Frysk kleurke oan de saek sit. Fakentiden moat dan de flage de lading dekke. Dat is tige spitich, hwant sadwaende giet de muzykkultuer yn Fryslân net yn't minst der op foarút. En soks moat dochs winliken al it doel wêze.
Hoe komt it nou, dat der yn Fryslân sa folle nei foaren komt dat artystyk net forantwurde is en better efter de skermen bliuwe kind hie? Ja, gâns hjirfan en dit slacht dan binamen op de wer-skeppende kunst, komt op rekken fan it skreauwend tokoart oan foldwaende ûnderlein kader, Tofolle komt it jit foar, dat de lieders yn muzikael en oar opsicht in breklike oplieding hawn hawwe en dan, mei in biheinde foarrie kunde en ûnderfining bisykje lieding to jaen. It gefolch is, dat sokken, yn pleats fan lieding to jaen, sels laet wurde.
Op it gebiet fan de skeppende kunst kin men de lêste jierren forbettering merkbite. It tal Fryske komponisten dat hwat bitsjut, is wol biskieden en men fielt dat der noch altyd net in liedende sintrale feguer is, mar foarút geane wij dochs.
In selde soart forskynsel as bij de wer-skeppende kunstners oponearret him ek bij de skeppende kunstners, nammentlik, dat men to rimpen de geasteswaer oan 'e merk bringt. En dat is alhiel mis. Hwat oan 'e iepenbierens priisjown wurdt, is lang net altyd foldroegen kunst en kin faek better yn portefúlje bliuwe. Is men dan ek noch rij mei lofspraek, dan is de hikke foargoed fan 'e daem.
Nou twingt de earlikheit to sizzen, dat ek ik, û.m. yn myn 30-jierrige funksje fan muzykredakteur oan de Ljouwter Krante, mij faek skuldich makke ha oan in hwat ryklik folle oanmoedigjen en oanpriizgjen. Men moat lykwols ek bitinke dat it foar de bifrijing yn Fryslân, ek hwat oanbilanget de muzykkrityk, in goede gewoante wie om op to bouwen, jins folle forantwurdlikheit to biseffen en net mei to dwaen oan de vulgaire sucht nei ôfbrekken. Yn dizze tiid wie it ek noch net in oanwenst om jin bij foarkar op oarmans terrein to jaen en die it sizzen fan skuonmakker en least mear fortuten as hjoed de dei.
Mear yn't bisûnder ta de komponist Jan Slofstra kommend, moat ik mei de lêzer weromgean nei it jier 1941. Yn dat jier naem it plan, om it sjongspul ‘Roaitske’ fan Jan Slofstra en J.P. Wiersma op it toaniel to bringen konkreter foarm oan.