| |
| |
| |
Fokke Sierksma:
'WAEKSEN ARK.' Neilitten Wurk fan Yke Reinders Boarnstra, forsoarge fan D.A. Tamminga en Dr. Y. Poortinga. Boalsert, 1945.
Yn 1945 kaem hast ûngemurken to Boalsert it neilitten literair wurk fan Yke Reinders Boarnstra yn 't ljocht. Dit wurk, in stikmannich essays oer Fryske literatoren en inkelde fersen, hat it letterkundich libben yn Fryslân net yn opskuor bringe kind. Net, omt it peil net foldwaende wêze soe. Krekt oarsom. Mar de kritici, dy't dit boekje skôgje moasten, hiene de skriuwer to goed kend om al nei twa jier in objektyf oardiel oer syn wurk jaen to kinnen. Fryslân hat mar in mannich kritici en allegear of hast allegear hawwe hja it foarrjocht hawn om Boarnstra to kennen. Ek mij fait it net ta om oer him to skriuwen. Hij is nammers ien fan de forstoarnen dy't men jierren letter jit moetet as in swijende karmaster, net allinnich yn literaire saken. Hy wie in feguer, immen dy't apart stie, hwaens wurk jitte apart stiet, wichtich foar Fries en net-Fries.
As jonge swalke hij troch de kontreijen fan Suwâld, as man glied syn konversaesje somstiden mei in natuerlike charme fan it deadsprobleem bij Rilke oer op 'e ljippen, dêr't hij elke dei it nêst effen fan bijlâns gie. En datjinge hwat hij it meast op in oar foarhie, wie, dat de problematyk fan syn ripe jierren en de natûrleafde fan syn jonkheit like réëel foar him wiene. It iene like min as it oare wie in pielerij foar him.
Nei't er yn 1939 al in jier yn Davos tabringe moatten hie, kaem de âlde sykte yn 1944 rimpen en ûnkearber werom. De 9de Juny fan dat jier waerd hij biïerdige. Op syn grêfstien stiet de tekst: Ik bin de Wei, de Wierheit en it Libben.
Alhoewol 't er in kosmopolyt fan de geast wie, foar hwa't Jeropa in twade heitelân foarme, hat dit twade heitelân syn earste, Fryslân, nea út syn tinken weikringe kind. Fryslân wie him net in provinsje mei in eigen aerd, mar in folk mei in eigen taek yn de wrâld. Syn forhâlding foar syn heitelân oer, wie ien fan leauwe en leafde. Mar dizze leafde wie in folsleinenien.
| |
| |
Dêrom wie hij der de man ek net nei om foar al hwat Frysk wie, yn kritykleaze oanbidding del to knibbeljen. Unmeilydsum skerp seach er de tokoarten fan syn folk en de boargerlikens fan de Fryske biweging, dêr't er al syn krêften oan joech. Yn it biheind tal wurken dat er skreaun hat, nimme de Kopla's oer de ûndergong fan it Fryske folk in tige bisûnder plak yn. Dizze kopla's reitsje de Friezen folle gefoeliger en pynliker as de bikende klaechsang oer provinsjalisme en oare biwizen fan ûnbigryp. Hja sjitte raek mei de wissichheit en it skerpsjén fan de leafde. Iderkear wer set er yn dizze lytse fersen it Frisia parva, it lytse en koartsichtige en kliengeastige Fryslân fan hjoed de dei, foar it Frisia Magna oer, Great-Fryslân, de dream fan it forline en de taek fan hjoed. As it Frysk ûnderrjocht op 'e legere skoallen fan regearswege tastien wurdt, is der blidens. Mar de dichter seach ûnder de opperhûd en konstatearre:
De friezen fen frisia parva
Hawwe nou hjar fortsjinne diel:
Hwet frysk op hjar hollânske skoalle
En in hollânsk kompleks yn hjar siel.
En efkes fierder:
Om hjar mûle it wirge glimke,
Yn hjar eagen it greate wea,
Yn hjar sielen it stille skriemen -
Jow dit folk, Hear, in sêfte dea.
En in treddenien:
Jow de friezen yet ien ljochte ûre,
Ear't it ljocht yn hjar eagen brekt,
Det alteast yn hjar lêste stoune
Hjar fryske wêzen sprekt.
Dizze foar 't each ûnbitsjuttende fersen hawwe de statûr fan in forwoune profetisme. Boarnstra hat sizze wold, dat dizze kopla's fan syn kant gjin grapkes wiene. Oan 'e ein sjocht
| |
| |
de lyrikus om 'e hoeke, mar sa, dat syn antlit net maklik wer út it ûnthâld giet:
Dit binne mar fryske copla's
En nimmen fynt se faeks goed:
Hja biskriuwe mar friezene skande
En binne mar skreaun mei bloed.
Faek is de frage dien hwerom't dizze bûtenwenstich bigaefde literator mar san krûmke skreaun hat. Dêrbij hat men wiisd op syn hyperkrityske ynstelling dy't de dingen hast nea goedernôch achte. Der is lykwols noch in oare reden oan to wizen, dy't foar it probleem fan it dichterskip yn 't miene fan it greatste bilang is. Boarnstra syn wurk stelt jin foar de frage nei de dichterlike earlikheit. Men is net fier mis, leau'k, as men dichtsjen in superieure kunst fan it ligen neamt. Gâns dichters sille har dêr in inkeld stuit fan biwust wêze, in inkeldenien sil der earlik foar útkomme. De kunst is, skreau okkerdeis in jong Hollânsk dichter, om fan in skeet in tongerslach to meitsjen (hij sei it hwat parlementairder). Dat wiist al yn 'e rjochting dy't ik hjir bidoel. Wol men al net sa iepenhertich wêze en hjit dichtsjen ienfâldich ligen, dan kin men it ek op dizze wize formulearje, dat in dichter jimmeroan boppe himsels út sprekke moat. Docht er dit net, dan hat syn wurk allinnich partikuliere wearde en is der net de minste reden om it oan it publyk foar to lizzen. De dichter, dy't as ûnbitsjuttend privaet persoan efter syn skriuwtafel sit, moat yn syn wurk omheechgripe ta in boppe-persoanlik niveau. Hij is dan in boadskipper dy't in birjocht trochjowt. Bijhwannear 't, lyk as yn âlde tiden, profeet en dichter neist elkoar steane, is der net folle aventûr op mislearjen. Mar as it efterlân, dêr't de âlde dichter syn boadskip út wei oerbringt, út it each forlern gien is, wurdt de forhâlding fan dichter en dichtkunst riskanter - hij moat dan sels sprekke en hij moat dingen sizze dy't fan mear bilang binne as syn partikuliere oanslaggen. Dus, hij moat lige. Der ûntstiet in kleau tusken him en syn wurk, dy't hij oer't generael moai blierhertich akseptearje sil. It âld bigryp fan de ynspiraesje leit noch altyd bij de
hân om it to brûken en ta biskate hichte kin men der ek noch wol hwat mei wurde.
| |
| |
Mar yn syn abslute bitsjutting is it bigryp fan de ynblazing finael de wrâld út. Nammers, net folle dichters sille noch úthâlde wolle, dat harren wurk har troch in frjemde macht, in daemon, ynjown waerd. Dat kin allinnich noch immen as Hendrik de Vries of A. Roland Holst en harren wurk is dan ek dúdlik boppe-persoanlik. Hja witte dan ek net fan dat konflikt ôf tusken minske en wurk. As it dan net hárren wurk is, mar fan hwat oars, dan falt it bij wize fan sprekken bûten harren foranwurding. Sadré't lykwols it ‘ik’ biwust yn it fers oan it wurd wol, is der in biskate foarm fan forantwurdlikheit.
Huxley skriuwt oer dizze kwesje nijsgjirrige dingen yn syn lêste roman ‘Time must have a stop’: ‘Bijhwannear 't immen al syn kunde en syn hiele wêzen,’ seit Huxley, ‘brûkt om to skriuwen, dan kin hij syn kunde en syn wêzen net brûke om oan himsels to arbeidzjen. Hij sil sadwaende nei alle gedachten earder minder wurde as better. Oan 'e oare kant, bijhwannear 't immen better wurdt, sil hij yn de forlieding komme om mei skriuwen op to hâlden, omt de muoite dy't hij jowt oan de technyk fan de skientme, in obstakel is op 'e wei nei selsforwêzenliking. Dat is in reden hwerom't mannich geny yn de wrâldliteratuer almar prikken yn 't wurk stelt om gjin hillige to wurden, - inkeld en allinnich út selsbihâld, omt er, as er hillich wie, gjin skriuwer mear wêze soe. Sa kriget men dan in Dante, dy't prachtige rigels skriuwt oer Gods wil, en fuort dêroan al syn hate luchtsje moat tsjin syn rankunes en al syn idelens útprúste. Wordsworth, dy't earbiet, hope en leafde preket, en tagelyk in egoïsme kultivearret dêr't syn meiminsken ienfâldich forsteld fan steane.’
As Huxley hjir sprekt fan better en minder wurde, hoecht men net yn 't earste plan oan morele forbettering to tinken: ek selsforwêzenliking kin men hjir ûnder forstean. Mar hoe't men de wurden fan Huxley ek útlizze wol, hij stelt hjir in probleem oan 'e oarder dêr't men fuortynienen net út is (ek al kin ik it mei de tendins fan dizze roman alhiel net lykfine). It giet hjir om de psychology fan de dichter en net fan de dichtkunst. En dan sil men ta it ynsjoch komme moatte, dat de kunst in strange karmaster is, dy't fan de kunstner alles freget. Dizze wurdt twongen om de line fan syn bistean troch to lûken yn de poëzij en net yn it libben. En omt er boppe
| |
| |
himsels út gripe moat, sit hij der ta om to kompensearjen hwat er sels net hat. Dizze kompensaesje hat as klassyk foarbyld de jonge dichter dy't gjin faem yn 'e eagen sjen doar en fersen skriuwt fan in erotyske erfaringsynhâld dy't Don Juan de triennen fan it oantinken ta de eagen út parst. Op in oar flak: de dichter, dy't der bij in bomoanfal al oer sit to stinnen hoe 't hij der in gedicht fan meitsje sil, liicht yn dat gedicht in emoasje dy't er nea kend hat. De iene mear as de oare, mar elke dichter moat himsels opblaze. Foar de poëzij makket it gjin forskeel. Foar de dichter kin it in pynlik konflikt wurde.
Dit konflikt mien ik speure to kinnen efter it wurk fan Yke Boarnstra. Dêrom, leau 'k, hat er mar ien great fers skreaun: it fers fan Yke Boarnstra. Mar krekt omdat elke rigel derfan leit yn de spjalt tusken poëzij en libben, is it in great gedicht:
Broken melody
O God! ik - skurve plaet - bin hast oan ein:
it is in nuver liet mei frjemd refrein,
det falsk en heazich út myn wêzen geit,
as djip yn my Jins grime nidle snijt.
Yet skout der soms in skimer melodij
en soms in skaed fan harmonij foarby,
hwent Jo haww' iens de skientme yn my lein -
mar God! ik - skurve plaet - bin hast oan ein.
Tobrizelje Jins waeksen ark dochs net,
mar sjong dêryn de sangen fen Jins wet -
for 't liet fen 't libben wykt det fen de dea:
der huv'rje fiere harpen oer it gea....
Men moat him kend hawwe en sjoen hoe 't hij in siik frouminske blommen oerlange; de hântaest, dy't syn efkes roungear postuer alhiel op 'e eftergroun fan it tinken skou: it wie in chineeske print; de wurden, hja hiene de charme fan kwatrinen. Sels yn it oerflakkichst petear koe hij hommels dy eftergroun skimerje litte, dy't dichters ivichheit neame. Dizze flitsen, dêr't in dichter him yn biwust wurdt fan in byld dat
| |
| |
de dingen op it djipste bleatleit, hij wist derfan as suver nimmen oars. Mar hij joech se fuortdaliks troch en bisparre himsels de muoite om it fers om de fynst hínne to skriuwen. Dat kin men faeks foar in part op rekken skriuwe fan in soarte fan machtleazens of in tofolle oan selskrityk, - it bisef, dat elke fieling en elke fynst forfalske wurde, sadré 't de dichter oan it útwurkjen slacht, hat hjir sûnder mis fan ynfloed west. Elk minske wit, dat it eigenste fan ús libben to djip leit foar wurden. En ik bin der wis fan dat gjinien dichter it essentiëel teare sté fan syn hert yn in fers ûnderdak brocht hat. Menno ter Braak spriek hjir fan de maskerade, dy't de dichtkunst is. In fers moat eat forstopje ynpleats fan iepenbierje. Ek dat is in wize fan sjen. Mar dêrneist is dochs ek de eangstme fan geastlike falsifikaesje, de huverigens fan, it tobekskriljen foar it sizzen fan it tearste, de oanstriid ta selsbihâld, dy't him syn eigen kearn net ûntfytmanje litte wol. In oare wize fan sjen, dêr't men dit konflikt fan út biskriuwe kin, is dy fan de ôfstân tusken gefoel en gedicht. Om in fers to skriuwen hat de dichter distânsje nedich, moat hij objektivearje kinne. Mar datjinge hwat yn de sintrale sektor fan syn wêzen leit, kin de minske en ek de dichter nea objektivearje. Hij stiet der altyd to ticht op.
Ik haw gâns wurden nedich hawn om in lyts gedicht fan Yke Boarnstra ta to ljochtsjen. Miskien is dat in biwiis foar de bitsjutting fan dit fers. Yn dit gedicht fan 9 wurden sprekt in dichter dy't himsels net opblaze kin, omt hij to lyts is foar de ellinde fan de moderne oarloch. Ek hjir hat de wearze fan geastlike falskemunterij de uterste ynkrimping foarskreaun, omt elk wurd, dat der omhinne skreaun wurde soe, soe it fers ta in skreauwende leagen meitsje. Hjir ûntbrekt alle distânsje, omt de skriuwer syn eangstme en syn leauwe net objektivearje kin en net objektivearje mei, omt hij tsjinoer himsels stiet en tsjinoer syn God. Yn dizze 9 wurden steane wij oan de grins fan de dichtkunst en yn it hert fan in minske:
|
|