De Tsjerne. Jaargang 2
(1947)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd
[pagina 157]
| |
Op it harspitDe krityk fan de bûthúsbank.De Fryske veteraen J.J. Hof hat hwat mien mei de âldstriders fan Atjeh dy't mei hwat blikkerjende krúskes op 't boarst harsels yn in tohûs foar Aldstriders oan harren eigen forhalen oer bigiene heltedieden oan it forjitten bisykje to ûntwrakseljen. Der sit hwat tragysks yn to sjen hoe't dizze man bisiket mei de ûnmiskenbere vitalens dêr't er oer biskikt, om, âld man as er is (men soe dit sa wreedaerdich net sizze wolle, as er it sels net algedurigen weroan sei, mei de perversiteit fan immen dy't him iderkear wer formakket mei de gedachte dat er it feit fan syn einleas fuortbistean foar oaren forantwurdzje moat en dy forantwurding net oan de historici fan letter tiden oerlitte kin) it Frysk wrâldtsje yn opskuor to krijen. Men hoecht de man syn fortsjinsten neat to koart to dwaen om lykwols ta it ynsjoch to kommen, dat er bètter fan syn pinsioen profitearje koe as mei dit einleas gewraem om himsels oan de fetlearene medaljes op syn boarst omheech to lûken. Der leit oer al syn skriuwerij sa'n flues fan miskend geny en tokoartdien wêzen, sa'n toan fan bitterens en humorleaze rankune, dat men hast fan Fryske tragyk sprekke koe. Dizze man dy't nea gjin freonen hâlde koe, neffens syn fjouwerdielige kronyk fan taelstrideraesjes, en dy't nou allinnich noch freonen hat, omt er to âld wurden is om noch fijannen yn it gewear to roppen, is ien fan de swakke stéën fan Fryslân. Hwant dit is wis: Hof mei dan wêze dy't er is, it hat Fryslân west dat him makke hat en de gelegenheit jown ta syn geastlike bûthúsbank-aventûren dy't er nou dwaende is ad infinitum fuort to setten. Dizze man kin net oer de kop sjoen wurde, omt er ta biskate hichte de forpersoanliking is fan in part fan de ‘Fryske geast’: it grübeln, it wrokjen, it selsbiklach, it stunen, it better witte wollen as in oar, it talintleas gepiel, it grinsleas autodidaktisme, it kompilearjen en chroniquearjen sûnder ein. Fortsjinsten? Sûnder mis. Hof is in handich kranteman, net foar ien gat to fangen. Syn krêft leit op it gebiet fan de tael- en dialektstúdzje. Op dit gebiet is hij in sneuper mei in skerpe noas, in bjusterbaerlik ûnthâld en in goede systematyk. Hwa wit hie hij de man wurde kind dy't ús holp oan in idiomatysk wurdboek, oan in histoaryske grammatika fan it Frysk, oan goede krityske tekstútjeften en al dy tûzen lytsere en greatere dingen dêr't Fryslân forlet fan hat. Mei hwat mear selskennisse, selskrityk en selsdiscipline, in krom mear biskiedenens en each foar oarmans kâns op gelyk, bij einsluten hwat mear talint fan skriuwen, hied er in taellearde wurde kind dêr't wij greatsk op wêze koene. Nou giet syn wittenskiplik wurk foar in great part forlern yn de omballingen fan de man dy't sizze woe dat er lêst hie fan winterfuotten en dêrta bigoun mei to fortellen dat er al tweintich jier út Fryslân wei wie, mar noch altyd Frysk praette. Specialisme en it bisef fan in bigrinzge wurkterrein is op 't lêst gjin skande mear yn dizze ieu en saeklikheit likemin. Der is in sprekwurd fan de skuonmakker en de least. Goede, rasskuonmakkers hawwe dat sprekwurd net nedich, hja hawwe der gjin oanstriid ta, om oarmans fakwurk to forbroddeljen. Hof is net sa'n biskieden fak-skuonmakker sûnder pretinsjes op it gebiet fan filten pantoffels of divankleedtsjes. Hij siket him aloan to bifêstigjen op oare terreinen as dêr't er fanwegens aerd en oanliz ta útkard is. Sa komt it dat | |
[pagina 158]
| |
er sa út en troch ek mient op it gebiet fan litteratuer syn dingen sizze to moatten. Nou hat dizze man yn hiel syn lang libben oer litteratuer noch net ien forstânnich wurd sein. Wis, as bistrider fan taelbakkerij en taelforfalsking hat er goede dingen dien, yn syn jonge jierren. Sjoch syn striid tsjin it jargon fan '15. Mar syn fout wie, èn dat er himsels gjin grinzen stelle koe, èn dat er himsels en syn lêzers dêrbij wiismeitsje woe dat er it oer litteratuer hie. Dizze man, dy't ús fortelle wol, dat er greatbrocht is û.o. bij Multatuli, hat fan de hiele Multatuli net in fluit snapt, net fan dy syn ‘litteratuer’, net fan dy syn striid foar geastlike hygiène, net fan dy syn genialiteit. Yn ‘Frysk en Frij’ fan 4 April '47 skriuwt de hear Hof in s.n. skôging oer de nije bondel fan Dr. O. Postma, dêr't net ien fundaminteel ding oer Postma yn stiet. Allinnich machtleas gejeuzel en hwat wierheden as kij. Hij bigjint mei op syn smûke, âldfaderlike wize to fortellen, dat er fiersten to min plakromte hat foar sa'n skôging, sûnder blykber op 'e gedachte to kommen, dat er dan better syn opdracht weromjaen kind hie, of alteast dizze sinleaze rigels foar it sizzen fan forstânniger dingen brûke. Hij is der dan ek ‘suver mei oan’, mar hawar, hij hat soks al faker ‘heal dien’, dat toemar wer. Yn in stik fan 350 wurden (sitaten bijside litten) wurdt de forduldige lêzer dan traktearre op 'e folgjende wiisheden: ‘Just: - it sil bistean,’ ‘it sil bistean as ik forgean.... Dar wol de dichter sizze, en dat is nou syn treast. Hwant ja, wol, sa'k sei,’ ‘dat docht hast oan alle fersen yn dizze bondel dúdlik bliken’. ‘Birêstend - nou ja, foar safier't in minske it wurde kin’. ‘Ja lêzer, jo ha gelyk: ik helje al dit en dat oan, mar....’ ‘Der is fansels ek noch wol oar. Hjir binne bygelyks....’ ‘Sjongsum, nou? Dêr moat nou mar ris ien fan ús nije toandichters oer gear.’ ‘Ik haw gâns streepkes nêst it lêzen yn 't boek set, mar ik bigryp al, dat ik fierder oersjoch-jaen wêze litte moat.’ Slot-apotheose: ‘Als ik it langer úthâlde mocht as hy - hwa sil it sizze? - sil ik oan him tinke sa 't er it winsket.’ Hjir tusken troch steane de folgjende wierheden, wierheden as kij, mar toemar, dy skine der ek wêze to moatten: ‘Noch wol foargoed de dichter fan it Fryske lân en it Fryske libben.’ ‘mar nou doch ek wol tige de birêstende filosoof is er wurden.’ ‘Birêstend - foar safier't in minske it wurde kin. It spant der wolris om.’ ‘Dr. O. Postma stiet as dichter op in bisûnder plak. In ienlik man, sa't liket, - mar foar en yn himsels noait allinne.’ En nei dit alles: ‘ik hab myn plicht dien mei jimme op 'e smaek to bringen, sil ik mar rekkenje.’ Dat ûntbriek der mar oan: ‘sil ik mar rekkenje’, dy hâlding fan: Nou ja, ik haw noch wol net àlles sein, hwat der oer P. to sizzen is, mar dochs al gâns hwat. De lêzer, nou op 'e smaek komd, moat sels mar allinnich fierder, ik ha gjin plakromte mear. Dus dòchs noch hwat fan Multatuli syn ‘Publiek, ik veracht u’? Hof biheart ta dat slach fan minsken dy't algedurigen oanlopen fan in pearhûndert meter nimme, mar nea ta de sprong komme kinne, dy't om in ding fan tsien wurden to sizzen hûndert nedich hawwe, en dan, as hja genôch harsens hiene, ta de ûntdekking komme soene, dat hja alhiel neat mei neat der ta sein hawwe, mar dy't, bij brek oan dy harsens, nou miene dat hja it ien en it al ûnder wurden brocht ha. Net mei de plakromte is de hear Hof ‘suver oan’, mar mei Postma syn dichterskip, ja winliken mei de hiele litteratuer. Bij einsluten: it is mij in riedling hoe 't de redaksje fan Frysk en Frij | |
[pagina 159]
| |
dizze preuveljende bûthúsbank op 'e litteratuer loslitte kin, en noch wol op in soarte fan litteratuer dat foar Fryslân fan sa'n sintrael bilang is as dat fan Obe Postma. Der is mar ien forklearring: dat men immen dy't aloan preludearret op syn eigen dea noch hwat moed ynsprekke wol, út meifielen, dat men sa'n âld man dochs ek noch hwat oandwaen moat. Mar men forjit dêrbij hwat men de lêzer en.... de litteratuer oandocht.
A.W. | |
Ut it naeikranskeHwa't hope hie dat de redaksje fan Nieuw Friesland sa wiis wurde soe en forkeapje ús gjin jeuzelpraet mear foar boekbisprek, of dat de dame dy't har F.K.-K. skriuwt yn in helder momint ynsjen soe dat der better manearen binne om in pear sinten by to fortsjinjen, sil stadichwei ta it ynsjoch komme moatte dat er omdôch hope hat. Nou soe men yn 'e wille wêze en lit sokke lûden út de sfear fan it naeikrânske mar foar hwat se binne, en foar safier't it giet oer frouljusromantsjes en itensiedersboeken sille wy dat ek graech dwaen. Hwannear't lykwols boppeneamde dame mient har ljocht oer de Fryske literatuer skine litte to moatten, foroaret de saek. Sels as men oannimt dat it bioardieljen fan literatuer yn lêste ynstânsje in kwesje is fan persoanlike smaek, dan noch meije auteurs en publyk forwachtsje dat de bioardieler op ien of oare net al to domme wize bisiket syn wurden wier, of alteast wierskynlik to meitsjen. Mar de dame fan Nieuw Friesland fielt gjin forplichtings noch forantwurdlikens. In utering lyk as: ‘Goed dertig en veertig bladzijden, niet erg dicht bedrukt, en ze kosten haast twee guldens per stuk. Neem het volk zijn huiver voor de poëzie eens kwalijk.’ biwiist inkeld dat hja noch helte dommer is as dat folk, dat de priis per letter net birekkenet, mar syn jild rejaelwei forsnobbet of nei de cowboy-film bringt. Kees Jongsma kriget de rie: ‘Verder “oefenen” zou men willen zeggen: het beeld in je laten bezinken, het met een minimum aan woorden trachten weer te geven; zó lang kijken tot er iets gaat zingen.’ By Deelstra hjit it: ‘Wij lezen tenslotte geen gedichten om te weten hoe de schrijver het eraf brengt, maar om iets te wéten te komen, iets van de zin, 't zij hij onze blik verheldert op zo'n aardappelschillende boerendienstbode, of op Hirosjima.’ Nou kin it ús folslein kâld litte hoe't F.K.-K. mient dat fersen makke of lêzen wurde moatte, salang 't har wizichheden net bûten har nearzich rountsje útklinke. Mar de redaksje fan in ‘Vooruitstrevend Weekblad voor het Friese Volk’ heart to witten dat literatuer, ek Fryske, der rjocht op hat sûnder machtwurden, mei yntelliginsje, bihannele to wurden. Oer Wadman's ‘Fan tsien Wâllen’ preket ús foarljochtster: ‘De tijd zal leren of deze enkele waarden zo diep ervaren zijn, dat er uit te leren valt, en dat de puur negatieve ergernis en het willen-kwetsen erin opgaan.’ Wy kinne hjirút mar ien ding leare: dat F.K.-K. net ienris fatsoen genôch hat om oan to nimmen dat it W.'s doel net west hat oaren to misledigjen, eat hwat sels syn fûlste tsjinstanners oannimme. Of 't hja | |
[pagina 160]
| |
efkes mear of efkes minder fatsoen hat as de kritikus K. yn itselde blêd, sil de takomst leare moatteGa naar voetnoot1). Oanmoedige troch har suksessen giet hja einlings oer ta it ‘bisprekken’ fan Fr. Dam's ‘Under fjouwer Eagen’. Nou stiet it foar my en oaren fêst dat de poëzy fan Dam mei ta de suverste en earlikste heart dy't ea yn it Frysk skreaun is, likegoed as it foar my en oaren fêst stiet dat der gâns minsken troch grypt binne, al sil in enquête soks grif net útwize. F.K.-K. lykwols reaget der yn om as mâlle Jan yn 'e hinnen. ‘Weer zon klein boekje in de Reiddomprige.’ (It forskynde in goed jier lyn, mar hja hat it blykber nou krekt foun). ‘Als ze voorgelezen worden aan een vriend, een meisje; als een kind ze later in een oud schrift zou vinden, is er vreugde, herkenning. Heeft het zin ze te drukken? Loopt iemand er mee op zak, is iemand er door gegrepen? Ik twijfel.’ Ensfh. Wy twivelje ek: foarst oan de literaire geastformogens fan dizze skôgingskriuwende dame, twad oan it forstân fan in redaksje dy't soks yn de kolommen fan har blêd ôfprintsje lit. Hwat Fr. Dam oanbilanget: hy mei hjir in biwiis yn sjen dat syn wurk wearde hat. Dat Marten Sikkema der yn in bisprek fan ‘Swart en Wyt’ sa knap foarwei komt moat der wol op wize dat dy it paed fan de poëzy folslein bjuster is!
M.S. |
|