriisd en oarloch en bisetting brochten gefoelige forliezen mei, dy't men net ien twa trije goedmeitsje kin.
In ûndernimmen as dit boek is kin men net oars as priizgje. Net allinnich jowt it foar de kunstleafhawwer in weardefol oersicht oer hwat der west hat, mar ek kin it troch syn net-spesialistyske opset en toan gâns bilangstelling wekkerroppe. Der binne de lêste tiden yn Hollân wol boeken forskynd dy't har tsientsje minder wurdich wiene as dit.
A.W.