De Tsjerne. Jaargang 2(1947)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 244] [p. 244] Marten Sikkema: In memoriam W. B. † 16/1-1947 Nea sil dyn sulvren fûgel skeare Oer sé en bosk nei 't âlde honk. Doe 't ivich aventûr dy wonk Bist gien: gjin teken soe dy keare. Wreed waerd dyn steile baen foltôge: It bline needlot stjûrde mei Dy rampdeis; doe't de motor swei Einge dyn fal yn rosse lôge. Mar joun, nou't frjemde skaden rinne, Mei stiltme freegje: hwat is bleaun? In ôfskie sûnder ôfskie, freon, En iivge snie oer alles hinne.... Rondiel Hjoed djoeit de maitiid yn de strjitten Mei sang en klang en wyld fortier, Mei skoallefamkes bûnte swier En spyllju dy't gjin doar forjitte. Nou wiuwe roken jin tomjitte En driuwe blommen jin yn 't hier: Hjoed djoeit de maitiid yn de strjitten Mei sang en klang en wyld fortier. Wy ha ús kelderwent forlitten: Twa skrille sneupers, hean en skier, Mar hommels binn' wy myld en tier As fûgels dy't har liet wer witte: Hjoed djoeit de maitiid yn de strjitten.... [pagina 245] [p. 245] Nachtreis De nacht is dûnkerblau, in gouden bôge Stiet oan de kimen dêr't ús mearkestêd Syn wide tinten spraet: dy sêfte lôge Reizgje wy, lea, op ta; wy binn' sa mêd, Sa lang al ûnderweis: o, grif al jierren Doarmen wy om; mar hommels, yn in nacht Sa wolkeleas stjerhelder, stiet dy pracht: Us gouden stêd dy't winkt en blinkt fan fierren. In reiddomp ropt syn langstme, skraech fornimber Rûzelet nachtwyn wer troch reid en flear.... Wy binn' sa mêd, mar 't hert is ûnbidimber: Twivel en leauwe rinne yn ús gear. Plecht? Foar G.N.V. Wy ride op it nachtfjild yn togearre, In Sancho Panza en in Don Quichot. De lêste poarten foelen ús yn 't slot, Us wapens binne fan de roast tramtearre. Efter ús gluorkje stêdden, fierwei hearre Wy oargeltoanen, bernesang, in skot. De roeken roppe oer ús somber lot, It skaed oermunsteret de slûge stjerren. Us hynsders wrinzgje jit nei fiere maten, Wy sille noch hwat sjonge, slûgje, prate, Hwant aenstouns skimeret de iivge mear. De oerhaelman is sikerwier gjin hear, Hâld dyn oboal dan yn 'e mûle klear: Foar ús de skea wer, foar in oar de baten. Vorige Volgende