| |
| |
| |
Sjoerd Spanninga:
De selsmoardner
Sjoch Heare, ik jow myn libben Jo werom,
Ik haw myn peinje net wiksele oan goud,
En mei it talint, dat my waerd tabitroud,
Haw ik allinnich woekere ta eigen rom.
Jins flok hat my tò djippe wounen slein,
Ik fiel my as in wylde fûgel yn in kou,
Dy siket ek syn dea, sûnder it himelblau,
Hy hat sa làng tsjin traeljewurk opflein.
Nou 't dan Jins grime my forstjitte moat,
Towyl myn hert en hope my forlitten hat,
Bliuwt der noch inkeld it genedich skot.
Ik haw yn tûzen eagen as jewielen sjoen,
Mar alweroan de diamanten falsk bifoun,
En sels de ravens rouje oer it minskelot.
| |
Amor fati
Ja freon, dit wurdt wol de slimste reis,
Myn kamielen dy trêdzje troch woastenijen.
Ik hear jit sa klear as de lêste deis
Dyn noedlike moanning foar dizze kontreijen.
Fan de pylgers fan d' ieuwen keart nimmen werom,
It libben dat byt mei fûleindige tosken.
Op it stof fan de hichten en delten rounom,
Dêr môget it biente fan slachten by bosken.
De iensumens haw ik ta selskip en maet,
En de waensin dy swalket yn stiltme en winen.
Jowt de sinne in gleon en in gjirrich skaed,
De nacht noeget rynsk mei syn baldakinen.
| |
| |
Moat alles hwat ammet en leavet dan brânne,
Dielt de Déá earst it herte syn heimenis mei?
Komt men ea oan in koele oase tolânne,
En - Insh'allah - by Gods karavaenserai?
| |
Leginde
Men gniist hwat om ús rûge burd,
En laket skamper om ús skurve klean; -
Wy barre hjir en dêr in gnauwend wurd,
En krije faek in traep ta lean...
Mar wurdt ús hert ek kniesd en skeind,
Of brekt men it as reid, nei âlde sede,
En hat it flokken op ús holle reind,
To mylder krôket oer ús del Jins frede.
Wiswier, wol binne wy folslein útkerken,
En wiist men hunend op ús heale boksen,
Mank it jûchheijend geijen fan de merken -
Lykwols, it Wûnder is net foar de foksen,
En galmet men Jins rom yn alle tsjerken -
De Leafde siket skûl by ezels en by oksen... -
| |
Skuld en boete
Wy binne troch ús eigen sûnden wâdde;
Hwat nou noch komt, is inkeld mar op ta. - -
Wy ha it bêste yn ússels formoarde,
En fiele ús as lju, dy't nearne hoop mear ha.
In sûmber spoeksel wannelt lâns de mieden. - -
Hwer is de spylman, dy't de lieten song?
Wy wurde folge fan in stomme rige dieden,
En efteroan dêr slacht de Dea de gong...
| |
| |
Lykwols, dy moanning tsjustert net ús dagen,
En nimt ús earder as in berte ôf de lêst
Fan 't swiere lot, dat men ús joech to dragen
Al hat ús hert forduldich as in memmeskerte west. -
Mar hwerom rize efter ider andert tûzen fragen,
En rinne al ús tinzen mei ont d'oerde fan de rêst?..
| |
De smidte
Nei dizze skipbrek yn de sâlte baei fan de tragyk
- De wyn strykt oer it touwurk as bispile'r in fioele -
Bliuwt der foar ús, myn bern, op ierde gjin ûntwyk
As in forlitten oarde, dêr't de stoarmen kleijend gûle.
It libben is in bline krústocht oer wytwaeijend wetter,
En mannich wrak dêr brûzet nou de brânning om.
Sa rint de goede wil soms op it misbigryp topletter,
Dat as in stiennen haed stiet yn it baeijend skom.
En altyd slacht de sé, de sterke hammer fan it hert,
Mei lûde swaeijen op de dyk, it swiere ambyld fan de smert,
En smeit it lijen yn de smidte fan it leafdefjûr.
Mar fan it izerhurd basalt spat glinsterjend kristal,
En falt as fonkeljende stjerrerein wer del út it hielal,
Wylst oan de souder gloeit it Noarderljocht as parlemoer.
| |
De dea
De measten sjogge yn my in fijân fan it libben,
En dochs bin ik syn sterkste stipe en syn djipste krêft.
Fan mannichien haw ik 't gewisse slipe op myn ribben,
Ik bin de bôgesjitter en de pylk, dy't jimmer treft.
| |
| |
Al hwat him kriemend weidûkt en myn fûken mijt,
Sil as in slangeteam fan iel aenst troch de kibbe glide.
Mar oaren - wite swannen, dêr't in stille tsjoen om swijt -
Sile my sûnder eangstme as in sibbe freon op side.
Wurdt men rampoaid fan minsken of forhûddûke fan 't lot,
Noch altyd hat it iensum herte, de doarmer yn 'e joun,
De skoaijer en de skeinde by my fortreasting foun -
Ik bin in mem foar martelders, in heit tsjin hún en spot.
Myn netten fiskje oeral bút en stean' oan eltse oarde,
Ik bin de Jager fan it wyld, de Tiid dy spant de koarde.
| |
Giordano Bruno (furioso eroico)
In ketterfoarst en eale wytger fan it frije tinken,
Dy't kantroerend bylâns God's heimnis roan.
It universum seach er yn in daudrip blinken,
En út de minske speeg'le him it minskdom oan.
De kleastermuorren fielde hy, briljante geast, allinken
Noch as in stiennen leagen yn de nije moarn.
Dêrjinsen stie de wierheit yn har barnend klaed to winken,
In karling as hysels, forballe út it heitelân.
Foar dizze sjenner, dy't oan al it âlde witten rekke,
Wiene de Oerwil en de kosmos ien, de Wever en it wieljend wurk,
Dat spoun it ivige forbân, yn wikseling fan dei en nacht.
Forrie noch finzenis koene syn wide wjokken brekke,
En doe't de leffe wyn syn jiske waeide oer de Blommemerk,
Fleagen der fonken stjerrestof omhegens as yn wiuwend ljacht.
| |
| |
| |
Sentimental journey
Ik hie in dream: Wy foeren beide op in trijemêster,
Mei flaggetoai oan stagen en it winich toppenant.
De seilen rûsden as de sé yn skulpen fan albaster,
De weagen tearden waeijers iepen en har skomjend kant.
Under in skild're loft, blauflamjend oer it stofgoud spand,
Sylden wy steatlik lâns de kaperkust fan Barbarije.
Oant palmen yn it stjerrefjûr de dei neipiuwden, hwant,
As de nacht syn pearels riuwt, dan moat de minske swije.
Myn eagen aeiden oer dyn hier, dyn wangen en dyn boarst;
Oan board hongen twa ljochten út - de moanne en de sinne.
Dou wiest de donk're dochter fan in fiere Moarenfoarst,
En ik in prins, dy't út it Noard, de grima herna, kaem.
Mar doe't myn langstme dy, foreale, yn 'e earmen naem,
Bliek alles wrede tsjoenderij - en ik stie wer allinne...
| |
De dichter
Hy bûgt him oer it fers, in libben,
Sa sjocht in mem har eigen bern;
De stjerren en de sé, syn sibben,
Men sil se yn syn eagen sjen.
It hert wol op de weagen wêze,
Of ljochtsjend as in meteoar,
En lit de geast it logboek lêze,
De swiere reis, it barnend spoar.
| |
| |
| |
Arabesken
Ik stie de sé bistrunend oan it strân,
En foar my lei it wetter en syn wielde.
Dat tekene syn arabesken op it sân, -
It wie oft ljocht my om de fuotten spielde.
Ik bûgde my in amerij nei dizze teare brân,
En seach de flammen wiuwen oer de baren;
Har fûnken hold ik yn de núnder fan myn hân, -
Sa glinsteren alear de skatten fan korsaren...
De wurge brûzer dunet loom - in slûge mar;
Bytiden lûkt in loaije wyn oan seil en tou.
Mûlk komme wy noch wol toplak, en oars - hawar,
Sheik Allah is oan board en skipper fan de dhau.
Op swide stjerrekleden leit de nacht to bidden -
Wylst tsjocht in greate karavaen de himel oer.
En 't gloeijend blinkfjûr fan de sulversmidden
Dat bliksemt foar de boech en sparket om it roer.
| |
Nocturne
De sé leit sliepend oan 'e dyk,
De moanne meant de mieden.
Fan fierren spilet nachtmuzyk,
En jowt in douns to rieden.
Oer 't wetter fjurket toverskyn,
En driuwt it skip der ûren
Bitsjoend op smeulend sulver yn,
Om nei de Noard to stjûren.
In marslamp slingert yn 'e mêst,
En stjerren ha de tiden set.
De koerts is trije streken West,
It Wâd spegelt in siferblêd.
|
|