It wie mar mâl gien, hokkerjouns. Epkema hie raesd fan:
- Smoarge dea-iter, wy jowe ús Minke sa'n opfieding net dat se har oan dy forslingerje sil. Skielk foar dy by de wurkhuzen lâns, tink, omstou helte leaver omstipst as dyn hannen brûkst. En al wie dat oars, dan noch net, mei ien fan jimme soarte!
De ieren stiene de man read op 'e foarholle:
- Mar it is út, ik haw der al mei jim heit oer praet.
Heit hie flokt as in kriichshelt: hoe krige er it foarinoar, mei in dochter fan de baes.
- Nou giest my to fier, heite, Hast hjir langernôch meifretten sûnder in hân mei út to stekken. Soest ús allegearre op strjitte bringe mei dyn kluchten. Se wurde langer oeral ûntslein, sels kinst ek neat fine, lit stean jimme heit, dy't fierhinne tonein is. As Epkema my maeije jowt meije wy hongerlapje, hast dat net foar dyn bot forstân?
Mem siet der forwezen by. Hja bigriep him grif better. Hy hie ommers neat forkeards wollen?
Forslein en pûrrazen hied er syn klean byinoar boun en wie útstrutsen, deselde nachts noch: Harns, doe Amsterdam, doe Rotterdam, doe op dat frachtboat, de wrâld yn. Syn hân wie hurd bettere, mar yn syn holle hie dat rút noch lang neirinkele.
Of hied er dat allegearre mar dreamd, fannacht?
- Us heit kin soms sa opspatte, sei hja, mar hy mient it oars goed.
- Uzes wie al sa lilk.
- Mar nou is it allegearre foarinoar. Se koene it ommers ek net keare, as wy it inoar mar miene....
Syn hert sprong op fan blidens. Gjin wurd koed er útbringe.
- Joun wol ik dy ris thúsbringe, Jeen. Ik moat nou dochs ekris witte hwêr't jimme wenje.
Ont nou ta hied er dat altyd keard, mar hwêrom soed er him noch forsette?
Har hollen wiene tichte byinoar ûnder de keep dy't aloan swierder waerd fan it reinwetter. In dampich kroltsje streake him by 't kin lâns. Hy suchte foldien: dit wie dochs it lok, hjir foel alles by wei....