| |
| |
| |
Anne Wadman:
Muzyk en nasjonael sentimint
In komponist kin op fjouwer manearen of leaver: fan fjouwer útgongspunten út bisykje in wearslach fan syn nasjonale sentiminten yn syn muzyk to lizzen:
1. Bisteande folkswizen yn syn kunst opnimme, oan elkoar riuwe en variearje, dêr't dan syn kunst bij bistiet yn orkestraesje-technyk en it formogen om út dy fêstleine eleminten in homogeen gehiel op to bouwen. Dizze methoade garandearret in maximum oan ‘folkske’ ynhâld, ynsafier 't dy folkswizen in maximum oan ‘folkskens’ garandearje. Bij natuerfolken kin men dêr moai wis fan wêze. Sjocht lykwols de kultuer om 'e hoeke, dan wurdt it nuodlik. As men de radio-harkers freget, hwat neffens har de authentike Yndonesyske folksmuzyk is, dan sille 90 % of mear anderje: ‘Krontjong’. Bartok warskôge tsjin it misforstan oangeande de Hongaerske folksmuzyk en rjochte dy warskôging tsjin de Sigeunerstrijkjes en tsjin... Liszt, de man fan de Hongaerske rhapsodyën. Bij kultuerfolken wurdt de saek tige spekulatyf, omt in kultuer allinnich salang in kultuer is as er straffeleas eleminten fan oare kuituren assimilearje kin.
De komponist aventûret bij dit procédé, dat syn muzyk oerladen wurdt mei folkswizen, der in guodkeap en op handich, mar ynspiraesjeleas fakmanskip birekkene mozayk fan wurdt, dêr't syn eigen persoanlikheit part noch diel oan hat. Bûtendat is elk fornimstich fakman yn steat om muzyk ‘út’ ûnforskillich hokker kultuermilieu to skriuwen. Frânsken komponearje op syn Spaensk, op syn Arabysk, op syn Skandinavysk, Dútskers op syn Italjaensk en Russysk, ensafh. De muzykskiednis jowt ús út de foarrige ieu bjusterbaerlike staeltsjes fan dizze oanpassings-fähigkeit. Folksmuzikale eleminten wurde mandeguod, en it Esperanto dat de muzyk driget to wurden kin men eleminten út alle wrâlds kontreijen yn weromfine. Dit is it lot en it sukses fan de biskaving, en der tsjin fjochtsje hat gjin doel en gjin resultaet.
2. De eleminten fan de folkswizen (harmoanysk, rhyth- | |
| |
mysk, meloadysk) abstrahearje en op dat mal in eigen muzyk breidzje. 1) en 2) binne faken min, ja prinsipiëel alhiel net to skieden, omt ek de komponist dy't de earste methoade tapast, hwat mei de biskikbere matearje ‘docht’, en dy net ûnoantaest lit. In komponist dy't hwat yn folkseigen muzykbisit omnoaske hat, is sels moai gau yn steat om der sokken bij to meitsjen. It gefaer fan potpourri-foarming is hjir wol minder great, omt de komponist dochs altyd in slach om 'e earmtakke hâldt, mar dit hat teffens yn, dat it skriuwen fan dizze folksmuzyk foar party mar ynsidinteel is, dat men dus har eigentlike stylkwaliteiten analysearje moat ut dat hwat oerbliuwt as men de folkske ynslach ôflûkt. En dan is der dizze nuodlike kant dat men muzyk fan in bepaelde feguer, binammen as dat in feguer fan bilang is, dy't teffens ré is ta konsessys oan de nasjonale sentiminten, domwei mei dy nasjonale sentiminten identificearre wirdt. Hwa sil útmeitsje oft Sibelius b.g. wierliken sa ‘Finsk’ is as men ha wol, salang 't wij fan ‘Finsk’ neat ôfwitte as... Sibelius?
3. Bisykje yn toanskildering de sfear fan de eigen lânsdouwe to treffen. Ympresjes jaen dus, dat faken yn 'e groun delkomt op it jaen fan pikturale en pastorale ydyllen. Miskien garandearret dizze methoade muzikael it bêste resultaet, omt de komponist hjir net yn it stokramt hâlden wurdt fan jowne en fêst omskreaune greatheden lyk as it folksliet, en dy dus ek net syn skerpte en subtilens fan formulearring yn 'e wei steane. Hij kin hjir alhiel op eigen oanfielingstalint toseilgean. It eintsjebislût kin lykwols wêze, dat er yn syn subjektivisme alhiel bij it ‘folksliet’ lânsskriuwt, en dus foar folksfijân nûmer Ien útmakke wurdt. Ek is der dit gefaer, dat in komponist dy't de sfear fan eigen lânskip byldzje wol, der faek to ticht mei de noas op sit. Men kin faeks better en subtiler ympressy's jaen fan oarmans as fan eigen lânsdouwe. De geur fan oarmâns hûs dêr't men faken komt, sil men earder wer kenne as dy fan eigen hûs en him dus ek better kreatyf forwurkje kinne.
En dan is der oan dizze tredde methoade dit gefaer, lang net tinkbyldich foar lju dy't har wolris fornuvere hawwe oer oarmans reaksjes op 'e muzyk. It gefaer ntl. fan procédé to wurden, fan basearring op inkelde fêste muzikale tics, dy't
| |
| |
it ien of oare ding realistysk skilderje moatte. De programmamuzyk hat yn de muzykskiednis altyd in min of mear diskutabele forskining west, fan Rameau syn ‘La poule’ en Bach syn ‘Cappriccio über die Abreise seines geliebtesten Bruders’, via Beethoven syn ‘Pastorale’, Berlioz syn ‘Symphonie Fantastique’, Saint Saëns syn ‘Carnaval des Animaux’ ont Honegger syn ‘Pacific 231’ ta. Ik haw altyd forsteld stien oer lju dy't, as hja de titel fan in muzykstik mar heard hawwe, feilleas fortelle kinne hwat der yn dat stik ‘bart’. Yn muzyk moat hwat ‘barre’, sizze hja, en is dat it gefal net, dan lit men der hwat yn ‘barre’, slagget dat net dan is it gjin muzyk. Fan de Tell-ouverture ont de ‘Persian Market’, yn allerhande graden fan dúdlikens litte hja har liede troch it (fiktive of ek echt sa bidoelde) forhaeltsje, sa fan: ‘Nou komt dit en dan komt dat en dàt is....’ En de konsertprogramma's en radiomuzykfoarljochters orakelje dapper mei. In hamboai bitsjut in harder, in pikkolo in mich, in fagot in oaljefant, twa trompetten in leger op mars en in harpe in wettersaed. It sil allegear wol wier wêze, mar de muzyk giet hjir yn lêste ynstânsje bûtenom. Alle oaljefanten en legers op mars hawwe net bihinderje kind dat Mozart syn pianokonserten en Brahms syn symphonyën it der sûnder rêdde kinne, en dat de keamermuzyk noch altyd ien fan de suverste en wichtichste muzikale foarmen is, omt men dêr to dwaen hat mei musique pure, ûntdien fan skildertrukjes en anekdoaten. Sels foar it appresiearjen fan in symphoanysk gedicht liket it mij rom foldwaende ta to witten dàt der hwat bart. Mar dit sil wol ketterij wêze.
Yn alle gefallen, in Fryske muzyk, dy't bisiket de Fryske marren to ‘skilderjen’ soe alle kâns rinne him to basearjen op it stylprocédé fan de ‘Schöne blauwe Donau’, Offenbach syn ‘Barcarolle’ of Debussy syn ‘La mer’. Sfear-skeppe yn kunst is altyd in kwesje fan ‘forheftiging’. Muzyk is yn steat om bipaelde sfearen fan sfear werom te skeppen, mar as men dy yn 'e finesses ynterpretearje wol, slacht men licht de planke mis, omt de graed fan ‘forheftiging’, in kwesje fan skeppers' temperamint, net op in thermometer ôflêzen wurde kin. Hwa sil, salang 't men gjin temperamintsmeter útfoun hat ûnderskiede oft in komponist dy't skilderet it ‘hat’
| |
| |
oer de Liphúster heide of oer de Steppen fan Midden-Azië. oer de heuvels fan Gaesterlân of oer de bergen fan Tirol?
4. Bisykje yn syn persoanlikheit de grountrekken fan it folkskarakter to treffen. Ek hjir wurdt men maklik slachtoffer van suggestys. Dat in komponist, om ‘folksk’ to wêzen, mar skriuwe moat sa't it hert him ynjowt en ienfâldich mar ‘hoecht to wêzen lyk as er is’, is sa'n guodkeape en dwaze phrase dy't gjin seadden oan 'e dyk set. Hoenear nammers is men dy't men is? Is men net altyd dy't men is plus in oar? In kunstner wit nea hoe 't er is, of hij moast al tagelyk psychiater wêze, hoe soed er dan witte oft er is sa't er is of net? In kunstner is nammers qua talis immen dy't mar mei ien foet yn de folkspsychè stiet. A fortiori jildt dat foar de muzikus, hwaens materiael ta biskate hichte ynternasjonael, lit ús sizze Jeropeesk bisit is. Yn dizze sin libbet in kunstner altyd nei twa siden en hast nea sil de blâns alhiel nei de ien of oare side oerslaen, sûnder twivel to litten. De kunstner siket de bislettenens fan de húslike hurd, miskien, mar mear de útsûnderingsposysje tsjinoer de deistigens fan dy hurd. De grounproblematyk fan de kunstner is dit balansearjen tusken eigen en frjemd, tusken iensumens en de mienskip fan de kollektiviteit, dizze wriuwing tusken iensumens en solidariteit. Bij wriuwing ûntstiet waermte, soms fjûr en flam: it kunstwurk. De folksaerd wurdt suver en yn heechste (mar kreatyf ûnfruchtbere) potinsje biwarre bij de boer, bij de man dy't net fan 't sté komt, net bij de kunstner dy't sûnder protest en expansje, sûnder wriuwing en dus sûnder dizze problematyk net libje kin. Men mei nea dizze protestfunksje fan it kunstnerskip losmeitsje. In Frysk kunstner is net it suverste type fan de Fries, net in Frysk folkskarakter yn it komprimearre, hij nimt altyd in distânsje yn acht. Syn Fries-wêzen is altyd in kwesje fan ‘resten’, greater of lytser.
As men dan ek foar it Fryske folkskarakter in pear globale grounslaggen fêststelt, dy't wittenskiplik suver steane, moat men noch foarsichtich wêze mei dy to bitrekken op de Fryske kunstnerspsychè. Hoefolle ynhâlden hertstocht, birutsen fjûr, ynbannigens, fêsthâldenens en oare kwaliteiten en miskwaliteiten kin men bij in Frysk kunstner forwachtsje? Gysbert Japiks wie in Fries, mar faken drager fan in barokke oerla- | |
| |
denens, dy't men maklik oan externe ynfloeden taskriuwe kin, mar dêr't likegoed syn karakter en syn temperamint ‘ja’ op sein hawwe. Simke Kloosterman wie in Friezinne, mar fan in kunstnerstemperamint, dat in Franskman net misstean soe. Hja binne de iennichsten net. Ek Folkertsma syn muzyk hat soms in hast súdlike kleurerykdom en biweechlikens oer him.
Dêr komt bij, in Frysk toankunstner kin net fierderbouwe op in bisteande tradysje: it folksliet is in fiksje, en nimmen hat ont nou ta bisocht yn muzyk Fryske lânsskipssfear of karaktereigen to skeppen. It hiele gewicht fan safolle ieuwen Jeropeeske muzykkultuer fan Palaestrina ont Krenek rêst op syn gewisse, hij kin dêr net los fan.
It iennichste dat er kin, is gunstige mooglikheden skeppe dy't in eigen lokael muzyklibben ta resultaet ha kinne. Hij moat dêr syn plak yn bipale, en wurdt al fuortendaliks bihindere troch de biheinde útfieringsmooglikheden fan syn wurk. Hij sil him dan fornoegje moatte mei dat syn wurk, as it alteast net great genôch of hij to biskieden is om plak to finen op Jeropeeske konsertpodia, òf yn portefúlje bliuwt, òf hij moat forbiningen sykje mei de litteratuer, en komt yn it sjongspul tolânne, mei al syn faeije kanten. In folksliet hawwe wij net. Wij kinne it ek biswierlik rekonstruearje mei help fan histoarysk twivelige kultuerforbiningen en substraten. Methoade 1) en 2) binne dus folslein útsletten. Methoade 3) en 4) kìnne fortuten dwaen, mar ek hjir is uterste hoedenens oan to rekommandearjen. In ‘Fryske’ muzyk is net synthetysk gear to stallen út hwat abstrahearre eleminten fan lânskipssfear en folksaerd, mei de fornimstichste theoryen en fynsten net. De ‘resten’ fan Fryskens binne op syn heechsten efterôf to analysearjen en net út it wurk fan ien inkelde komponist, mar allinnich út ien generaesje, of út in opfolging fan generaesjes, dy't it mear of minder sjen lit, en it tiidselemint fordiskontearret. Allinnich in allround muzyklibben, in min of mear folsleine kultuer kin hjir útslútsel jaen, oer forrin fan jierren. Theoretisearje oer ‘Fryske’ muzyk, al hoe nijsgjirrich en.... needsaeklik ek, bitsjut net dat men foarskriuwe kin hoe 't it wêze moat (ynbannich, oriëntaesje op Grieg of Sibelius of hwa ek), mar dat men (mei alle omsichtigens) bisiket oan to jaen hoe 't it wurde kin, as de
| |
| |
omstannichheden gunstich binne. Wij kinne allinnich bisykje dy omstannichheden sa gunstich mooglik to meitsjen. As yn earsten ‘Fryske muzyk’ allinnich to bitrekken is op in libbene muzykkultuer binnen Fryske grinzen, sille wij dy muzykkultuer sa libben mooglik meitsje, en bisykje moatte der alteast útwindich in Frysk kleurke oan to jaen. Wy sille ús der yn earsten mei fornoegje moatte dat it nasjonael sentimint him oan dy bûtenkant hâldt, en dat de ‘Fryskens’ fan de muzyk allinnich bliken docht oan in tekst, in titel, in namme fan in komponist, oan de tael fan de programma's, de bilangstelling fan it eigen folk en de útfiering troch eigen kunstners. De organen fan de Fryske biweging hawwe hjir in taek: it útfieren fan eigen muzyk to stypjen en de komponisten gelegenheit to jaen har yn it Frysk milieu thús to fielen, sûnder harren wjukslach to bikoartsjen of har it idé to jaen... dat harren kunst foar biskate doelen, polityk en nasjonael, prostituearre wurdt.
Dêrbij sil men jin sa stadichwei losmeitsje moatte fan de gedachte dat men mei nije koarsangen, mear sjongspullen, nije printingen fan lieteboekjes genôch docht. Dat is wurk fan bilang mar it rounet de muzykkultuer net ôf. Keamermuzyk is ek hjir forlet fan, kin sels representatyf achte wurde foar de wearde fan in muzykkultuer. Ek yn Fryslân binne dilettante-orkesten (en net allinnich blazers!) dy't bij komposysjes fan eigen kunstners bate wêze soene. En lit men binammen de lichte Muze net út it each forlieze. Safolleste ketterij: Alle lieteboekjes binne sûnder wearde tsjinoer dy iene Fryske schlager dy't ús wrâldtsje yn ûnstjûr bringt.
|
|