| |
J.L. de Jong Lsn.:
Muzikale lûden út é 16e ieu
Us libben yn 'e tsjinwurdige tiid is earm oan muzikale lûden. Lûd is der genôch; fan kopkleppergeplof ont radioblikkenpannegerattel. Der is fiersto folle lûd, mar muzikael kin men 't net neame.
De tiid hâldt gjin skoft en ûntjowingen folgje elkoar op, mar hoenear komt de renaissance fan 'e distribuearre wollûden?
It libben yn 'e midsieuwen en ek yn 'e 16e ieu wie bûnt; great forskaet fan kleuren en klanken kin men merkbite. Hwat de muzyk oangiet is de minsklike stim noch principael. Der binne hûnderten ynstruminten mar der is noch sa goed as gjin printe of skreaune muzyk foar in bipaeld spyltúch
| |
| |
en it orkest is net foarme yn fêste bisetting. It oargel spilet sjongmuzyk. Mar de muzyk foar minsklike stimmen hat him ûntjown ta in foarmerykdom dêr't letter tiden mar inkelde stylôfprintsels bijdwaen sille.
Yn de Roomske tiid rûzje de Gregoriaenske sangen mank de mearstimmige misdielen troch ús greatere tsjerken. Op it koar steane de sjongers opsteld, preesters en leken, wij kenne noch nammen fan sjongers oan 'e St. Vitus (Aldehouster) tsjerke, mar 't is ús om in klankbyld to dwaen. Ofwikseljend mei 't oargel (wie in stimme net of net foldwaende biset dan holp de oargelist) songen in mânljuskoar en in jongeskoar de wikselende sangen en de mearstimmige muzyk. De koster as er gjin oargelist wie, moast meihelpe to sjongen. ‘Dat hy midsen int choer by den meisters (dat binne de fêste sjongers,) ende clercken (de skoaljonges) sta ende help singen ende hem niet en absentere’. Bijhwannear 't der in goed koar wie mei in bitûfte ludimagister (koarlieder), yn 'e kleastertsjerken en stêdden bygelyks, dan hawwe ús âffaers út dy tiid harkje kinnen nei de moaije wurken fan 'e greate masters út 'e Nederlânske komponisteskoallen.
Doch moat men jin net in al to ideële fóarstelling meitsje fan de tsjerkesang trochstreeks; de sjongers bleaune wolris wei of wiene balstjurrich. Der wurdt algemien en in bulte klage. Soms wie der net iens immen om de preester to antwurdzjen en dan spile it oargel mar. Luther forhellet fan in koster dy 't it Kyrie eleison op in lute bigoun to spyljen doe't er nei it altaer kaem. Der wie gjin oargel en gjin koar. Sa is 't ek yn Wergea (en yn alle lytsere plakjes). De koster barde dêr ‘den Heyligen auentspenninck, voer dat hij de clocken luydt, ende dat koer myt syn sangh bewaert’. It oargelspyljen wie't krekt sa mei gesteld as mei 't sjongen. Yn kleastertsjerken hie men fakoargelisten lyk as yn 'e greate stêdstsjerken, mar der wie noch net folle oargelmuzyk en de oargeltsjes wiene ek yn 'e forname tsjerken net al to great. Knappe oargelisten sille wol moai spile hawwe as 't oargel der him ta liende, tominsten moai foar dy tiid, hwant ús earen binne ynsteld op hiele oare klankprinsipes. Oargelisten as J.P. Sweelinck en ek de Ljouwerter oargelist Matthias Mercker (dy't letter û.m. oargelist oan de Dom yn Straatsburg wie) binne forneamd
| |
| |
yn har tiid en men roun heech mei de oargels en oargelmuzyk. Sa toneistenbij kin men jin foarstelle hoe't de toan fan dy oargels west hat, bijhwannear't men in rêchposityf (mei tongwurk en kompleet stel mixturen) fan in great oargel ut ús tiid heart; mar dan moat it in goed ald oargel wêze mei lege wyndruk. Dat jildt lykwols foar de flinke oargels út dy tiid en dy sille der yn Fryslân mar hiel inkelde west hawwe. Meastentiids wiene it lytse ynstruminten dy't as swellenêsten earne oan in muorre hingen. Yn de Vrije Fries (XV, dl. 3, side 58) hiet it fan in oargel yn 'e tsjerke to Bears: ‘Er was een kleyn oud Orgeltje tegen de Torenmuur opgerigt, staande op een paal’. Hja diene dan ek allinne mar tsjinst as koaroargel. Yn greate tsjerken hie men it great oargel en it lyts (koar)oargel. Dat great oargel hie in penetrant lûd, mar oer 't algemien minder klankkleurmooglikheden as it koaroargel. It waerd almeast brûkt bij feestlike gelegenheden.
Mei de Herfoarming stjerre it preesterlik en koargesang, en in nij lûd klinkt yn tsjerken en tsjerkjes. Doe't 6 Septimber 1566 de Aldehoustertsjerke ûntdien wie fan bylden en alters en de nije leare forkundige waerd, wjergalmde de tsjerke fan ‘duytse salmen’ (psalmen yn 'e lânstael en net yn 't latyn). It oargel wie sparre mar bigeliedde net. De tsjerkesang is ont ± 1630 ta sûnder oargellieding. It koe ek net; foarst wiene de oargeltsjes to lyts en oard koene de oargelisten net lieding jaen om 't de foarm sang mei ‘stypjende akkoarden’ earst oan 'e ein fan 'e 16e ieu yn swang komt. Gâns in forskil yn klankbyld: de âlde Roomske goed forsoarge tsjerkesang en it ienstimmich Protestansk korael sa goed en sa kwea as it gie. Lykwols hearde men de Doperske en Lutherske lieten al wit hoe lang fóar de Reformaesje, sadat men net ûnbikind wie mei de lieten. Datheen syn psalmen binne earst letter ynfierd, doe't it Kalvinisme oan ynfloed woun.
En de oargels dan yn stêd en doarp. Hoewol 't men der fan de kant fan de tsjerke op tsjin wie, bleaune de oargels yn gebrûk. Mar hwerfóar dan? De koarsang wie dien, de gemeentesang wie sûnder oargellieding. Ja dat is ek in nuver ding, en men kin der net earlik útkomme. Hwant net allinne dat men der op it plattelân neat mei die (op 'e stêdden komme wy noch efkes werom), mar men liet de oargels opknappe nei
| |
| |
de reboelje (De Hommerts, Jorwerd, Jutryp b.g.) en yn Burgwerd kaem in hiel nij oargel. Dr. Vente mient dat it foar lieding fan it sjongen west hat, mar dat kin men net oannimme. Nei myn bitinken hawwe wij to dwaen mei in fóarkar fan de minsken foar it oargel as spyltúch en tsjerkemeubel. Men moat net forjitte dat de Reformaesje trochset is fan kloften soldatefolk en dat ús lân net oergien is yn syn gehiel. Boppedat, de tradysje sprekt ek mei en de minsken hingen oan har klokken en oan har oargels. Tusken dizze beide ynstruminten hie men lang net dat ûnderskie as noutiids, lykas wij fjirder noch bisprekke sille.
Yn 'e stêdden leit it lân der hwat oars hinne. Tsjerken mei oargels binne nei de Reformaesje eigendom fan 'e boargerlike gemeente. Of 't der fóar de oergong oargelkonserten jown binne moat bitwivele wurde; men moat net forjitte dat der yn 'e Roomske tiid alle dagen tsjinst wie, dêr't de oargelist oan meiwurke. Hij sil foar en nei de tsjinst spile ha, mooglik nei it lof jouns hwat langer. Doe't de nije oarder kaem wie der alle jounen bidstoune, dêr't men ek noch wol de namme ‘lof’ foar fynt út âlderwenst. Hjirbij moast de oargelist ek spylje. Boppedat moast er alle jounen in ûre spylje dêr't de boargerij dan bij yn 'e tsjerke hinne en wer kuijere. Sa't men sjocht spile it oargelmuzyk yn 'e stêdden in greate rol yn it deistich libben. Hwat foar muzyk is der op dy oargels spile? Lyk as sein is, wie bynammen yn 'e earste helte fan 'e 16e ieu de oargelmuzyk noch net folle bysûnders, mar tsjin de ein fan dy ieu bigjint der in oargellitteratuer to kommen, bynammen ûnder Italjaenske en Ingelske ynfloed. De oargelisten sille oargelwurken fan John Bull, de beide Gabrieli's, Merulo, J.P. Sweelinck en inkelde Dútske komponisten spile ha; fugatyske en kanonyske wurken (de foarm ‘fuga’ wurdt earst letter berne), brillante tokkaten mei fingerrêdde passaezjes, en as it oargel greaternôch is, oargelkoralen mei cantus-firmusbiwurkingen. Sa om 1580 hinne is der al in rykdom oan foarmen op oargelgebiet. De oargelisten binne yn stêdstsjinst, hawwe goede trakteminten en steane yn oansjen.
Neist de deistige oargelmuzyk binne dêr de muzikale klokkemeldijen; de oargelist wie meastentiids ek klokkenist. De carillons lykwols wiene lyts (Ljouwert, om 1600 hinne, 13
| |
| |
klokken); dat great hat de kunst net west, mar men hie op gesette tiden dochs de wyskes fan 'e Ljouwerter nije toer, dy't har fleur brochten yn it libben fan 'e minsken doedestiids, Hwer't men gjin klokspul hie wie ek gjin klokmuzyk? Wis al! Hjir kinne wij weromgean nei de Roomske tiid, doe't de klokken gâns tsjinst diene. De klokken waerden let en klipt, mar men beijere der ek op. Dat beijerjen barde mei hammers; troch bar om bar op trije, fjouwer klokken to slaen krige men (fansels wol hwat ientoanige) wyskes. It bikende Big Benfóarslach giet lykwols ek mar oer 4 toanen. Ut in Frentsjeter kostersynstruksje (1546) lêze wij dat de man beijerje moat: op 'e fjouwer heechtiden, op Sakramintsdei, Sint Japik, Allerhel'gen, Sint Marten, de dei fan 'e tsjerkeynwijinge (in ûre lang), op alle oare feestdagen, fan 'e Hillige Faem en fan 'e apostels, fan St. Michiel en Sneins tusken Peaske en Sakramintsdei (in heal ûre lang); fjirders alle Tongersdeis, in heal ûre. Soks sil yn oare stêdden en doarpen dêr't men twa en mear klokken hie ek it gefal west ha. Us 16e ieuske boargers krigen wol waer foar harren jild; alle dagen oargelmuzyk en alle wiken carillonbispiling of beijerdeunûrke. Mar dêr wie't noch net alhiel mei ôfroun. Yn 1498 is Bocke Haringsma út 'e finzenis to Grins wer to Snits bilânne en ynhelle mei kloklieden, oargelspyljen en sjongen. Dat kloklieden en orgelspyljen hearde bijelkoar; as 't feest wie, hie men muzyk fanneden en klokkemuzyk wie foar de minsken al net folle minder moai as oargelspyljen. Yn 'e stêdden hie men bygelyks ek noch de poartklok dêr't men mei oankundige dat de poarten sluten waerden en dy't dus, mei de oare klokken, de dei fordielde. Ek it plattelân die mei. Hjir is, út in ynstruksje fan de skoalmaster-koster-oargelist fan it lytse doarpke Wânswert, de klokketsjinst: ‘des soomers van oude St. Geert
tot aan Holwerder merkt zijnde den 17 September alle dagen te luyden des morgens tot vier uyr, als alleen Saturdags dan sal te drie uyr morgens geluyd worden om 't affvaeren van't schip, voorts tot agt uyr des voor de middags en tot twee uyren na de middags, mitschaders des avonts tot ses uyren al 't welke des winters ook sal moeten geschieden als alleenlijk dat van den 17 September off in plaats van ses uyren 's avonts, tot agt uyren 's avonts sal worden geluydt’. Dit wie
| |
| |
yn 1719, mar yn 'e niis neamde kostersynstruksje fan 1546 (Frentsjer) stie net minder klokketsjinst oanjown. Der is, bijhoenear't der mear klokken binne ek faek forordinearre dat men om sa let mei de iene, sa let mei in oare klok liede sil en ek wol mei alle klokken tagelyk, hwat men ‘gaerlet’ neamde. Dat sil moai klonken hawwe, trije of fjouwer klokken tagelyk; en hja klonken tsjinelkoar ek goed, hwant doe't men to Frjentsjer yn 'e 16e ieu in nije klok krige, moast dy mei de oare ‘accorderen’, neffens de oerienkomst mei de klokkejitter.
Ta de 16e ieuske muzyk heart ek it blaesensemble, de ‘stadspijpers’ dy't har yn 'e stêdden op fêste tiden hearre lieten. Yn 1598 wiene der to Ljouwert 5 man dêr't ek de oargelist fan 'e greate tsjerke bij wie. Hja spilen op 'e toer; mar yn 1604 wiene de muzykútfierings fanút 'e Waech. Op feestdagen joegen dizze spyllju in konsert en mooglik in fêste dei yn 'e wike. In konsert fan 5 blazers, sil men sizze, dat hat net folle west. Nou moat men dat al wer hearre mei 16e ieuske earen; de ynstruminten spilen mei elkoar sa't b.g. nou in kwartet docht, elts in eigen stimme (discant, alt, tenoar, bas en by 5 spilers faeks in ‘Russpfeif’ dy't de meldij in oktaef heger meiblies, of in trompeteftich ynstrumint (posaune, trumet). Men hie floiteftige ynstruminten (pfeif) en ynstruminten mei in dûbeld reid (skalmei, Bombarde). It kaem der yn dy tiid net op oan hokker bisetting 't men hie, mar men hie in discant-, in alt-, tenoar- en basynstrumint, dy't dan nei eigen kar biset binne mei floit-, skalmei- of trompetlûd. De muzyk bistie almeast út koarstikken; ynstrumentale komposysjes (saneamde ‘Spielmannsmusik’) komt men earst yn 'e 17e ieu tsjin.
Dan hie men to Ljouwert op 'e Nijetoer in toerwachter (en dy hat men op mear fryske tuorren hawn). Yn 1560 moast dy nei syn ynstruksje, nachts (d.i. simmers fan 10-4 ûre en winters fan 9-5) alle ûren op de fjouwer hoeken fan 'e toer in liet blaze, wylst er deis as der merke wie (2 × 14 dagen yn 't jier), op Sneinen, hilligedagen en as't wykmerk wie (Sneons), om 11 ûre op alle 4 hoeken fan 'e toer in stik blaze moast. Boppedat by prosessys en ommegongen salang 't dy duorren. Letter moast er alle healûren nachts noch ‘de
| |
| |
trompet steken’ en alle gewoane dagen fan healwei toalven ont toalf ûre ta op 'e toer blaze.
As men dêr dan noch it tromgeroffel en trompetterjen bijdocht as de boargerij ‘in het geweer trad’, dan kin men it iepenbier libben fan it cinquecento ryk oan muzikale lûden neame.
Nêst dy iepenbiere muzykforsoarging dy't yn forhâlding ta ús tiid op heech peil stie (sjonge, oargelje, klokspylje en blaze), is dêr dan noch de húslike muzykbioefening. En dy stie noch ûneindich folle heger as tsjinwurdich. Men song mei elkoar yn 'e hûs of gyng nei elkoar ta om to sjongen. Greate sjongselskippen hie men net en men lei him net út op moai sjongen sa't wij dat nou op konkoersen hawwe. It gie der mar om, dat men leafst sa goed mooglik de forskillende stimmen bisette. Wie men mei syn trijen dan keas men in trijestimmich stik, en wie men allinne dan naem men de lút of een gamba-liere en song mei lieding dêrfan in stik. Men song om to sjongen en siet, net lyk as wij, elkoar oan to sjen en to eameljen fan: ‘hwat sille wij nou ris sjonge’. It greate forskil fan doe en nou is, dat wij sjonge om't wij in bipaeld stik moai fine; sinnicht it ús net dan hâlde wy ús stil; yn dy âlde tiid musisearre men om't men nocht oan it musisearjen hie, it wie in libbensdrift jin to uterjen op dy wize; en dan kaem it der net op oan hwat men song of spile, en ek net hoe't it gie, sadat as fansels de frijmoedigens kaem om sa to dwaen. Wie der in sangstim net biset, wolnou der wiene ynstruminten en de ûntbrekkende stim waerd fan in discant-, alt-. tenoar- of basynstrumint spile. In spinet of clavichord spile dan ek allinne mei op de menear fan in blaes- of strykynstrumint; men koe yn dy tiid noch gjin ‘pianoliedingen’. Ek bij in foltallich tal sjongstimmen spilen de ynstruminten mei; net selstânnich mar hja fordûbelen de sjongstimmen ienfâldich. Men hie muzyk dêr't op stie ‘te zingen en te spelen’; dat tsjut op dizze útfieringstechnyk. Ek de ynstruminten spilen de stikken wol allinne en men hearde dan in discant-, in alt-, in tenoar- en is basfioele, of in discant-, alt-, tenoar- en basfloite
b.g., mar ek de ynstruminten trochelkoar mingd nei't men spilers hie; lykwols de muzyk wie sa skreaun, dat der in foltallich stel stimmen nedich wie.
| |
| |
Hjir folget in úttreksel fan in inventarisaesje yn 1618; ynstruminten: clavecymbel, 3 luten, 5 cithers, in lyts fioeltsje (clopschen; kin wol in dounsmastersfioeltsje west hawwe, dat men yn 'e bûse meinimme koe), 1 mandoline, ‘een accoord duitsche piepen met silver beslagen, in een custodie’ (d.i. een discant-, alt-, tenoar- en basfluit yn in koker), 1 clavechordium; muzykboeken: fan Vredeman de Vries, Girolamo Diruta, Sebaldus Heyden, Adam Barbat, Antonio Mortaro, Eucharius Hoffmann en Joachim van den Hove (oargel-, sjong- en ynstrumentale muzyk mei inkelde learboeken) mei noch forskate printe en skreaune tablatuerboeken ‘van duones tot 8 parthien toe’; geastlike en profane lieten, dounsmuzyk, psalmen fan Claude Le Jeune en J.P. Sweelinck, wurken fan J. Tollius, Philippus de Monte, Horazio Vecchio en oare bikende komponisten út 'e 2e helt fan 'e 16e ieu.
Wy kinne út dizze inventaris - dy't net allinne stiet - konkludearje, dat de húsmuzyk yn it Fryslân fan doedestiids bloeide en bynammen by de ieuwiksel op in hichte stie dy't yn 'e rin fan 'e 17e ieu geandewei sakket. Muzykynstruminten en muzyk wize der op, dat men hjir to dwaen hat mei in lid fan in Collegium musicorum. It sil it muzykselskip west hawwe, dat ûnder lieding fan Jacques Vredeman de Vries yn de lêste jierren fan 'e 16e ieu to Ljouwert bistie.
It is yn dizze tiid muzyk hwat de klok slacht, yn 'e tsjerken, yn 'e tuorren en op 'e tuorren en yn 'e huzen fan 'e boargers, wylst ek reizgjende muzikanten harres der oan ta dien hawwe; mar boppeal binne it muzikale lûden fan in folk dat fielde foar libbensutering yn dizze foarm.
|
|