De Tsjerne. Jaargang 2(1947)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 155] [p. 155] Marten Sikkema: Ahasveros mei de lier Hja neame my in swalker sûnder namme, In skeamelruter, ûnbiroaid, brutael, Mar yn myn wizen gounze iivge amme En yn myn wurden reaunte tiid syn tael. Op foarhôven fan stinzen haw ik songen, Op merken dêr't it folk syn wille hie. Read goud en reader blommen haw ik fongen, En 'k miende wol dat elts myn hert forstie. Oan Damiate's muorren haw ik sitten, Op wei nei 't seinige Jerusalim: Wylst eallju, muontsen, boeren bloedich switten Bitsjoende ik de heidens mei myn stim. Myn lieten rûzen dêr't de ramten hongen Fan helt en smjunt, by't krassen fan 'e krie. Gjin skande-izers dy't myn lûd bitwongen, Gjin muorre dy't myn klang toneate die. Fan Magnus en fan Redbad song 'k de dieden, Fan Kening Finn en Ridder Parsifal, Fan Frouwe Gûdrûn's moed en drôvich skieden, Fan glûpske hearskers opgong en forfal. Fan't hege libben fan forgiene slachten En 't ivich gean en kommen fan it skaei Fan sljochtwei folk; fan tsjustre needlotsnachten As diken skuorden en it lân stie faei. Hoe't leaflik lok en teare hope kearden Ta gleone hate en in iizge dea. Ik miende dat it folk myn moanjen hearde Ta trou en frijdom - it forstie my nea. [pagina 156] [p. 156] Doe kaem de dei dat my de muontsen wikken: Forlieder wie 'k en heidensk hwat ik song. De leffe ealman seach syn rom forblikken By dy fan Siegfryd dy't de draek bitwong. It folk hat raesd: 't wie better mar to swijen, 'k Fortokke froulju en 'k fordoar de bern, Hwant alhwa't harke moast myn liet bilije En wie foar rêst en goed geniet forlern. Forballe swalke ik yn frjemde oarden, Troch sompen en oer kliffen gie myn wei, Ik laette bearen, dounse op 'e koarde, Ik gûchele om botsens - mar ik swei. Hwat hat my harren dreaun? Sjoch, ik bin kommen: Fan takomst en forline dochs de tolk. 'k Bin fûgelfaei en alles waerd my nommen, Lykwols, ik sil wèr sjonge foar myn folk. Al martelje hja my mei gleone tangen, Lykwols bin ik har sjonger en profeet. Ik sil se slaen mei wurden en mei sangen Dripkjend fan galle, triljend fan it leed. Lit eltsenien dy't harket it bilije Fan 't folk dat d' eigen ropstim net mear ken, Har trou waerd fluenskens, frijdom slavernije, It lân is feilich faeks, it folk forlern. O Geast dy't ta my komt yn tûzen foarmen, Lit my dochs wetter slaen út dizze rots Sa bar en stom. Of stjûr de greate stoarmen Mei heil en tonger: slaen dit hert oan smots! Vorige Volgende