leine neakene jong-fammen, heal yn tekkens of foar in kwart of foar neat, in pear mei greate wjokken op 'e rêch. Der waerd troch dy ingels - fallene ingels fansels - tige gnyske en praet yn it Frânsk.
Ik hie altiten wol tocht dat Frânsk yn 'e hel de tael wie en fielde my net to plak, mar doe stiek de divel my de hân ta en sei: - ‘Jo binne ek let by de wei, mar hawar, omstippers en strúnders hawwe myn sympathy, ik siz goe-joun en hjit jo wolkom yn ús theater.’ Dat wie Frysk en op in raer plak dochs it hertlik wurd.
- ‘Myn namme is Kartoes,’ sie er doe, ‘dit is in wein mei froufolk en fannacht haw'wy feest. Jo sille der wol neat op tsjin hawwe om mei to dwaen.’
Under syn waerme wurden raende de hel wei as snie foar de sinne. Ik sei: - ‘Ik bin jins man, jo meije my hawwe.’
- ‘Ja, nou moast ik eins in hanneltsje opsette om jins siel,’ sei er divelsk. Hy tocht efkes nei.
- ‘Jow my earst jins namme,’ sei er.
Ik hie tige muoite om út de wurden to kommen, hwant der hinge my al in ingel om 'e hals. Ik sei: - ‘Stil nou mar, aensens, leave’ - tsjin dy faem dy't dêr neat fan begriep - en doe myn namme dy't troch Kartoes opfette waerd as Goede Bijker.
- ‘Skoan,’ sei Kartoes, ‘hwat goed is moat goed bliuwe, jo sille fannacht by de doar stean yn in apepakje om to bihinderjen dat dy forkearde froulju it goede doarp ynrinne en myn namme yn opspraek bringe. Ik haw, al bin ik dan in forkearden-ien, dochs in steat op to hâlden. Hwat josels de oaremoarns sizze wolle moatte jo sels witte. In eed sil ik net fan jo fergje hwant it sil der sa raer om wei gean fannacht dat eltse siel dy't it neifortelle wol, aventûret foar gek forsliten to wurden.
En doe wiene wy by it Klokhûs. Kartoes sels soarge foar it fel fan in sjimpansé en dêr moast ik yn.
Ik sil net sizze hwat der allegearre bard is, mar ik mei hjir net forswije dat ik de oare moarns oan 'e kant fan 'e wei stie en dat ik it âld hynder fan de karrider, in ierebitiid man, op 'e rin jage ha; dat ik doe sels fan 'e weromstuit ek hakken opnaem en dat ik ien dei as in wylde aep yn 'e bosken libbe ha.