salarisbarren stiet. Men kin soms troch in konfrontaesje mei de formulearring fan in ûnbikend buorman jin mei in skok biwust wurde fan eigen iensidige ynstelling, fan de wize hwerop men jins probleem oanpakke moat. Allinnich aesthetyske koartsichtigens, de waen fan de wurdkunst yn de ivoaren toer, it jin steechhollich fêstbiten yn ien aspekt kin dy iendiminsjonale litteratueropfetting propagearje. Mar it libben en de minske is men dan al in stikhinne kwyt.
De twade foarm fan fordigening is fan in mear polityk soarte. Is it nedich sa domwei ús froask ta in kou op to bliezen, sa dryst en faei ús eigen neakenens bleat to jaen, yn in (miskien breklike mar dochs net ûnenthousiaste) manifestaesje fan ‘hwat wij hawwe’? Meije wij it risiko fan in adoration mutuelle fan ús skeamel bisit nimme, mei opoffering fan de bittere realiteit dy't ús ta geastlike paria's makke hat, forlike bij guon oare folken? It leit him in bulte oan hoe 't men de dingen opfettet en oangrypt, fan hokker kant as men de saek bisjen wol.
En dit is binammen it probleem: It fjild fan de Fryske muzyk leit der noch tige braek hinne. Kin der in Fryske muzykkultuer bistean? En yn hoefier kin dy kultuer ‘Frysk’ wêze? Sels dizze prinsipiële fraech is noch net oplost, hij kin nammers pas oplost wurde as de praktyk fan it bisykjen der oan foarôfgien is. It hiele bousel is, sels as wij in feguer as dy fan Paulus Folkertsma yn ús ûndersiik biflappe, noch stomme wif en diskutabel. Krekt dêrom binne wij fan bitinken dat in blêd as uzes him oan dizze foar ús kultuer sa twingende fragen net ûntwine mei. It moat wegen sykje en - as 't kin - wegen oanjaen, it moat him yn 'e striid smite foar dy kultuer. Dit bylket noch al pretentieus. Mar men moat de saken nou ienris prinsipiëel stelle, op gefaer ôf misforstien en foar eigenwiis oansjoen to wurden.
De muzyk is in ynternasjonale ‘tael’, mar mei nasjonale ynslach hjir en dêr, mei de mooglikheit ta it forwêzenlikjen fan nasjonale wearden yn him, lyk as út inkelde opstellen yn dit nûmer bliken dwaen sil. De fraech yn hoefier 't der yn Fryslân foar in nasjonael muzykidioom plak en sin is, is in fraech fan to great en fundaminteel bilang om der sûnder