De Tsjerne. Jaargang 2
(1947)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd
[pagina 170]
| ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
A. Kornelis:
| ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina t.o. 170]
| ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
Paulus Folkertsma. (Foto Mellema, cliché eigendom Redaksje Tsjerne).
| ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 171]
| ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
eigen lûd, ta in tige persoanlike styl. Alhoewol 't út mannich great wurk bliken docht dat syn oanliz romantysk wie, hie hy yn syn deistich libben neat fan de romantyske artyst. Ienfâldich, op it naïve om ende ôf, wie hy wearzich fan de would be kunstner, dy't himsels uterlik ûnderskiede wol fan it profane vulgus. ‘It wiere kunstnerskip hâldt op by útwrydske flambards en oare attributen.’ Hy makke it himsels net maklik en siet fol selskrityk. Hy hie yn it libben de swierst to learen les fan 'e selskennisse leard, nedich ta selskrityk en bitingst ta selskorreksje. Folkertsma riist út syn wurk foar ús op as de deeglike fakman, dy't lykwols ‘dilettant’ is, mar dan dit wurd yn tapassing lyk as op Diepenbrock, d.w.s. hy hat fan de fakman wol de fakkennisse, net de bikrompenens, hy is nea de dupe fan syn fakmanskip, syn leafde foar ‘it fak’ is in soarte fan sublimearre ‘leafhawwerij’. Hy is ús earste en faeks ek iennichste komponist dy't net allinnich de foarm tige bihearsket, mar tagelyk de folsleine orkestpartituer skriuwe kin. Hy komponearret net oan 'e piano, mar it stik kriget fêste foarm yn him en hy skriuwt it út 'e holle op. Hy kin dit dwaen, meidat syn ‘ynwindich gehoar’ fenomenael ûntwikkele is en hy him alle akkoarden, alle lûdkombinaesjes realisearje kin. De biwûndering foar Bach en de polyphone styl sprekt by him út de kanons (op. 43 en op. 48). Fral de lêsten foreaskje in ynoarme technyk. Hawwe de Nederlânske skoallen gaedlik sjongmateriael yn ‘50 kanons’ en ‘Vijftig liederen’, sammele fan Gehrels en Van Duuren, de Fryske skoalle hat boppedat noch ‘Dû earst en dan ikke’, 30 kanons fan FolkertsmaGa naar voetnoot1). Dizzen falle der faeks sa goed wol yn as de eardere 19 berneferskes (op. 18), op wurden fan C. Wielsma, dy't útkamen yn in tiid dat it Frysk noch sasear gjin tel wie as tsjintwurdich. De ynset fan ‘Praeludium yn bes foar oargel’ (op. 41, 1938) is fugatysk. Dizze strange foarm wurdt letter loslitten. In natuerlik streamende melodyk en in spûntane modulaesje brekke it twangjok fan klassicisme en formalisme: de romanticus is de klassicus oermânsk. De lûdynhâld is neo-romantysk, lyk as de lûdwrâld fan Franck en soms dy fan Hendrik | ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 172]
| ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
Andriessen. Dit ‘Praeludium’ is ús nijsgjirrichste oargelkom-posysje, in stik fol kleur en spanning. Us oare oargelkom-posysjes binne to tellen: Mobach hat net folle eigens, syn wurk is hwat droech en forblikt, wylst Beintema syn krêft ek net op dit gebiet, mar op dat fan 'e koarkomposysje leit. In apart wurk is de ‘Suite yn âlde styl,’ op. 40 (1938), muzyk út 'e goede, âlde galante tiid. Mar it skriuwen fan sa'n muzykstik easket fan de komponist in goed stylbigryp (de âlde dounsfoarmen) en kennisse fan it formogen en it karakter fan dy âlde ynstreminten. In respektabele list is allinnich al dy fan de ynstremintale komposysjesGa naar voetnoot1). Great is it forskaet fan foarm en matearje Dit stelt de heechste easken oan 'e komposysjetechnyk. Apart, om syn skiednis, moat efkes neamd wurde it strykkwartet yn d (1943), tawijd oan de neitins fan 'e jonge Amerikaenske piloaten dy't nei in loftraid boppe Dútsklân mei har masine forûngelokken by Aldeboarn. Dit wurk is fan in Kanadeesk kwartet spile op in tournée troch Kanada. Dat de geste forstien waerd, dêrfan sprekke de brieven dy't de komponist krige fan 'e memmen fan de piloaten. Folkertsma rint net it gefaer, dêr't party Friezen mei har romantyske oanliz oan bleat steane: dat hja, mei't har ryk gemoedslibben net genôch bihearske of kontrolearre wurdt fan it forstân, yn har eigen romantyk dearinne en it sentimint gjin baes bliuwe. Folkertsma syn heech foarbyld, syn iepen each foar foarmskientme en fral syn forstânlike kontrôle oer hwat it hert opjowt, biwarje him foar foarmsentimintelens, foar de delgong nei in sloppe, dekadinte salonstyl. Hy hat it rjochte lykwicht foun tusken de romantyske gefoelswrâld en de rationalistyske foarmbihearsking dêrfan. Ryklik skema-tisearjend kin men dus sizze dat de foarm fan syn wurk klassyk is (sûnder dat er ea ta formalisme forfalt en ta it heechsetten fan de foarm tsjinoer de ynhâld), mar de lûdwrâld dy fan de romantyk, mar dan fan de romantyk fan de 20-ste ieu dy't de konsekwinsjes lutsen hat út 'e ûntwikkelingsgong fan de muzyk en wit fan nije mûglikheden. Yn syn wurk sit in soune opgong en groei. Syn earste | ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 173]
| ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
komposysjesGa naar voetnoot1) forretten noch de tokoarten fan 'e ûnfolgroeide persoanlikheit. De symfony b.g. roun net linich, wie motivysk oerladen en noch tofolle biynfloede fan 'e komponisten út 'e Weenske klassike skoalle, binammen fan Haydn. Dochs bisiket de komponist fan miet ôf oan in eigen foarm to finen en aloan komt hy klearder ta it útsprekken fan syn eigen wierheit. Mear en mear ek ûntjowt Folkertsma him yn ynstremintale rjochting. De namme fan de orkestkomposysje ‘Skiermûntseach’ (op. 35) is Frysk en ropt nammen op fan nasjonalistyske romantici lyk as Grieg, Sibelius (‘Finlandia’), Smetana (‘Ma Vlast’), of, om richter by hûs to bliuwen: DopperGa naar voetnoot2) (‘Amsterdam’, ‘Zuiderzee’), Koeberg (‘Zeelandia’) e.o. It is hjir net it plak om de frage: Is de muzyk fan Folkertsma ‘Fryske muzyk’ wiidweidich to bisprekken, likemin om de prinsipiële fraech nei de mûglikheit fan in ‘Fryske muzyk’ en hwat dy ynhâldt djipgeand to bisjen. Dizze fragen hingje op 'en nausten gear mei de frage nei it Fryske folksliet, dy't in aparte skôging fergje soe. Ik kin der hjir allinnich fan sizze, dat in ûndersiik nei dat hwat it folk yntuïtyf kiest as oerienkommend mei syn goede smaek, oanwiist datjinge hwat melodysk yn de folkspsyche leit. It folk wol gjin mûle sette op folksfrjemde wizen. De 70 % bisteande folkswizen út it âlde Fryske lieteboek en de 50 % út it Nije, dy't it Fryske folk foar kar naem hat, binne fral lieten fan Ierske en Ingelske (Keltyske) komôf. De gong fan folk en tael hat west: Skandinavië - Fryslân - Ingelân. Ienris foarmen de Noardséfolken in libbene mienskip, dy't troch útwikseling fan wearden in soarte fan kultuerienheit foarme. Dat is mear as tûzen jier lyn. Ut 'e litteratuer witte wy hoe oft de ynfloeden fan dy waeksende kulturen op inoar ynwurken. De natuergeografy lit ús sjen, dat kontinenten út inoar falle kinne yn eilannen. Mar dy eilannen bliuwe forboun troch drompels ûnder de sé en dy forklearje de ienheit yn flora en fauna. Sa leit ek de mienskip fan de Noardséfolken al goed tûzen jier út inoar. Mar yn it ûnder- | ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 174]
| ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
biwuste is in substraet, in tinklaech bistean bleaun dy't deselde is. En dêrom karde it folk yntuïtyf goed. It wie mear in kwesje fan oanfielen as fan klear formulearjen, mar dêrom likegoed in weardefol tsjûgenis doe't de Snitser muzykmaster Jac. Hoogslag, dy't ús folk yn syn muzikalens moai goed koe, al praette hy net oer de historyske forbounens fan de Noardséfolken, Paulus Folkertsma neamde: ‘it suverste type fan de Fryske toandichter.’ Jan Slofstra sei yn 1942: ‘As ik muzyk skriuw, is dat Fryske muzyk, om 't ik in Fries bin. Salang ik wier bliuw en nimmen hwat foarljeagenje. Myn yntuïtive greep yn dat materiael is in Fryske greep’ ensafh. Folkertsma is in Fries, boppedat in komponist mei in eigen idioom. Mar de sterkens en suverens fan dy yntuïtive greep foarmje in kwesje fan gradueel en essentiëel bilang. Sjoch nei Skandinavië. Hwat dizze lannen misse en hwat nimmen har forgoedzje kin, is in muzikael forline, de tradysje. Grieg, foarôfgien fan Ole Bull, Kjerulf en Nordraak, joech syn folk in eigen muzyk. Op Grieg folget, hwat de nasjonalisaesje fan de muzyk oanbilanget, in binearjende stiltme. In tal lytsere feguren, lyk as Johansen, biwarret fan it Noarskwêzen allinnich de thematyske ynslach, in algemien metrum, by wize fan moade-oanrin. Mar it rhythme, dat hwat op in djipsten de komponist biweecht om to skriuwen sa-en-net-oars, is net Noarsk. Dit komt net allinnich omt hja as komponist talinten fan leger rang binne as Grieg, mar ek omt hja as persoan minder ‘Noar’ binne. Grieg wurdt (mei Björnson) troch syn folk eare as kunstner èn as great patriot. Hy wie as minske en as kunstner mei syn hiele wêzen forboun oan de realiteit Noarwein. En dit is it twade, minder spekulative punt dat ús de konklúzje foarset: dan is Folkertsma syn muzyk Frysk. Hwa't him ken, wit, hoe't hy oan Fryslân forboun is, wit ek, dat de opdracht fan syn ‘Jonkerboer’, syn ‘In Memoriam’ en syn swijen yn bisettingstiid mear west ha as lege foarmen. As wy de lieten fan 'e Noardséfolken hearre, witte wy, dat hjiryn de eleminten sitte dêr't it historyske Fryske folksliet moai wis út opboud wie. En as wy dan fan Folkertsma witte, dat hy gjin stúdzje fan dy âlde lieten makke hat en wy der dochs yn syn muzyk eleminten fan fine, dan witte | ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 175]
| ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
wy dat syn yntuïtive greep suver is. En dêrmei is fan syn plak yn Fryslân en yn ús tiid eat sein. In oare frage dy't yn in stik oer Folkertsma oan 'e oarder komt is dy nei syn moderniteit. By in skôging oer dit ûnderwurp dy't ek needsaeklikerwiis koart en oerflakkich wêze moat, moatte wy foar eagen hâlde, dat it ‘moderne’ yn de muzyk in tige relatyf bigryp is. En foar safier't it konkreet to omskriuwen is dochs altyd in bitiisd komplex fan allerhande faktoren. Strikt bisjoen moat in bigryp as ‘modern’ altyd al relatyf bliuwe omt it bitrekking hat op in bipaelde tiid, dy't ûnforbidlik folge wurdt fan in oare tiid. Hwat op dit stuit ‘modern’ is, is it moarn net mear, en miskien.... oaremoarn wer al. De hiele kultuer is in proses fan aksje en reäksje, en elke nije tendins sil foar in great part syn krêft helje út, mar dus ek forbrûke yn de striid fan de nije generaesje tsjin de âlde. It ‘moderne’ stelt dus as bitingst de tradysje, dat is datjinge hwêr't it moderne him just tsjin rjochtet. Sûnder in tradysje gjin moderniteit, dat jildt ek foar de muzyk. In Frysk komponist as Folkertsma kinne wy dus al min op syn ‘ynwindige moderniteit’ fergje. Wy kinne him allinnich forlykje mei feguren út de Jeropeeske muzyk-wrâld en ús ôffreegje oft syn idioom ‘moderner’ en jonger is as dat fan b.g. Franck, Grieg, Sibelius, Brahms of Tschaikowsky, om ris in pear feguren to neamen dy't qua ‘moderniteit’ wol sa likernôch yn ien flak lizze en dy't ek yn forbân mei de fraech net alhiel sûnder bitsjutting binne. As wy Folkertsma suver muzykhistorysk yn in ‘situaesje’ pleatse moatte, dan is it wol yn dizze. Net omt der by Folkertsma tocht wurde kin oan epigony of in mozayk fan stilen, mar omt de geast dy't dizze komponisten oanrekke hat ek oan him net sûnder mear foarbygien is. Tusken pl.m. 1875 en pl.m. 1925 bilibbet (binammen Romaensk) Jeropa in ‘Latijnse lente’, en in tiidlang wurdt der tige praet fan symbolisme, impressionisme, expressionisme, ensafh. It earste wurd is ûntliend oan de skilderkunst, de oare beide oan de wurdkunst. Dit wiist op in analogy, in weromgean op in poëtysk of muzikael oerconcept. De forbining hjirfan oan in ideogram (wurd) of musicogram (toan-forbining) is in aksidintele ôfsplitsing, dy't biskaet wurdt | ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 176]
| ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
fan 'e tafallige oanliz fan 'e minske dy't it makke. By dy oanliz is sprake fan folksaerd, natuer, temperamint, ensafh. Nou falt it jin daliks op, dat niisneamde ‘-ismen’ fral neamd wurde om it aparte oan to jaen yn it wurk fan Romaenske (Frânske, Italjaenske, Spaenske) komponisten (ek fan Slavyske, lyk as Suk, Novak, Skrjabine). Dit komt omt dy ‘-ismen’ in direkte reäksje forûnderstelle en easkje en dêrta binne minsken fan primaire funksje yn steat. De komponisten fan de Noardsé-iggen binne ornaris minsken fan sekundaire funksje. Dêrom sil (foarsafier't hja alteast harsels bliuwe en gjin kant útgeane dyt harres net is) b.g. it impressionisme net it essentiële fan harren wurk wêze kinne. Fan 'e Angelsaksyske komponisten fan sahwat 1925 (Ireland, Baines, Fairchild e.o.) wurdt gauris sein, dat hja ‘mei mjitte’ modern binne. Nou hat ‘mei mjitte’ in raer bylûd, meidat it earder de boarger as de komponist opropt. Dat wol hjir it gefal net wêze. By de boarger giet it om ûndjippe tradysje sûnder tradysjebiwustens en om oare grinzen. Hjir lykwols giet it net om de grinzen fan 'e persoan, mar om dy fan de moadefoarm, dy't mei de noadige distânsje-ta-it-ûnderwurp skôge wurdt. Dit hoedet de komponist foar iensidigens en greate selsoerskatting. Sa giet it ek Folkertsma. En dêrom giet syn individualiteit ek net op yn individualisme. Dêrom wurdt hy ek net as slachtoffer hantearre fan in moademotyf. Wy fine by him gjin konsekwinsjes fan de konsekwinsjes, dy't útrinne op it extreme en dearinne yn it experimint. It extreme en it experimint hawwe har wearde, mar suver as reäksje bisjoen. Fan it nasjonale aspekt fan de muzyk út wei sjoen hat it foar Folkertsma gjin sin om op dizze manear ‘modern’ to wêzen. Mar der sit ek noch in oare kant oan. De niisnaemde ‘Latijnse lente’ wurdt ynlaet fan it naturalisme. Dit jowt útdrukkingsmûglikheden dêr't de klam by falt op it melodyske, wylst expressionisme in subtilisearring is fan it harmonyske. Haydn en Mozart fine de expressymûglikheden binnen it ramt fan elementaire harmonyske forhâldingen. Beethoven giet fierder en forheget it expressyf raffinemint troch nije spanningsmominten yn de modulaesjes. Franck, Bruckner e.o. geane wer in stap fierder. De naturalisten (Moussorgsky, | ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 177]
| ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
Mascagni yn syn ‘Cavalleria Rusticana’) binne noch frijer, mar dochs falt hieltiid de klam binammen op it melodyske. Fan de trije muzikale eleminten rhythme, melodije en harmonije giet it by it impressionisme fral om it lêstneamde, jongste (en meast oer't hynder tilde) elemint: it giet om in harmonysk realisearre apartens fan kleur, om de momentlike lûdforbining mear as om de progressive tekening, de melodije. Folkertsma wit fan de winst, fan it expressyf raffinemint fan it impressionisme, mar syn muzyk is oars, net allinnich atmosferysk, ek yn wêzen. Dit oars-wêzen is in kwesje fan oare oanliz en dêrom falt by him de klam mear op it twade muzikale elemint, it melodyske, wylst hy konsekwinter bleau yn syn trou oan de Germaenske foarmtucht. Yn 1920 foarsei Busoni in ‘junge Klassizität’, in reäksje op de harmonyske oerskatting, en in restauraesje fan it melodyske elemint. Ja, noch fierder: in weromgean nei it polyphone. En kriget Busoni gelyk? Wier is it, dat âlde foarmen mear en mear tapast wurde en dat b.g. de Passacaglia omtrint in moadefoarm wurden is, dat der mear as ea útjeften frege wurde fan âlde masters, dat de stylwikseling fan earst tige heech sette moderne komponisten nou minder skôge wurdt as vitalisme en mear as in earmoede oan melodije, dat de rop rounom wearklinkt: ‘Werom nei de melodije’ (wy sjogge it yn 'e praktyk by de jonge Russyske komponist Sjostakowitsj en de jonge Ingelskman Benj. Britten, dy't neffens syn sizzen ‘melodijen komponearje woe, dy't de slachtersjonges wer fluitsje kinne’!)Ga naar voetnoot1). It expressionisme wurdt mear en mear sjoen as in stik regressy, as in skeakel yn dizze weromgong. Yn 'e litteratuer skreau Klabund 25 jier forlyn al by in stúdzje oer de Skaldenpoëzij: ‘Hwat is de artystike technyk hjirfan dochs nei bisibbe oan it expressionisme.’ Mear en mear hat men Klabund gelyk jown. Ek yn 'e muzyk is dit in wichtich gesichtspunt. Dr. B.K. Spanjaard tsjutte okkerdeis op 'e affiniteit fan inkelde hjoeddeiske komponisten mei de mids- | ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 178]
| ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
ieuwenGa naar voetnoot1): ‘De waeksende muzyk fan de kollektiviteit slút direkt oan by it kollektivistyske idioom fan de midsieuwen.’ Yn de hiele gong fan saken leit de tendins: werom, fan harmonije nei melodije. De modernist fan juster tocht vertikael. Dy fan hjoed moat mear horizontael tinke. En mei dizze gong fan saken as eftergroun is Folkertsma dus fan suver-muzikael eachpunt út wei sjoen in ‘modern’ komponist. In genrenamme, systeem of methoade, - en dit moat men bij it plak-bipalen fan Folkertsma wol foar eagen hâlde - kin eat sizze fan 'e foarm, fan 'e noaten dy't yn in muzykstik steane. Wichtiger is de namme fan de komponist, hwaens geast efter dy noaten libbet en it essentiële der fan útmakket. Nammen en metaphoaren kinne jin op in spoar bringe fan in muzikale apartens, dy't net yn wurden útsprutsen wurden kin, meidat muzyk nou ienkear yn in eigen tael foar himsels sprekt. Of, lyk as Isidorus fan Sevilla ris sei: ‘Nisi memoria teneantur soni, pereunt quia scribi non possunt.’
To Sólheimar op Iislân waerd yn 1899 Jón Leifs berne. Hy is de nasjonale Iislânske komponist dy't muzyk skreau by it Iislânske drama ‘Loftr’, in ouverture ‘An Island’ ensafh. Syn folk, in 100.000 forspraet wenjende minsken, is wiis mei him. De Iislânner wit de hege wearde fan it eigene en fan 'e eigen forantwurdlikens hjirfoaroer. Dêrom is syn andert op 'e kultuerfraech posityf. Hy bout mei oan eigen kultuer, oan himsels. Sa bout hy yn eigen styl, yn 'e djipte, oan de eigen tradysje. It sukses fan de eigen kunstner is in sukses fan 'e mienskip dêr't hy diel fan útmakket. Fryslân telt fjouwer kear safolle ynwenners as Iislân. De gelegenheit om wurk fan eigen komponisten to hearren is hjir gâns greater. Witte wy hwat dat ynhâldt? | ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 179]
| ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
Wurken fan Paulus Folkertsma.(list forsoarge fan A. Kornelis).
| ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 180]
| ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
|
|