De Tsjerne. Jaargang 2
(1947)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd
[binnenkant achterplat]
| |
In Hollansk jierboek.
Under redaksje fan J.C. Bloem, Clara Eggink, Ed Hoornik, C.J Kelk en Adriaan Morriën sil aenst bij de ‘Bezige Bij’ het Jaarboek 1946 van de Nederlandsche Letteren forskine. Neffens it prospectus binne skriuwers fan elke literaire en geastlike rjochting útnoege om mei to wurkjen, om sadwaende in alsidich byld fan 'e ûntjowing fan 'e Hollânske letterkunde to krijen. It docht dêrom hwat frjemd oan, dat in essay fan F. Sierksma oer ‘geuzenpoëzie’ wegere waerd. It fielt mij oan, dat de bihanneling fan dit ûnderwerp (de wurdearring fan 'e illegale poëzy) op dizze wize foar de Hollânske literaten hwat to ‘gefaerlik’ wie. Fryslân is yn dit Jierboek fortsjinwurdige troch in fers fan Anne Wadman, mei in oersetting fan Gerrit Borgers.
| |
Goed nijs ut Den Haech.
Dat de útjower A.A.M. Stols noch net op syn lauweren rêste sil docht wol bliken út de wichtige útjeften, dy't by him op steapel steane. Poëzyleafhawwers sille yn 'e wolken wêze as hja hearre dat ynkoarten forskine sille: J.C. Bloem: Verzamelde Gedichten (I Het verlangen; II Media Vita; III De Nederlaag; IV Enkele Gedichten; V Sintels; VI Quiet though Sad, yn ien bân); L. Th. Lehmann: Verzamelde Gedichten (125 siden); Jan Slauerhoff: Verzamelde Gedichten (2 dl., ca. 900 siden); Hendrik de Vries: - skriuwer fan û.o. Spaansche Volksliederen en Balladen - Toovertuin (Romancen, sproken, arabesken).
| |
Arthur Koestler.
Fan Arthur Koestler, de 42-jierrige Hongaerske Joad, ienris korrespondint foar de Sovjet-parse, dy't yn ien slach forneamd waerd mei syn earste roman ‘Darkness at noon'’ sille aenst bij de Bezige Bij oersettingen forskine, fan de bundel essays ‘The Yogi and the Commissar’ (oers. Koos Schuur en Bert Schierbeek) en fan de nijste roman ‘Thieves in the night’ (oers. Koos Schuur).
| |
‘Vooruit, Janlief....’
Nou 't fan alle ‘greaten’ de samle wurken op nij forskine, komt fansels ek Jan Greshoff op it aljemint. E.M. Querido's U.M. sil dêr foar riede, dat wij meiie ynkoarten Jan Greshoff syn Verzamelde Gedichten, dy't wij langernôch misse moasten, wer yn 'e boekwinkels forwachtsje. F.D. |
|