| |
| |
| |
Inne de Jong:
Maria Magdalena
Hwat wie foar my it fûgelliet,
de dage, dy't to gloeijen stiet
In hert, dat sa forlitten is,
oan liet en dream ûntstoarn,
komt om yn eigen finzenis
Gjin sliep bifong myn kâlde lea,
myn fuotten, wurch en dôf,
gyngen by 't earste moarntiidsrea
Ik hie mar ien forlangen mear
by 't grêf to skriemen om myn Hear,
Mar hoe sloegen myn hânnen gear
it grêf wie leech, en om myn Hear,
En siikjend doarme ik troch it hôf
in dwaze lyster song syn lof
Sa foun hy my, de hôvenier,
dy 't sêft myn namme sei,
doe, út in nacht sa swart en swier,
O, dy't ik by de deaden socht,
Hy stie forriisd foar my.
‘Rabboeni, dy't myn libben kocht,
| |
| |
En seinge gean ik troch de dei
en stean ik op myn wacht,
de Master, dy't myn namme sei,
In lyster song, dy Peaskemoarn,
mar blider as syn blide toan
Nou is foar my it fûgelliet,
de dage, dy't to gloeijen stiet
In hert, dat sa genêzen is,
brekt sjongend út syn finzenis,
De glâns fan Peaske yn it each,
gean ik myn ierdske paed,
de delten troch, of steil omheech,
oant op in stille joun Syn stim
dan gean ik rjucht en bliid nei Him,
Syn tsjinstfaem en Syn breid.
| |
| |
| |
Kwatrinen fan Omar Khayyam
XVI.
Kom mei dyn dichter, lit de wizen stean
En tsiere; ien ding is wis: neat bliuwt bistean,
Ien ding is wis en leagen al de rest:
De blom bloeit ienris en moat dan forgean.
| |
XVII.
Lit dan de wizen kreauwe en kom mei my,
Hwat let de wrâld en har oerstjûrens dy?
Yn dizze lije tún boartsje en lit mei
Dy boartsje, en de stoarm raest ús foarby.
| |
XVIII.
It sied fan wysheit struide ik yn 'e groun
En arbeide fan moarn oant lette joun:
‘As wetter kaem ik, mei de wyn sil 'k gean,’
Dat wie de ien'ge risping, dy't ik woun.
| |
XIX.
As streamend wetter is myn frjemd bistean,
Ik wit gjin oarsprong, noch hwer 'k hinne flean,
En as de wyn, dy't fan de wolkens waeit,
Sa sil ik spoarleas út it libben gean.
| |
XX.
Hwat dreau my yn de tiid, hwer kom ik wei?
Hwer gean ik hinne en hwa nimt my mei?
In glês en jitris ien, dat ik fordrink
It riedsel fan myn machteleaze dei!
|
|