De Tsjerne. Jaargang 2
(1947)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd
[pagina 165]
| |
Dr. K. Dykstra:
| |
[pagina 166]
| |
fan Chopin, de lieten en lyryske stikken fan Grieg, de symfonyën fan Tsjaikowsky en noch mear de opera's fan Moussorgsky, de wurken fan Dvorak en Smetana, de rhapsodyën fan Liszt, it binne mar in pear foarbylden, dy't tsjûgje fan de greate ynfloed dy't fan de folksmuzyk op de komponisten fan de 19de ieu útgiet, in ynfloed, dy't ek yn de klassike muzyklânnen nei foaren komt. Yn de dounsen en lieten fan Schubert, Brahms, Cornelius en letter ek Mahler fynt men genôch materiael om dit to biwizen. En is it net it folksliet, dan binne it wol de âlde sêgen, dy't byg. in Richard Wagner ynspirearje. Sa komt it, dat men yn de 19de ieu in typyske ûnderskieding kriget tusken Dútske, Frânske, Slavyske, Noarske, Spaenske muzyk ensafh. Ek yn ús lân bisiket men om bipaelde Hollânske eleminten yn de muzyk ta utering to bringen, dat by mannen as Bernard Zweers en Johan Wagenaar ek wol slagget, al binne de bûtenlânske ynfloeden by harren ek noch tige sterk. Oan 'e oare kant moatte wy net forjitte, dat muzyk net needsaeklik ‘folksforboun’ wêze hoecht om fan bilang to wêzen. Ik hoech mar to wizen op Alphons Diepenbrock, hwaens wurk neat spesifyk-Hollânsks hat, mar dy't wy dochs biskôgje meije as de greatste Hollânske komponist fan de lêste tiid. Wol is it sa, dat, sil men mei rjocht sprekke fan nasjonale muzyk, der eleminten út folksliet en folksdouns en alteast fan folksaerd yn oan to wizen wêze moatte, om dat predikaet to rjochtfeardigjen. Hoe stiet it der nou yn Fryslân by? Der wurdt de lêste tiid hiel hwat muzyk skreaun by uzes, in stikmannich komponisten is dwaende mei lieten, sjongspullen en ynstremintale wurken, men praet oer ‘Fryske opera’ en yn it algemien oer ‘Fryske muzyk’. It kin dêrom miskien gjin kwea om jin ris ôf to freegjen oft dat wol krekt is en ris nei to gean oft der yndied hwat Frysk-eigens yn dy muzyk sit en dan leau ik, dat wy ús foaral net tofolle yllúzjes meitsje moatte. It is nou ienkear sa, Fryske folkslieten yn de sin as by Skandinavyske en Slavyske folken, lieten dy't fan slachte op slachte oerlevere binne, hawwe wy net. De lieten dy't it folk sjongt binne noch gjin hûndert jier âld en it measte is import fan min of mear romantyske allure. Lykwols binne der gâns hwat | |
[pagina 167]
| |
by, dy't it folk oannommen hat en dy't wy dêrom optheden as ‘folkslieten’ oanmerke moatte, ek al binne se dan net út it folk opkommen. Dochs sil ús ‘Frysk bloed, tsjoch op’ byg. nea in echt Frysk liet wurde, hoe 't it ek klinkt en daveret, hwant it is gjin folksliet en it is net Frysk. Lit ús dêrom, nou 't wy dochs ynfiere moatte, it leafst echte folkslieten fan oan ús bisibbe folken oernimme, dy sille hjir (hopelik tominsten) noch de measte kâns fan slagjen hawwe. En wolle ús komponisten der folkslieten by meitsje, litte hja dan o sa foarsichtich en kritysk wêze en ús net to gau opskepe mei weardeleas romantysk spul. Oer de easken, dy't oan in folksliet steld wurde moatte, sil ik it nou net ha, der binne oaren, dy't dat better kinneGa naar voetnoot1), mar wol leau ik sizze to kinnen dat ynfloed fan de bisteande folkslieten op de Fryske komponisten net to forwachtsjen is. Hoe is it nou mei de ynfloed fan de folksaerd? Is it mooglik, dat, lyk as Zweers en Wagenaar in typysk-Hollânsk elemint yn har muzyk brochten, ek ús Fryske komponisten dêr ta yn steat wêze sille? Ik haw alris bisocht, dit nei to gean yn it wurk fan Paulus FolkertsmaGa naar voetnoot2), mar koe it doe net fierder bringe as it fêststellen fan ‘bihearske hertstocht', in nei myn bitinken echt-Fryske eigenskip, dy't yn syn wurk tige nei foaren komt, mar dy't men byg. by Brahms, Franck en Ingelske komponisten as Elgar krekt sa goed fynt. Bisjocht men syn wurk noch hwat skerper, dan moat men wol tajaen, dat it ‘Fryske’ dêrfan yn haedsaek troch de Fryske teksten suggerearre wurdt. Fan in suver-ynstremintael wurk as byg. it ‘In memoriam’ foar strykkwartet, nei myn bitinken ien fan de bêste stikken, dy't ea yn Fryslân skreaun binne, kin men heechstens sizze, dat it echt ‘Folkertsma’ is, mar bipaeld Frysk is it dochs eigenlik net, earder soe men it Frânsk neame kinne, it die my alteast, doe't ik it foar it earst hearde, it meast oan d'Indy tinken. Ik haw Folkertsma alris oantrune om op dizze wize fierder to gean en dy ‘Satz’ oan to foljen mei mear dielen om sa | |
[pagina 168]
| |
ta in kompleet kwartet to kommen, dat miskien representatyf wêze soe foar him as komponist. Mar hy skriuwt leaver muzyk foar ‘Simson’, alderbêst fansels, as der dan mar gjin konsesjes dien wurde oan de publike smaek en net tofolle rekkening hâlden wurdt mei útfieringsmooglikheden, hwant fan dy biswieren is de ‘Jonkerboer’ ek net alhiel frij bleaun. Der sitte yn dat sjongspul prachtige stikken muzyk, mar ek hiel hwat dat mei opset sin oan de populaire kant hâlden is, om it mar hwat mear oannimlik to meitsjen foar it publyk. Sa kin it komme, dat, wol in komponist wierliken as sadanich hwat bitsjutte, hy hjir yn Fryslân yn konflikt komme sil mei it folk. Is hy tige Frysksinnich en wol hy ‘foar it Fryske folk’ skriuwe, dan moat hy mear de kant út fan Tetman de Vries, oars wurdt hy net mear forstien. Foar byg. Slofstra bistiet dit konflikt tinkt my net, dêrfoar hat hy as komponist net genôch pretinsjes, hy kin dêrom rêstich foar it folk skriuwe, d.w.s. yn in populaire, folksaerdige trant, dy't der by de Friezen wol yngiet, dat seagen wy wol oan ‘Roaitske’. Folkertsma dêrfoaroer kin beide kanten út, hy kin hiel hwat as komponist en is tige Frysksinnich. Hie in man as hy him as komponist alhiel oan de muzyk jown, wie hy byg. yn 'e lear gien by ien fan ús foaroansteande muzykpaedagogen en yn kontakt kommen mei de modernen fan ús tiid, syn wurk wie der fêst riker troch wurden, mar syn bining oan it folk al gau losser. Hoe 't it mei Bernard Smilde gean sil, is noch net to sizzen. Syn kantaten binne eigenlik oersettingen fan Bach-kantaten, sawol muzikael as tekstueel. Bij it folk binne se oer 't algemien wol yn 'e smaek fallen, dat miskien ek kaem troch de Fryske tekst en de ûnbikendheit mei echte Bach-kantaten. De lêste tiid makke hy noch alris hwat op âld-Hollânske teksten mei brûktme fan âlde folkslieten, wol in biwiis dat Fryslân him net jaen koe hwat hy socht. Net allinne yn de muzyk, mar ek yn skilderkunst en litteratuer sil de tsjinstelling tusken hwat it folk haget en hwat de kunstner, as hy alhiel himsels is, skept, nei myn bitinken oanwêzich bliuwe, al hat de dichter it foardiel, dat syn materiael alteast de Fryske tael is en hy dus altyd in echt-Frysk elemint yn syn wurk hâldt. Omdat dat nou ienkear yn | |
[pagina 169]
| |
de muzyk net it gefal is, kinne wy ek mar better net mear fan ‘Fryske’ muzyk sprekke. Lit ús leaver de muzyk, dy't der forskynt, allinnich as muzyk bioardielje en los fan ús Frysksinnigens, hwant oars komt it al gau sa, dat elkenien, dy't mei hwat lietsjes of soks op Fryske teksten komt, mar fuortdaliks as ‘komponist fan Fryske muzyk’ oer it hynder tild wurdt. Forlykje wy it wurk fan de Fryske komponisten mei hwat der op oare plakken yn ús lân makke wurdt, dan docht it al gau bliken dat, al binne der in stikmannich wurken, dêr't wy hiel wol mei op 'e lappen komme kinne, oer it algemien de Friezen op muzikael mêd noch yn in bigjinstadium forkeare. Der kin lykwols hwat út groeije, mar dan sil men net bang wêze moatte, ek ris hwat fierder to sjen as Fryslân allinne. In lyts folk as uzes hoecht him dêr nammers net foar to skamjen. |
|